Leafde op it earste gesicht

Leafde op it earste gesicht is in foarm fan leafde wêrby't men fuortendaliks smoarfereale rekket op in frjemd as men mei dy persoan yn 'e kunde komt, en wêrby't de ferealens him neitiid ûntjout ta in duorjende romantyske oantrekking ta dy persoan. It is in plotûntwikkeling dy't yn 'e Westerske fiksje in hiel protte brûkt wurdt. Leafde op it earste gesicht is in idee dat weromgiet op 'e Grykske Aldheid, dêr't it sjoen waard as in foarm fan in algemiener type hertstochtlike leafde, in soarte fan sljochtsinnigens, dy't de Griken theia mania ("gekte fan 'e goaden") neamden. Dy hommels de kop opstekkende hertstochtlike leafde waard troch de Griken yn metafoaryske en mytologyske termen ferklearre as it rekke wurden troch de 'pylken fan 'e leafde', dy't ôfsketten wurde soene troch de godheid Earos of Kupido.

Bekende foarbylden fan leafde op it earste gesicht út 'e wrâldliteratuer en oare skiene keunsten binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.