Promoasje (rang)
Promoasje (fan it Frânske promotion, dat letterlik "foarútbeweging" betsjut) of befoardering is it omheech gean fan 'e rang of posysje fan immen yn in organisaasje mei in hierargysk systeem. Dêrby kin it gean om in gewoan bedriuw, mar ek om bgl. de kriichsmacht, de plysje en de brânwacht, dêr't jins rang foar eltsenien yn prinsipe ôf te lêzen is oan jins unifoarm. Promoasje kin in beleanning wêze foar goed prestaasjes út it resinte ferline. Foarôfgeande oan 'e promoasje wurdt faak yngeand nei it funksjonearjen fan 'e oangeande persoan yn 'e organisaasje sjoen, om der wis fan te wêzen dat hy of sy de bykommende ferantwurdlikheden dy't mank geane mei in hegere rang of posysje wol oan kin. Sa'n evaluaasje bestiet foar in part út funksjonearringspetearen en foar in part út it jaan fan byskoalling of ekstra training ûnder it wurk. Mei in promoasje geane ornaris ek oare foardielen mank, lykas in heger salaris en in grutter prestiizje. Dêr stiet foaroer dat jins relaasje mei jins kollega's faak sterk feroaret. It tsjinstelde fan in promoasje is in degradaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |