Dinosauriërs
Dinosauriërs (inkeltal: dinosaurus; Latyn: Dinosauria) binne in diergroep binnen de archosauriërs, dy't út it Mesozoïkum stamt.
De âldste fynsten fan dinosauriërs binne 230 miljoen jier âld, it Trias tiidrek wêryn't de dinosaurus opkomt. Yn it dêropfolgjende Jura en Kryt binne de dinosauriërs de machtichste lândieren, wierskynlik binne it de grutste bisten dy't der ea west ha. Tûzenen soarten, fleisiters en planteïters, ûntjoegen har ta ferskate foarmen, mei troch evolúsje. Oan de ein fan it Kryt, 65 miljoen jier lyn, stoaren de measte dinosauriërs út, faaks troch in meteoryt dy't doe op de ierde delfoel. Fûgels binne noch libjende dinosauriërs.
Yn de paleontology ûndersykje wittenskippers de fossilen. Dêrfoar wurde ferstienne bonken en hûd- of weefselôfdrukken dy't troch spoaren yn fossilen oerlevere binne, lykas foetprinten en aaien. Resten fan dinosauriërs binne op alle kontininten op de wrâld fûn, sa ek op Antarktika, dêr't ek dinosauriërs libben yn de tiid dat al it lân fan de wrâld ferienige wie yn it superkontinint Pangea.
Sûnt 1810 wurde de útstoarne dinosauriërs wittenskiplik beskreaun en de groep krige yn 1842 syn namme. Tusken 1870 en 1925 waarden in soad dinosaurusfossilen ûntdutsen, fral yn Noard-Amearika. Dêrnei wie der wat minder omtinken mar sûnt 1968 is der hieltyd mear ûndersyk, wêrtroch nije soarten ûntdutsen binne en mear klearrichheid oer harren sibskip, bou, stofwikseling, fermogen ta sosjale ynteraksje.
Skiednis
bewurkje seksjeYn it Trias, likernôch 250 oant 210 miljoen jier lyn, sieten alle kontininten noch oan inoar fêst yn it oerkontinint Pangea. Ut reptilen fan de groep Archosauria (dêr't krokodillen en fûgels by hearre) ûntstienen de earste dinosauriërs. Dy stammen wierskynlik ôf fan fjouwerpoatige lytse jagers. De poaten stienen rjocht ûnder it lichem ynstee fan dernêst, lykas by eardere reptilen. Letter evoluearren de twapoatige rôfdieren.
Healwei it Trias komt der in skieding tusken twa dinosaurussoarten, de Saurisia en de Ornitisia. De Saurisia libje fan it Trias oant it Kryt. It wienen allegear lândieren. De wichtichste skiften fan de Saurisia binne Teropoda en Saudopodomorfa. As skaaimerk fan de Saurisia wurdt de bekkenopbou neamd, dy't by de Saurisia in trijepuntich wie. Dêrby is de skambonke nei foaren rjochte, lykas wenst is by reptilen. De Ornitisia libbe yn it lette Trias oant it lette Kryt. Dat wienen plante-itende lândieren. Hja hienen in bekken mei fjouwerpuntich bekken, wêrfan in útsteksel de skambonke nei foaren rjochte is, mar fierders is de skambonke nei efter rjochte. Neffens de yndieling hearre de fûgels by de Ornitisia, sa kin it wêze dat dy groep hjoed de dei noch bestiet. De skieding tusken de Sauropodomorfa en Terapoda hat wierskynlik yn it lette Trias plakfûn. Yn it Jura, 210 oant 240 miljoen jier lyn, begûn Pangea útinoar te skowen wêrtroch de kontininten ûntstiene. Oer lânbrêgen koenen de dinosauriërs noch in skoftlang fan it iene nei it oare kontinint. Yn it Kryt, 140 oant 65 miljoen jier lyn, wienen de kontininten fan inoar skieden. Súd-Amearika waard isolearre, sadat dêr folslein nije, opmerklike soarten ûntstien, de Giganotosaurus bygelyks, in teropoda dy't noch grutter wie as de romrofte Tyrannosaurus út Noard-Amearika en de Argentinosaurus, in tige grutte Sauropode. Itselde barde yn Afrika en Yndia (doe noch in kontinint). Ek yn Sina ûntjoech in oare fauna as yn Noard-Amearika, hoewol't dêr wol lânbrêgen wiene. It is min te roaien hoefolle dinosaurussoarten der west ha, útsein de tsientûzenen fûgelsoarten, wurdt der oer tûzenen en tsientûzen praat. Oan de ein fan it Kryt moatte der sa'n hûnderten soarten west ha.
Lichem
bewurkje seksjeIt bonkerak
bewurkje seksjeIt bonkerak fan de dinosaurus hat fansels de skaaimerken fan de gruttere groep dêr't de Dinosauria by hearre; dy fan de alderearste dinosaurus sil net folle oars west ha as fan syn sibben by de Dinosauriformes. Lettere soarten toane harren eigen, soms tige ekstreme, spesjalisaasjes. Dêrom kin gjin inkeld spespjaal skaaimerk fan de dinosauriërs neamd wurde dy't foar de hiele groep fan tapassing is. It is wol mooglik om rûchwei oan te jaan hokker eigenskippen relevant binne dy't dinosauriërs fan harren stamâlden oernaam ha en hoe't dy gearhingje mei belangrike feroaringen yn lettere groepen. By it bonkerak wurdt der ornaris in ferskil makke tusken de plasse en de dielen efter de plasse.
Waarmbloedich
bewurkje seksjeEartiids waard oannaam dat dinosauriërs kâldbloedich wiene lykas oare libbene reptilen. Troch de oanwêzigens fan dinosauriërs yn kâlde gebieten, Antarktika bygelyks, en dat fûgels fan dinosauriërs ôfstamme, binne der arguminten om fêst te stellen dat dinosauriërs waarmbloedich wienen. Neffens de bonkestruktuer hienen guon dinosauriërs in aktyf libben, benammen de Teropoda. It foardiel fan waarmbloedich is dat it dier dan op elk momint fan de dei aktyf wêze kin. Hagedissen moatte yn de sinne om it bloed op te waarmjen en dêrtroch binne se allinnich middeis aktyf. It neidiel fan waarmbloedigens is it grutte enerzjyferbrûk om de lichemstemperatuer yn stân te hâlden. It kin wol faker aktyf wêze as kâldbloedige dieren, mar hat dêrfoar ek mear iten nedich. Fan dinosauriërs dy't oan de fûgels besibbe binne kin mei wissichheid fêststeld wurde dat se waarmbloedich binne. Fûgels hawwe in frij hege lichemstemperatuer, sa om de 41 C° en soms sels noch heger. Dêrby wurdt de konstante lichemstemperatuer sawol neutraal en hormonaal hiel krekt hifke en regele. Troch de bloedstream yn de hûd en ferdamping oer de longen kin it syn waarmte maklik kwyt en kin deselde waarmte hâlde. Ek as de fûgel net aktyf is bliuwt de selstofwikseling konstant heech, sadat der in soad enerzjy ferbrûkt wurdt, ek at de fûgel syn waarmte kwyt moat. Dat systeem wurdt tachumetobolisme neamd, en is enerzjy fergriemend omdat der fiif oant tsien kear mear enerzjy ferbrûkt wurdt as by kâldbloedigen. Fanwege de grutte fan de dinosauriërs brûkten se in oar systeem, massa-endotermy of gigantotermy, wêrby't it lichem de waarmte fêsthâld. Yn it waarme klimaat fan it Mesozoïkum hie de dinosaurus net folle lêst fan it ôfkuoljen.
Ferstjerren
bewurkje seksjeIt stiet fêst dat de dinosauriërs yn sa ynienen fuort wiene as diersoarte. Dat moat yn de oergongsrite fan it Kryt en it Tertsjêr west ha (65 oant 2 miljoen jier lyn). De teory dy't foar master opslacht is in meteorytynslach by Meksiko (de saneamde Chicxulub krater). Dêrtroch ûntstie in grutte stofwolk dy't it klimaat ferheftich feroare. De sinne skynde in jiermannich net mear omdat de sinnestrielen net troch de wolken kamen. De measte libbene skepsels binne doe troch de kjeld dearekke. It bewiis dêrfoar is in laach iridium dy't men by grûnûndersyk op de Kryt-Tetsjêrgrins fine kin. Op ierde is der net folle iridium, yn de rest fan ús sinnestelsel komt it folle mear foar. Guon fan de lytse bisten, lykas ynsekten en sûchdieren (en in part fan de fûgels) oerlibbe de ramp wol, wêrtroch sy de mooglikheid krigen om har fierder te ûntwikkeljen.
De teory fan de meteorytynslach is oer it generaal wol akseptearre, mar net alle paleontologen binne it iens oer de oarsaak fan it hookstrooks ferstjerren fan de dinosauriërs (en ferskate oare groepen, lykas de Ammoniten en de Pterosauria). In protte wittenskippers tinke oan in meteorytynslach, wylst oaren tinke dat it massaal ferstjerren fan de dinosauriërs al plakfûn hie foar de meteorytynslach. Sy binne fan betinken dat de klimaatferoaring, bygelyks de oanboazjende fulkanyske aktiviteit, de meast wierskynlike oarsaak is. In tredde mooglikheid is dat beide faktoaren in rol spile ha, nêst de meteorytynslach wie der de feroaring fan it ekosysteem yn in pear miljoen jier dêrfoar.
Sûnt healwei de njoggentiger jierren is der by de paleontologen de teory dat de fûgels ôfstamme fan de dinosauriërs. As dat ek sa is, dan binne de dinosauriërs net útstoarn. Boppedat binne der likernôch twa kear safolle fûgels as sûchdieren.
Taksonomy
bewurkje seksje- Haadyndieling
- Saurisia -
- ?Herrerasauridae
- Teropoda - fleisiters
- Incertae sedis: Dilophosaurus, ?Saltopus
- Coelophysoidea (Coelophysis, "Syntarsus", Procompsognathus)
- Ceratosauria (Ceratosaurus)
- Tetanurae (e.g., Piatnitskysaurus)
- Spinosauroidea (e.g. Spinosaurus, Megalosaurus, Baryonyx)
- Carnosauria (e.g. Xuanhanosaurus, Acrocanthosaurus)
- Sinraptoridae (e.g. Metricanthosaurus, Sinraptor)
- Allosauridae (e.g. Allosaurus)
- Coelurosauria (e.g. Coelurus, Ornitholestes, Compsognathus, Sinosauropteryx)
- Tyrannosauroidea (e.g. Aviatyrannis, Dryptosaurus)
- Ornithomimosauria (e.g. Ornithomimus, Struthiomimus, Gallimimus, Deinocheirus)
- Alvarezsauridae (e.g. Mononykus, Shuvuuia)
- Segnosauria (e.g. Segnosaurus)
- Therizinosauridae (e.g. Therizinosaurus)
- Oviraptorosauria (e.g. Caudipteryx)
- Oviraptoridae (e.g. Oviraptor, Khaan)
- Deinonychosauria (e.g. Variraptor, Microraptor, Sinornithosaurus)
- Troodontidae (e.g. Troodon (=Stenonychosaurus), Saurornithoides)
- Dromaeosauridae (e.g. Utahraptor)
- Aves (fûgels)
- Sauropodomorfa - planteïters mei lange nekke
Keppeling om utens
bewurkje seksje- dinosaurus.net Ingelsk
- dinodata.org Ingelsk