Skipswrak
In skipswrak is it oerskot fan in sonken skip dat net langer brûkt wurde kin. Skipswrakken lizze betiden by de kust lâns, en lizze meastentiids ûnder wetter.
Archeology
bewurkje seksjeArcheologen stelle fan harren berop út belang yn skipswrakken. Dy tûke fan de archeology wurdt ûnderwetterarcheology of maritime archeology neamd. Yn 'e lêste fyftich jier hawwe oeral op de wrâld maritym-archeologyske opgravings west, dêr't guon fan bergings wienen mei tige spektakulêre fynsten, bygelyks de Vasa yn Stokholm en fan de Mary Rose yn Portsmouth.
Sport
bewurkje seksjeSkipswrakken dy't ûnder wetter lizze, op de boaiem fan de see of fan de oseaan, lûke fisken oan. Dêrom sykje sportfiskers soms spesjaal wrakken op om te fiskjen. Troch dûkers wurdt sawol nei skipswrakken dûkt as leafhawwerij of om guod te finen. Dat is net sûnder gefaar en dûkers hawwe de nedige kennis en ûnderfining nedich.
Bekende skipswrakken en wrakfynsten
bewurkje seksjeModerne
bewurkje seksje- RMS Titanic
- SS Andrea Doria
- RMS Empress of Ireland
- RMS Lusitania
- Persia
- Bismarck
- Yamato
- Pallas
- SS American Star
- Pamir
- Umbria
Midsiuwen en iere Nije tiid
bewurkje seksje- Vizcaína - ien fan de skippen fan Kristoffel Kolumbus, dat yn 1503 sonk en yn 2004 wer fûn waard
- Skipsbarrikade fan Skuldelev.
- Mary Rose - sonken yn de tiid fan Hendrik VIII yn de haven fan Portsmouth, tsjintwurdich in museum.
- Vasa - oarlochsskip sonken yn de haven fan Stokholm.
- Ralswiek-boat.
- Akerendam - FEK-skip, yn 1725 sonken by it Noarske eilân Runde.
- Kvalsund-boat - boat út de tiid fan de Wytsingen, fûn op it Noarske eilân Nerlandsøya.
- Nuestra Señora de Atocha - Spaansk galjoen, yn 1622 foar de kust fan Florida sonken en yn 1985 burgen. Yn de skipslading is de grutste goudskat fan in skipswrak ea fûn.
- Nuestra Señora de la Concepción (1638), Spaansk galjoen ûnderweis op de Manilla-rûte, yn septimber 1638 foar Saipan sonken en yn 1987 burgen.
Romeinske tiid
bewurkje seksjeBrûns- en Izertiid
bewurkje seksje- Skipswrak fan Kyrenia, Syprus
- Skip fan Uluburun, Turkije.
- Wrak fan Madia
- Dover-boat
- North Ferriby-boat, Humber
- Hjortspring (ek neiboud)
Stientiid
bewurkje seksje- Beamstamboat fan Damme, Nedersaksen
- Beamstamboat fan Pesse, Mesolitikum
- Beamstamboat by Hardinksfjild, Mesolitikum.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Skipwrak-feitebank mei mear as 65.000 wrakken Ingelsk
- Wikiwurdboek-side - skipswrak