Kano fan Pesse
De kano fan Pesse[1] (of boat fan Pesse) is foar safier bekend de âldste ûntdutsen boat fan de wrâld. C14-datearring hat sjen litten dat de beamstamkano tusken 8200 en 7600 f.Kr., dat yn it mesolitikum, makke is.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe ôfmjittingen fan it boatsje binne 298 sm × 44 sm.[2] It hout fan de boat is fan in dinnebeam (Pinus sylvestris). Mei help fan in bile fan fjoerstien of hartshoarn waard de beam omkappe en de stam útholle. De kano is sa lang bewarre bleaun meidat er yn in rivierdelling mei soere feanige boaiem sakke wie.
Skiednis
bewurkje seksjeDe boat kaam oan it ljocht yn 1955 by de oanlis fan autowei A28. It trasee rint krekt besuden it doarp Pesse yn de gemeente Hoogeveen troch in earder feangebiet, it Blikkenveen. Foar de oanlis fan it dykbêd moast it fean fuorthelle wurde en doe seach in kraanmasinist in beamstam sa'n twa meter ûnder it maaifjild. Boer Hendrik Wanders murk de 'beamstam' op en naam him mei foar fierdere ynspeksje. Hy joech de boat oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't er ûndersocht en konservearre waard. Letter waard de kano opnaam yn de kolleksje fan it Drintsk Museum.
Krityk
bewurkje seksjeIn Deenske saakkundige op besite frege him ôf oft it boatsje wier farre koe. In amateurargeolooch suggerearre dat it net om in boat gie, mar om in trôge of sels in blombak út de brûnstiid of izertiid. Yn 2001 waard in replika fan de kano boud troch archeolooch Jaap Beuker en die bliken dat in kanofarder der goed mei út de fuotten koe.[3] It boatsje waard doopt troch twa pakesizzers fan Wanders. De replika leit yn it museum fan Hoogeveen dat yn de bibleteek fêstige is.
De boat is wat konstruksje oanbelanget ek te fergelykjen mei prehistoaryske kano's dy't yn oare lannen fûn binne.
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- Archeoforum, De Boot van Pesse de "varkenstrogcontroverse" en in ferslach oer de farkwaliteiten fan de boat fan Pesse.
- De boot van Pesse
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|