Star Wars: Episode IV – A New Hope

(Trochferwiisd fan Star Wars (film))

Star Wars: Episode IV – A New Hope, oarspronklik útbrocht ûnder de titel Star Wars, is in Amerikaanske science fiction-film mei fantasy- en aksjefilmeleminten út 1977. It is it earste diel fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, de Skywalker Saga-filmsearje en de hiele Star Wars-mediafranchise. De film waard skreaun en regissearre troch George Lucas. De haadrollen waarden spile troch de doe noch folslein ûnbekende akteurs Mark Hamill, Carrie Fisher en Harrison Ford. De titel betsjut "Stjerre-oarloggen: Oflevering IV – In Nije Hoop".

Star Wars:
Episode IV – A New Hope
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Lucas
produsint Gary Kurtz
senario George Lucas
kamerarezjy Gilbert Taylor
muzyk John Williams
filmstudio Lucasfilm
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Mark Hamill
Carrie Fisher
Harrison Ford
byrollen Alec Guinness
David Prowse
James Earl Jones
Peter Mayhew
Anthony Daniels
Kenny Baker
Peter Cushing
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 25 maaie 1977
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-film
taal Ingelsk (ek guon optochte talen)
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $11 miljoen
opbringst $775,8 miljoen
prizen 7 × Oscar
1 × Golden Globe
2 × BAFTA
13 × Saturn Award
filmsearje
filmsearje Skywalker Saga
● folgjend diel Star Wars: Episode V – The
   Empire Strikes Back

De plot folget de jonge Luke Skywalker, dy't fia de androïden R2-D2 en C-3PO yn 'e kunde komt mei de âlde Jedi-master Obi-Wan Kenobi. Dyselde leart him om de Krêft te manipulearjen, in enerzjyfjild dat talintearre brûkers skynber boppenatuerlike fermogens jaan kin. Luke slút freonskip mei de smokkelder Han Solo en syn Wookiee-ko-piloat Chewbacca en rekket behelle yn 'e opstân fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk. Mei-inoar befrije se de rebelske prinsesse Leia, dy't finzen nommen is troch Darth Vader, de wichtichste trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine, en leverje se de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen, ôf by de rebellen. Neitiid nimt Luke diel oan in oanfal op 'e Deadsstjer om dy te ferneatigjen.

Doe't Star Wars: Episode IV – A New Hope nei in turbulint produksjeproduksje útbrocht waard, krige er fan 'e filmkritisy fan alle kanten lof taswaaid. Yn 'e bioskopen woeks de film út ta in reuseftich súkses. It wie feitliks de meast opbringende film fan 1977 en teffens de meast opbringende film aller tiden. Star Wars: Episode IV – A New Hope wûn 7 Oscars, in Golden Globe, 2 BAFTA's en 13 Saturn Awards. Yn 1989 wie it ien fan 'e earste 25 films dy't omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen waarden yn it National Film Registry. Star Wars: Episode IV – A New Hope wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films út 'e filmskiednis. In folgjend diel út 'e Skywalker Saga, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, kaam út yn 1980.

Titel bewurkje seksje

De film waard yn 1977 oarspronklik útbrocht ûnder de titel Star Wars, mei't doe noch net dúdlik wie oft it in súkses wurde soe of net, en dus oft der ferfolchfilms makke wurde kinne soene of net. Doe't er yn 1981 op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht waard, wie dêr gjin inkele twifel mear oer mooglik. Om 'e film better te ûnderskieden fan 'e ferfolchfilms (wêrfan't Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back doe al útkommen wie), waarden doe mei weromwurkjende krêft de nûmering (Episode IV) en de ûndertitel (A New Hope) tafoege. Hoewol't guon puristen der op steane om 'e film noch altyd koartwei Star Wars te neamen, bestiet der oer it algemien in konsensus dat de tafoegings út 1981 in ferbettering ynhâlde dy't betizing foarkomt.

Plot bewurkje seksje

Lang ferlyn, yn in Stjerrestelsel fier, fier fuort is in opstân geande tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk. De opstannelingen, feriene yn it Rebelleferbûn, hawwe mei grut ferlies oan libbens de blaudrukken witten te stellen fan 'e Deadsstjer, in reuseftich nij romtestasjon anneks massaferneatigingswapen fan it Keizerryk, dat mei syn superlaserkanon hiele planeten ferneatigje kin. Prinsesse Leia Organa, in lid fan 'e Keizerlike Senaat dy't temûk ek ien fan 'e lieders fan it Rebelleferbûn is, hat de blaudrukken taspile krigen en reizget yn har romteskip halje-trawalje werom nei har thúswrâld Alderaan om se dêr troch te jaan.

 
De planeet Tatooine.

It romteskip, in korvet mei de namme Tantive IV dy't ûnder befel stiet fan kaptein Raymus Antilles, wurdt lykwols by de planeet Tatooine ûnderskept troch in Keizerlik stjerreslachskip mei oan board de ûnmeilydsume Sith-hear Darth Vader, de neiste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Wylst Keizerlike stoarmtroepers de Tantive IV interje en handich ôfweve mei de soldaten fan 'e Alderaanske Konsulêre Wacht dy't it skip ferdigenje, ferberget prinsesse Leia de blaudrukken yn it ûnthâld fan 'e astromeganisiên-androïde R2-D2. Nei't de prinsesse troch de stoarmtroepers finzen nommen is, ûntkomt R2-D2 mei de protokolandroïde C-3PO yn in rêdingskapsule nei it oerflak fan Tatooine.

De beide androïden bedarje yn 'e woastyn, dêr't it meastepart fan Tatooine mei oerdutsen is. Unienichheid oer de rjochting dy't se út moatte, driuwt harren útinoar, mar se wurde allebeide fongen troch Jawa's, de leden fan in pygmeesk ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine. De Jawa's binne rommelsikers en nifelders, dy't ôftanke en stikken rekke masinery gearfandelje en opknappe wylst se yn harren ûnbidich grutte en tige feilige, mar ek hiel traach fuortbewegende sânkrûper troch de woastyn swalkje. De Jawa's ferkeapje de beide androïden oan in pleatslike fochtboer, Owen Lars. Dyselde draacht se oer oan syn omkesizzer en pleechsoan, de njoggentjinjierrige Luke Skywalker, om se nei te sjen en oan it wurk te setten.

Luke is ûngelokkich op 'e pleats fan syn omke Owen en muoike Beru. Net dat er mishannele of op hokfoar manear dan ek misjegene wurdt, mar syn omke besiket fan him in boer te meitsjen, en dat sit gewoan net yn him. Luke bringt syn frije tiid dan ek troch mei it dreamen fan gruttere en bettere dingen. Oer syn âlden wit er suver neat, útsein dat se koart nei syn berte ferstoarn binne. Eltse kear as er dat ûnderwerp oansnije wol, leit omke Owen dêr op besliste wize it near op. As Luke R2-D2 oant it himmeljen is fan alle sân en smoargens dy't de androïde by syn tocht troch de woastyn skipe hat, ûntdekt er in holografyske opname fan prinsesse Leia, dy't help freget oan in Obi-Wan Kenobi. Luke hat dy namme noch nea heard, mar hy ken wol in Ben Kenobi, in âldman dy't as klúzner foarby it begjin fan 'e Dunesee omhúsmannet en troch de pleatslike befolking as net alhiel geastlik ynoarder beskôge wurdt. R2-D2 hâldt út dat hy it eigendom is fan Obi-Wan Kenobi.

As Luke nei it jûnsmiel werom komt, docht bliken dat R2-D2 poater is. De lytse androïde is der blykber op eigen manneboet op útgien om Obi-Wan Kenobi te sykjen. Hy hat gâns in foarsprong en is nearne te bekennen, en nei tsjuster is it te gefaarlik om him efternei. Luke, dy't by it himmeljen de twangklam fan R2-D2 ferwidere en dêrmei it útnaaien mooglik makke hat, beslút neat tsjin syn omke en muoike te sizzen, om't er wol foar it ferstân hat dat der wat swaaie sil as omke Owen dit heart. Ynstee giet er der de oare moarns betiid ôf en set mei C-3PO yn syn lânglider ôf om R2-D2 werom te heljen foar't omke Owen troch hat dat der wat mis is. Hy wurdt lykwols opmurken troch guon Tusken-kapers, leden fan in notoir ksenofobysk ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Tatooine, dy't him op harren bantha's, mânske ryddieren, efternei sette.

 
In Tusken-kaper.

Krekt as Luke R2-D2 weromfûn hat, wurdt er oanfallen troch de Tusken-kapers, dy't him bewusteleas slane. Hy en de beide androïden wurde lykwols rêden troch Ben Kenobi, dy't de skrikfallige wêzens op 'e flecht jaget troch de pearrop fan in kraytdraak nei te bearen. As Luke út 'e doeken docht wat er yn 'e woastyn te sykjen hat, fertelt Ben Kenobi dat hy de Obi-Wan Kenobi is, dy't R2-D2 siket. Obi-Wan is syn wiere namme, mar ien dy't er al mear as tweintich jier net brûkt hat.

Obi-Wan nimt Luke en androïden mei nei syn wente, dêr't se feilich binne foar de Tusken-kapers. R2-D2 jout dan oan Obi-Wan it boadskip fan prinsesse Leia priis, dat er foar Luke net fierder ôfspylje woe. It docht bliken dat de holografyske bylden dy't Luke sjoen hat, mar in lyts stikje beslane fan in langere opname. Dêryn sprekt Leia Obi-Wan oan as "generaal Kenobi", en makket se der gewach fan dat har heit mei him yn 'e Kloane-oarloggen fochten hat. Se smeekt him om derfoar te soargjen dat de blaudrukken fan 'e Deadsstjer har thúswrâld Alderaan berikke, dêr't har heit se yn ûntfangst nimme sil. Se kinne dan analysearre wurde op swakten yn it ûntwerp dêr't de rebellen gebrûk fan meitsje kinne om mei de Deadsstjer ôf te weven. Leia beëiniget har boadskip mei it sizzen dat Obi-Wan de iennichste hoop fan it Rebelleferbûn is.

Obi-Wan leit oan Luke út dat er foarhinne in Jedi-ridder wie, ien fan 'e bewarders fan 'e frede yn 'e âlde Galaktyske Republyk, foar't de republyk ûnder fuotten helle waard en de Jedi frijwol útrûge waarden. De Jedi meitsje gebrûk fan in mystike mar apersonele krêft, dy't bekend stiet as "de Krêft" en dy't troch Obi-Wan omskreaun wurdt as "in enerzjyfjild skepen troch alle libbene wêzens […, dat] it Stjerrestelsel gearbynt." Troch training en meditaasje kinne dyjingen dy't "sterk yn 'e Krêft" binne, fermogens bemachtigje dy't boppenatuerlik lykje, wêrûnder telekineze, telepaty, foarkennis en de manipulaasje fan fysike enerzjy. Obi-Wan fertelt Luke dat er syn heit, Anakin Skywalker, goed kennen hat, mei't dat ek in Jedi-ridder wie. As Luke freget wat der mei him bard is, antwurdet Obi-Wan dat er fermoarde is troch Darth Vader, in learling fan Obi-Wan dy't himsels ferliede liet troch de tsjustere kant fan 'e Krêft. Obi-Wan besiket Luke oer te heljen om mei him te gean nei Alderaan en jout him syn heite ljochtsabel, it wapen dêr't de Jedi harren mei ûnderskiede. Luke antwurdet lykwols dat er ferantwurdlikheden op syn omke' pleats hat dêr't er him net samar foar weiwine kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underweis werom nei hûs stjitte Luke, Obi-Wan en de beide androïden op in útbaarnde sânkrûper, en dêromhinne leit it besiedde mei de stoflike omskotten fan deasketten Jawa's. Luke mient earst, it is it wurk fan Tusken-kapers, mar Obi-Wan wiist derop dat dy it wapenreau net hawwe om in sânkrûper op sa'n wize te fernielen. Inkeld Keizerlike stoarmtroepers hawwe dat. Luke riddenearret út dat de stoarmtroepers omreden fan 'e stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer op 'e siik wêze moatte nei de beide androïden, en dat de Jawa's harren foar har dea grif trochwiisd hawwe nei de pleats fan syn omke en muoike. Hy hastiget him yn syn lânglider werom nei hûs, mar treft de pleats alhiel oer de kop helle oan, mei bûtendoar de ferkoalde liken fan omke Owen en muoike Beru.

No't er neat mear hat om foar te bliuwen, jout Luke him by Obi-Wan. Mei de beide androïden op sleeptou reizgje se nei de delsetting Mos Eisley, in plak dat op it dochs al wetteleaze Tatooine in strieminne reputaasje hat. Luke ferkeapet syn lânglider om oan jild te kommen foar de ôfreis fan it selskip fan 'e planeet. Yn in snústerige kroech hantsjebakt Obi-Wan mei de smokkelder Han Solo en dy syn ko-piloat Chewbacca, in Wookiee. Dyselden sitte om jild ferlegen, mei't se in lading smokkelwaar oerboard dumpt hawwe doe't se trappearre drigen te wurden; de eigner fan it guod, de pleatslike gangster Jabba de Hutt, easket no dat se de kontrabande fergoedzje. Se stimme dermei yn om Obi-Wan, Luke en de beide androïden nei Alderaan te bringen yn harren romteskip, de Millennium Falcon. It selskip ûntkomt krekt op 'e tiid fan Tatooine, mei't stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk Obi-Wan-en-dy op 'e hakken sitte.

 
De Deadsstjer.

Underwilens wurdt prinsesse Leia yn har sel yn 'e Deadsstjer op befel fan Darth Vader martele om 'e lokaasje oan 'e weet te kommen fan it haadkertier fan it Rebelleferbûn. As dat net daliks effekt sortearret, goait grut-moff Wilhuff Tarkin, de kommandant fan 'e Deadsstjer, it oer in oare boech. Hy lit it romtestasjon koers sette nei Leia har thúswrâld Alderaan. Dêr oankommen lit er har by him bringe en driget er dermei om it superlaserkanon fan 'e Deadsstjer tsjin Alderaan yn te setten. Leia jout dan einlings de lokaasje fan 'e basis fan 'e rebellen priis, dy't op Dantooine fêstige is. Tarkin fertelt har dat Dantooine fierstente ôfhandich is foar in effektive demonstraasje fan 'e macht fan 'e Deadsstjer en jout opdracht om Alderaan dochs te ferneatigjen. Underweis troch de hyperromte nei Alderaan bringt Obi-Wan oan syn nije learling Luke de basisbegjinsels fan 'e manipulaasje fan 'e Krêft by. Op in stuit merkt er "in fersteuring yn 'e Krêft", sa't er it sels neamt, dy't gearfalt mei de ferneatiging fan Alderaan.

By oankomst yn it planetestelsel fan Alderaan komt de Millennium Falcon de reële romte wer binnen yn in asteroïdefjild, dat alles is dat noch restearret fan 'e planeet. It romteskip komt te deun by de Deadsstjer yn 'e buert en rekket fêst yn 'e lûkstriel fan it stasjon ear't Obi-Wan en Han foar it ferstân krije dat it net in lytse moanne, mar in reuseftich romtestasjon is. De Millennium Falcon wurdt in hangaar fan 'e Deadsstjer binnen sleept, mar de opfarrenden witte oan finzenname te ûntkommen troch har te ferbergjen yn 'e romten dy't Han brûkt foar it ferfier fan smokkelwaar. Toch ferfalsking fan it lochboek miene de Keizerlike troepen dat de bemanning koart nei ôfreis fan Tatooine fan board gien is yn in rêdingskapsule.

Neitiid oermasterje se in pear stoarmtroepers, wa har wite wapenrissen mei gesichtsbedekkende helms Luke en Han stelle en oandogge. R2-D2 hackt it kompjûtersysteem fan 'e Deadsstjer en lokalisearret de generator fan 'e lûkstriel, dy't lykwols djip yn it romtestasjon sitewearre is. Obi-Wan, dy't de oanwêzigens fan Darth Vader gewaarwurden is, beslút dat hy de bêste kâns hat om sûnder sjoen te wurden sa djip yn it romtestasjon troch te kringen, wylst er dan tagelyk de oandacht fan Vader, dy't hìm likegoed fernimt, by de oaren wei liede kin. As Obi-Wan ôfset is, ûntdekt R2-D2 dat prinsesse Leia yn 'e Deadsstjer finzen holden wurdt. Tarkin hat ûnderwilens útfûn dat se him foar it lapke holden hat, mei't op Dantooine inkeld in al lang ferlitten rebellebasis te finen is. Dat makket him sa poer dat er daliks opdracht jûn hat ta har eksekúsje. As R2-D2 dat trochjout, bepraat Luke Han en Chewbacca om him te helpen by in rêdingsaksje.

Yn 'e momkape fan in pear stoarmtroepers dy't in finzen nommen Wookiee ôfleverje, ynfiltrearret it trijetal it selleblok dêr't Leia finzen sit. Ear't se mei har ûntkomme kinne, wurde se lykwols ynsletten. De trochtaastende prinsesse sjit it roaster boppe in ôffalbuis stikken en fjouweresom springe se dêryn. Se komme út yn in ôffalromte, dêr't se earst oanfallen wurde troch in wêzen mei tentakels dat him yn it ôffalwetter beskûl hâldt, en as dat ynienen útpykt, docht bliken dat de ôffalparse oan gien is, en driigje se platdrukt te wurden. R2-D2 wit it ding op it lêste momint út te setten, wêrnei't it fjouwertal ûntsnapt nei de hangaar dêr't de Millennium Falcon stiet. Underwilens hat Obi-Wan de lûkstrielgenerator deäktivearre, mar neitiid wurdt er opwachte troch Vader, mei wa't er ferwikkele rekket yn in duël mei de ljochtsabel. Om syn selskipslju in kâns te jaan en ûntkom, offeret Obi-Wan himsels moedwillich op en lit er him troch Vader deadzje. Mei't er dan ien wurdt mei de Krêft, bliuwt der inkeld in ljochtsabel en in leech pak klean efter.

 
In model fan 'e Millennium Falcon, it romteskip fan Han Solo.

Luke, Han, Chewbacca, prinsesse Leia, R2-D2 en C-3PO witte de Millennium Falcon te berikken en de Deadsstjer te ûntflechtsjen. Leia fynt dat de ûntsnapping wat al te maklik gie, mar Han wiuwt dat beswier fuort. Op 'e Deadsstjer wurdt út in petear tusken Vader en Tarkin lykwols dúdlik dat der in folchstjoerderke yn 'e Millennium Falcon pleatst is. Sa kin it romteskip folge wurde nei de geheime rebellebasis dêr't Leia har selskipslju hinne liedt, op 'e fjirde moanne fan 'e gasreus Yavin. Dêr draacht R2-D2 de blaudrukken fan 'e Deadsstjer oer oan 'e rebellen. By analyze troch saakkundigen wurdt fêststeld dat it romtestasjon ien swak punt hat: in termale útlaat, dy't fan it oerflak fan 'e bolfoarmige Deadsstjer streekrjocht tagong jout ta de enerzjyreäktor yn it sintrum fan it romtestasjon. As der in torpedo yn dy skacht smiten wurde kin, sil it opblazen fan 'e reäktor in keatlingreäksje feroarsaakje dy't de hiele Deadsstjer ferneatigje sil. De yngong fan 'e skacht is lykwols tige lyts en der is in presysjeskot foar nedich om him te treffen.

De Deadsstjer ferskynt yn it planetestelsel fan Yavin en bedarret krekt oan 'e tsjinstelde kant fan 'e gasreus as de moanne Yavin-IV. It sil in healoere duorje ear't de Deadsstjer de moanne om 'e kromming fan 'e planeet hinne yn it fizier krije kin. Sa lang hawwe de rebellen de tiid om it romtestasjon te ferneatigjen. Wylst Luke him by de rebellepiloaten jout dy't de oanfal útfiere sille, ynkassearje Han en Chewbacca de beleanning dy't harren tasein is as ôfbetelling foar de reis nei Alderaan en letter foar de befrijing fan prinsesse Leia. Luke besiket Han te bepraten om him ek by de rebellen te jaan, mar Han stegeret him ôf.

De ienpersoans X-wjukjagers en Y-wjukjager-bommesmiters fan 'e rebelle-ienheid fan generaal Jan Dodonna binne te lyts om effektyf tsjin te hâlden mei it ôfwargeskut fan 'e Deadsstjer, dat ûntwurpen is mei gruttere romteskippen yn gedachten. Dêrtroch slagget it de rebellen om deun genôch by de Deadsstjer te kommen. De Keizerlike troepen figelearje út wat de bedoeling fan 'e rebellen is, en Tarkin wurdt oanret om út foarsoarch de Deadsstjer te ferlitten, mei't der in lytse kâns is dat it romtestasjon ferneatige wurde sil. Dêr wol er lykwols neat fan witte. Vader set mei in stikmannich piloaten yn Keizerlike TIE-jagers út 'e hangaars fan 'e Deadsstjer ôf om 'e rebellen tsjin te kearen. Eltse kear as de rebellen deunby in presysjeskot komme, ferneatiget Vader harren tastellen.

Nei't de rebellen swiere ferliezen lit hawwe, en wylst de Deadsstjer Yavin-IV yn it each kriget en risselwearret om 'e moanne te ferneatigjen, beslút Luke it te prebearjen. Hy hat der wol fertrouwen yn, mei't er op Tatooine op likernôch deselde manear út 'e loft wei jacht makke hat op womp-rotten. Vader sjit ien fan Luke syn beide begelieders, Biggs Darklighter, oan grom, wylst de oare, Wedge Antilles, mei averij ôfswaaie moat. As Vader Luke yn it fizier nimt, wurdt er lykwols sels ûnferhoeds fan efteren oanfallen troch Han en Chewbacca yn 'e Millennium Falcon. Dyselden weve handich mei Vader syn begelieders ôf, wylst Vader syn TIE-jager ûnbestjoerber rekket, sadat er fuortsaait, de romte yn. Luke heart de stim fan Obi-Wan, dy't him oanfiteret om net op 'e kompjûter fan syn romteskip, mar op 'e Krêft te fertrouwen. Luke jout dêr gehoar oan en syn beide torpedo's falle persiis yn it gat fan 'e útlaat. Wylst Luke en oare oerlibjende rebellen ûntkomme, makket in ûnbidige eksploazje efter harren in ein oan 'e Deadsstjer, krekt op 'e tiid foar't it romtestasjon op 'e moanne Yavin-IV sketten hawwe soe. Neitiid fiere de rebellen op Yavin-IV de oerwinning mei in seremoanje wêrby't prinsesse Leia medaljes útrikt oan Luke en Han.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Mark Hamill yn 2019.
 
Carrie Fisher yn 2013.
 
Harrison Ford yn 2017.
 
James Earl Jones yn 2006.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                          
Luke Skywalker Mark Hamill
prinsesse Leia Organa Carrie Fisher
Han Solo Harrison Ford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Obi-Wan Kenobi sir Alec Guinness
Darth Vader David Prowse (fysyk) en James Earl Jones (stim)
Chewbacca Peter Mayhew
C-3PO Anthony Daniels
R2-D2 Kenny Baker
grut-moff Wilhuff Tarkin Peter Cushing
omke Owen Lars Phil Brown
muoike Beru Lars Shelagh Fraser
haadman fan 'e Jawa's Jack Purvis
generaal Jan Dodonna (mei burd) Alex McGrindle
generaal Vanden Willard Eddie Byrne
Wedge Antilles (Read Twa) Denis Lawson
Biggs Darklighter (Read Trije) Garrick Hagon
Greedo (bûtenierdske preemjejager) Paul Blake
Garven Dreis (Read Lieder) Drewe Henley
John "O" (Read Fjouwer) Jack Klaff
Jek Tono Porkins (Read Seis) William Hootkins
Jon Vander (Goud Lieder) Angus McInnis
Goud Twa Jeremy Sinden
Goud Fiif Graham Ashley
generaal Cassio Tagge Don Henderson
generaal Moradmin Bast Leslie Schofield
admiraal Motti Richard LeParmentier
dr. Evazan Alfie Curtis
kaptein Raymus Antilles Peter Geddis
Wulff Yularen (Keizerlik ofsier) Robert Clarke
Siward Cass (Keizerlik ofsier) Patrick Jordan

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Foarskiednis bewurkje seksje

De Amerikaanske regisseur George Lucas wie fan bern ôf oan al in grut fan fan epyske opsette science fiction-films wêryn't fantasy-eleminten yn it ferhaal fermongen wiene. Benammen de searjefilm Flash Gordon, út 1936, spriek him bot oan. Yn 2013 seid er dêroer yn in fraachpetear: "Ik hold yn 't bysûnder fan 'e searjefilms oer Flash Gordon […] Fansels hie ik wol foar it ferstân hoe primityf en min makke oft dy wiene [… Mar] dat ik dêr sa fan hold wylst se sa freeslik wiene, makke dat ik my begûn ôf te freegjen wat der barre soe as se hiel goed makke waarden."

Sadwaande risselwearre Lucas yn 1971, nei't er syn earste langspylfilm, THX 1138, makke hie, om 'e filmrjochten op Flash Gordon te keapjen. It ferhaal wie wol te bemachtigjen, mar de rjochten op it gebrûk fan 'e personaazjes wiene al yn it besit fan 'e Italjaanske filmprodusint Dino De Laurentiis, dy't se net ferkeapje woe. Mei't Lucas alles of neat woe, betsjutte dat dat er ôfsjen moast fan in remake fan Flash Gordon. Hy besleat werom te gean nei de basis en te sjen wêr't de betinker fan Flash Gordon, Alex Raymond, syn ynspiraasje wei hie. Sa ûntdiek er dat Flash Gordon loskes basearre wie op 'e Barzoom-romansearje fan Edgar Rice Burroughs (fral bekend wurden as de geastlike heit fan Tarzan) oer de aventoeren fan 'e Ierdling John Carter op Mars (dat yn 'e boeken in bewenne planeet is). Dêrnei kaam er derefter dat Burroughs him wer ynspirearje litten hie troch de roman Gulliver on Mars, fan Edwin Lester Arnold, út 1905.

 
George Lucas, de betinker fan Star Wars.

Nei't er dy nije ynfloeden opdien hie, begûn Lucas te wurkjen oan in eigen science fiction-epos, wylst er yn 'e tuskentiid de film American Graffiti makke. Mei't er ornearre dat syn eardere wurk THX 1138 sa min ûntfongen wie om't de toansetting sa somber wie, besleat er dat The Star Wars fleurich en aventoerlik wurde moast. Begjin jannewaris 1973 begûn er serieus oan 'e film te wurkjen, nei eigen sizzen "acht oeren deis, fiif dagen yn 'e wike". Ut syn ierste oantekenings stalde er in gearfetting fan twa bledsiden gear, dy't er Journal of the Whills neamde. Dat wurk fertelde it ferhaal fan learling CJ Thorpe, dy't traind waard as in "Jedi-Bendu"-romtekommando troch de legindaryske Mace Windy. De frustraasje sloech ta om't Lucas syn eigen ferhaal te yngewikkeld fûn foar it algemiene bioskooppublyk, dat op 13 april 1973 begûn er mei it skriuwen fan in treatment (in gearfetting fan in senario) fan trettjin siden, dy't er de wurktitel The Star Wars ("De Stjerre-oarloggen") joech. Dêrfoar helle er oanfoljende ynspiraasje út 'e Japanske film The Hidden Fortress (1958) fan regisseur Akiro Kurosawa.

Doe't er mei syn treatment te suteljen gie by de grutte filmstudio's fan Hollywood lâns, seach United Artists, dêr't Lucas earder mei gearwurke hie, ôf fan it oankeapjen fan 'e nije film. Dêrop presintearren Lucas en filmprodusint Gary Kurtz de treatment oan Universal Pictures, de studio dy't earder Lucas syn film American Graffiti finansierd hie. Dêr seagen de studiobazen ek net folle yn syn nije projekt. Lucas syn kollega Francis Ford Coppola, dy't him holpen hie by syn besykjen om 'e filmrjochten op Flash Gordon te bemachtigjen, fungearre as kroade om it projekt binnen te heljen by The Directors Company, in dochterûndernimming fan Paramount Pictures, dy't er yn 'e mande mei Peter Bogdanovich en William Friedkin bestjoerde. Bogdanovich en Friedkin hiene lykwols twifels oer Lucas syn fermogens as regisseur en stimden Coppola syn foarstel om The Star Wars te meitsjen fuort. Ek Walt Disney Productions wiisde it projekt ôf, benammen om't de studiobaas, Lew Wasserman, miende dat science fiction gjin takomst hie.

Lucas sei oer dy rige ôfstegerings letter: "Ik haw altyd wat in aparteling west foar Hollywood-lju. Se fine dat ik nuvere films meitsje." Neffens Kurtz wie it probleem "dat studiobazen oer it algemien [filmprojekten] sykje dy't ferline jier populêr wiene, ynstee dat se besykje foarút te sjen nei wat takom jier populêr wêze kin." En science fiction wie mids 1970-er jierren no ienris net bysûnder populêr. By in fraachpetear yn 1977 makke Lucas der in punt fan om derop te wizen dat Star Wars "net oer de takomst" giet en dat it "fantasy is dat folle tichter by de Bruorren Grimm stiet as by 2001: A Space Odyssey." Dêr heakke er oan ta dat it benammen syn bedoeling wie om 'e jongerein in "oprjocht, sûn fantasijlibben [te jaan], it soarte dat myn generaasje hie. Wy hiene westerns, piratefilms, alderhanne geweldige dingen. No hawwe se The Six Million Dollar Man en Kojak. Wêr is de romantyk, it aventoer en de wille dy't foarhinne yn frijwol eltse film ferwurke wiene?"

Mei't oaren de treatment fan The Star Wars lêzen hiene en harren oanfiteren om net op te jaan, giene Lucas en Kurtz ek nei de ôfwizing troch Disney troch mei it sykjen nei in filmstudio om harren projekt te finansieren. Dy fûnen se úteinlik yn 20th Century Fox, dêr't Lucas studiobaas Alan Ladd jr. wist te oertsjûgjen fan it potinsjeel fan syn projekt. Yn juny 1973 tekene er in kontrakt mei Fox om foar in salaris fan $150.000 it senario te skriuwen en de film te regissearjen. Hoewol't Ladd net folle begriep fan 'e technyske kant fan it projekt, wied er ta de konklúzje kommen dat Lucas wier talint hie. Lucas sei dêr letter oer: "Hy ynvestearre yn my, [ynstee fan] yn 'e film." Doe't American Graffiti in súkses yn 'e bioskopen wie, slagge it Lucas om syn kontrakt iepen te brekken en der ek de rjochten op eventuele ferfolchfilms yn op te nimmen. Hy hie syn eigen salaris ek oansjenlik opkrikke kind, mar seach dêrfan ôf en levere $500.000 yn om yn ruil dêrfoar it folsleine eignerskip fan 'e merchandisingrjochten op 'e mediafranchise yn 'e hannen te krijen, wat letter in geniale set blike soe te wêzen.

Preproduksje bewurkje seksje

Senario bewurkje seksje

It senario foar Star Wars ûndergie sûnt jannewaris 1973, doe't George Lucas mei de put úteinsette, ferskate werskriuwings. Yn totaal soed er fjouwer ferskillende senario's foltôgje. It earste dêrfan kaam yn maaie 1974 ree. Dêryn hied er de treatment The Star Wars útwreide mei sokke eleminten as de Sith, de Deadsstjer en in generaal dy't Annikin Starkiller hiet. Dy lêste feroare letter yn in ûnderstypjend personaazje as in lid fan in famylje dwergen. De Corelliaanske smokkelder Han Solo begûn as in grut grienhûdich meunster mei kiuwen. De Wookiee Chewbacca basearre Lucas op syn hûn Indiana, in Alaskaanske malamute, dy't gauris as syn "ko-piloat" fungearre troch by autoritten rjochtop op 'e passazjiersstoel te sitten.

Yn jannewaris 1975 kaam de twadde ferzje fan it senario ree, dat as titel hie: Adventures of the Starkiller: Episode I – The Star Wars. Dêryn waard as haadpersoan de opslûpen jonge Luke Starkiller yntrodusearre, wylst Annikin no Luke syn heit waard, in wize Jedi-ridder. De Jedi wiene nij, krektlyk as de Krêft, in mystyk enerzjyfjild dat troch Jedi en Sith manipulearre wurde koe. Dizze twadde ynkarnaasje fan it senario telde mear as 200 bledsiden, wat te lang wie en Lucas foar it earst oansette om syn ferhaal oer mear as ien film út te smaren. Nei ferrin fan tiid kaam er op it idee om der in "trilogy fan trilogyen" fan te meitsjen.

 
De ikoanyske helm en cape fan antagonist Darth Vader.

Wylst er mei de trêde ferzje fan it senario dwaande wie, liet Lucas him beynfloedzje troch fantasyromans (û.o. The Hobbit fan J.R.R. Tolkien), troch strips en troch beskate letterkundige útjeften, lykas The Hero with a Thousand Faces fan Joseph Campbell. Hy hierde yllustrator Ralph McQuarrie yn om skilderijen fan beskate sênes te meitsjen, dy't er oan syn senario taheakke doe't er it úteinlik ynlevere by 20th Century Fox. De trêde ferzje, mei as titel The Star Wars: From the Adventures of Luke Starkiller kaam ree op 1 augustus 1975 en omfieme hast alle eleminten út 'e úteinlike film. Sa wie de wize heit út 'e eardere ferzje no dea en ferfongen troch in nij heitefiguer dat Ben Kenobi hiet.

Neitiid sette Lucas mei help fan syn freonen Gloria Katz en Willard Huyck útein mei it skriuwen fan 'e fjirde en lêste ferzje fan it senario. Dat kaam ree op 1 jannewaris 1976. Dêryn hiet de haadpersoan noch altyd Luke Starkiller en de film The Star Wars. Pas doe't de opnamen al begûn wiene, besleat Lucas de namme fan 'e haadpersoan te feroarjen yn Luke Skywalker en it lidwurd út 'e titel falle te litten.

Iepeningstekst bewurkje seksje

In spesjaal punt fan oandacht wie de iepeningstekst, dy't by de Star Wars-films altyd oan it begjin oer it byldskerm krûpt. Om't Lucas midden yn it ferhaal begjinne woe, moast dêrmei fertsjutske wurde wat earder al bard wie. Mar it moast net te lang wurde, it mocht net yngewikkeld wêze en der mochten gjin wurden yn foarkomme dy't guon minsken (bern bygelyks) net begripe soene. Lucas sels ferliek it mei in gedicht. Syn earste optinksel bestie út seis alineä's mei elts fjouwer sinnen. Regisseur Brian De Palma wie oanwêzich doe't Lucas de tekst foarlei oan syn freonen. Hy sei dêr letter oer: "De iepeningstekst seach der yn it begjin út as wied er skreaun op in oprit. Hy gie in ivichheid troch. It wie wartaal." De Palma en Jay Cocks giene dermei oan 'e gong. Se skrasten alles fuort dat neffens harren ûnnedich wie en geaten de oerbleaune ynformaasje yn in nije foarm, sadat de iepeningstekst fan Star Wars ûntstie.

 
De haadrolspilers yn 'e film: f.l.n.rj.: Mark Hamill as Luke Skywalker, Carrie Fisher as prinsesse Leia en Harrison Ford as Han Solo.

Produksje bewurkje seksje

George Lucas regissearre Star Wars: Episode IV – A New Hope foar syn eigen filmstudio Lucasfilm mei finansiering fan 20th Century Fox. Foar de film wie in budget beskikber fan $8 miljoen, dat úteinlik ferhege wurde moast ta $11 miljoen. De produsint fan 'e film wie Gary Kurtz.

Casting bewurkje seksje

Foar de haadrol fan Luke Skywalker (doe noch Luke Starkiller) socht George Lucas in jonge akteur dy't yntelliginsje en yntegriteit útstriele. Hy sette in mienskiplike castingsesje op mei syn freon Brian De Palma, dy't in haadpersoan socht foar syn horrorfilm Carrie. Mark Hamill waard keazen foar de rol fan Luke boppe William Katt, dy't der ek audysje foar die; mar Katt waard cast foar Carrie.

Foar de rol fan 'e ûnferskrokken prinsesse Leia diene in protte jonge Hollywood-aktrise audysje, ûnder wa Amy Irving en Jodie Foster. Lucas seach Foster wol sitten, mar it die bliken dat dy syn opnameskema net kombinearje koe mei de beide films dêr't se by Disney al foar ûnder kontrakt stie. Dêrop krige Carrie Fisher, de dochter fan filmaktrise Debbie Reynolds, de rol tawiisd, op betingst dat se 41/2 kg ôffalle soe.

Harrison Ford wie in doe noch ûnbekende akteur dy't as timmerman wurke om itende te bliuwen. Hy kaam yn 'e kunde mei George Lucas doe't er begjin 1970-er jierren nije kastkes yn dy syn koken ynboude. Yn 1973 waard er cast foar Lucas syn film American Graffiti, wêrby't it holp dat de beide mannen inoar al koene. Doe't er foar Star Wars audysje die foar de rol fan 'e smokkelder Han Solo, wiisde Lucas him earst ôf, om't er foar de film nije gesichten hawwe woe. Hy frege Ford lykwols om te helpen by de audysjes, troch de oare gadingmakkers de ideeën efter en de skiednis fan Star Wars út te lizzen, en troch by de audysjes de dialooch fan oare personaazjes op te sizzen. Op 'e rol fan Han Solo kamen û.o. ôf: Kurt Russell, Nick Nolte, Sylvester Stallone, Bill Murray, Christopher Walken, Burt Reynolds, Jack Nicholson, James Caan, Robert De Niro, Al Pacino, Steve Martin, Chevy Chase en Perry King. Trochdat Ford by alle audysjes belutsen wie, waard Lucas twongen om Ford hieltyd te ferlykjen mei de oaren, en úteinlik kaam er ta de konklúzje dat er in flater begien hie en joech er Ford de rol fan Han Solo dochs noch.

 
Sir Alec Guinness waard foar syn rol as Obi-Wan Kenobi nominearre foar de Oscar foar bêste byrol fan in akteur.

Lucas fûn dat de rol fan Obi-Wan Kenobi, de mentor fan 'e jonge Luke Skywalker, spile wurde moast troch in akteur fan namme. Hy tocht oan 'e Japanske akteur Toshiro Mifune, dy't yn in protte samoeraifilms fan Akira Kurosawa spile hie. Dyselde betanke lykwols foar de eare, neffens syn dochter Mika Kitagawa om't er der net gerêst op wie hoe't de film derút komme soe te sjen, mei't de special effects doedestiden noch yn 'e berneskuon stiene en science fiction no ienris ferlet hat fan in protte special effects. Mifune woe lykwols beslist net yn in amateuristysk oandwaande film spylje; dêr wied er te grutsk foar. Sadwaande gie de rol nei de Ingelske akteur sir Alec Guinness, dy't wrâldferneamd wurden wie mei syn rol yn 'e oarlochsfilm The Bridge on the River Kwai (1957).

Guinness wie ien mar in pear leden fan 'e cast dy't derfan oertsjûge wiene dat Star Wars in súkses wurde soe. Hy betinge dêrom ynstee fan in fêst salaris royaltys ter wearde fan 21/4% fan 'e bruto opbringst fan 'e film. Sadwaande waard er troch it súkses fan Star Wars smoarryk. Lucas murk letter op dat Guinness de rest fan 'e cast en de filmcrew oan ien wei troch oanfitere om hurder en better te wurkjen. Harrison Ford sei oer him: "Ik fûn it fassinearjend om te sjen hoe't Alec Guinness him [op 'e set] hold en droech. Hy wie altyd ree om oan it wurk, altyd profesjoneel, altyd tige freonlik tsjin 'e oare akteurs. Hy hie it hiel helder yn 'e holle hoe't er it ferhaal it bêste tsjinje koe."

Njonken Guinness wie Peter Cushing, dy't de rol fan grut-moff Tarkin spile, de iennichste oare bekende akteur yn 'e cast. Foar de rol fan Tarkin frege Lucas earst Christopher Lee, mar dy betanke foar de ear. (Lee soe lykwols letter, yn 'e Star Wars-prequeltrilogy, de rol fan greve Dooku op him nimme.) Cushing hie Lucas oarspronklik op it each foar de rol fan Obi-Wan Kenobi, mar doe't er de man mette, tocht er dat "syn meagere gesicht" better by Tarkin passe soe. Hy wie letter tige loovjend oer it aktearjen fan Cushing. Dyselde bekende jierren letter yn in fraachpetear dat er eins noch altyd net wist wat in "grut-moff" (in oppersektorgûverneur) wie. Hy sei: "It klinkt as it ien of oar dat út in kleankast fleanen komt." Nettsjinsteande dat besleat er Tarkin te spyljen as "in tige lulk en ûnoangenaam hearskip".

Anthony Daniels, dy't de rol fan 'e androïde C-3PO spile, sei dat er dy rol hawwe woe sadree't er de yllustraasje fan C-3PO seach dy't Ralph McQuarrie makke hie, om't er doe rekke waard troch de kwetsberens fan it gesicht fan 'e robot. Hy die audysje en waard yndie yn dy rol cast, mar yn 't earstoan wie Lucas fan doel en lit de dialooch fan C-3PO ynsprekke troch in oar. Tritich stimakteurs fan namme diene dêrfoar audysje. Neffens Daniels soe ien fan harren dy't er net by namme neamde (mar dy't yn guon oare boarnen identifisearre wurdt as Stan Freberg), him (Daniels) foar de rol oanrikkemandearre hawwe. Mel Blanc die ek audysje, mar neffens Daniels sei dy ek tsjin Lucas dat Daniels in bettere kar foar dizze rol wêze soe.

Kenny Baker, in Ingelsk akteur mei dwerchgroei, waard cast yn 'e rol fan 'e oare robot, R2-D2. Dat barde pas doe't de opnamen al úteinset wiene. Baker stie op dat stuit yn Londen op 'e planken mei in muzikale komeedzje-act mei syn komeedzjepartner Jack Purvis (ek in akteur mei dwerchgroei). Doe't er hearde dat Lucas in tige lytse akteur socht om yn in robothúl te passen, besleat er ris te sjen oft it wat foar him wie. Mei in lingte fan 1.12 m wied er fierwei de lytste akteur dy't op 'e audysjes ôfkaam. Sadree't Lucas him seach, seid er: "Dat is him." Baker hie lykwols syn twifels oer in rol wêryn't syn gesicht nea te sjen wêze soe en hy woe eins ek fierder mei syn eigen foarstellings, dat hy sloech de rol trije kear ôf foar't er tajoech. Syn partner Jack Purvis spile yn 'e film de rol fan 'e haadman fan 'e Jawa's. De 'stim' fan R2-D2, in tige werkenbere rige piip- en fluittoanen, waard troch lûdstechnikus Ben Burtt ûntwurpen troch 'poppelûden' nei te bearen mei syn eigen stim fia in intercom en it resultaat troch in synthesizer te heljen.

De Wookiee Chewbacca, in oare rol sûnder dialooch, waard spile troch de Ingelske ferpleechkundige Peter Mayhew. Hy wurke yn in Londensk sikehûs doe't er hearde dat der foar in film tige lange akteurs socht waarden. Mei't er in lingte fan 2.21 m hie, besleat er foar de aardichheid ris by de audysjes del te gean. Hy waard fuortendaliks nei binnenkomst cast as Chewbacca. De uterings fan Chewbacca wiene it wurk fan lûdstechnikus Ben Burtt, dy't dêrfoar lûden fan hûnen, bearen, liuwen, tigers en walrussen fermong. In oare lange (mar net sà lange) Ingelsman, akteur David Prowse, waard cast yn 'e rol fan 'e antagonist Darth Vader, dy't in yntimidearjend en dêrom lang stal hawwe moast. Likemin as Baker en Mayhew wie it gesicht fan Prowse yn 'e film te sjen, mei't dat beskûl gie efter it glânzjend swarte masker fan Vader. Om't Prowse syn swiere Westlânske aksint folslein ûngaadlik fûn waard foar de film, waard de dialooch fan Vader yn 'e postproduksje neisyngronisearre mei it djippe baslûd fan 'e Amerikaanske akteur James Earl Jones.

 
It ûndergrûnsk boude Hotel Sidi Driss yn Matmata, yn Tuneezje, gie yn Star Wars: Episode IV – A New Hope troch foar de pleats fan 'e omke en muoike fan Luke Skywalker op Tatooine.

Opnamen bewurkje seksje

De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gilbert Taylor. De opnamen foar Star Wars: Episode IV – A New Hope setten op 22 maart 1976 útein. Nettsjinsteande Lucas syn krewearjen hiene de measte leden fan 'e cast en de crew net folle fidúsje yn it projekt, dat se as in wat ûnnoazele bernefilm beskôgen. Se namen it wurk selden serieus en fûnen it faak ûnbedoeld grappich.

Lucas hie de planeet Tatooine oarspronklik betocht as oerwoekere mei tropysk reinwâld, en produsint Kurtz wie al ôfreizge nei de Filipinen om gaadlike filmlokaasjes te sykjen. Mar it idee om moannen oan ien wei troch yn 'e jungle filmje te moatten, krige Lucas nei eigen sizzen "de kribels" fan. Dêrom besleat er fan Tatooine ynstee in woastynplaneet te meitsjen. Dat Kurtz die ûndersyk nei alle woastinen yn Noard-Amearika, Noard-Afrika en it Midden-Easten en besleat dat de Sahara yn Tuneezje de bêste filmlokaasjes bea.

 
Death Valley, yn Kalifornje, dêr't guon fan 'e sênes op Tatooine opnommen waarden.

De measte sênes op Tatooine waarden sadwaande filme yn dat lân, dêr't it ûndergrûnske Hotel Sidi Driss, yn Matmata, trochgie foar de pleats fan Owen en Beru Lars. De sêne wêryn't C-3PO en R2-D2 troch de iepen woastyn tsjogge, waard opnommen yn Nafta. De opnamen yn Tuneezje waarden dreech makke troch rekwisiten dy't net opwoeksen blieken te wêzen tsjin it woastynklimaat, elektroanyske defekten en in seldsume stjalprein, dy't de woastyn feroare yn in dridzeboel. De sênes yn 'e berchkleau op Tatooine, dêr't R2-D2 fongen wurdt troch de Jawa's en Luke letter oanfallen wurdt troch de Tusken-kapers, waarden yn jannewaris 1977 filme yn Death Valley, yn Kalifornje. Dêrfoar waard in Yndyske oaljefant, dy't Mardji hiet, oerdutsen mei in kostúm om foar in bantha troch te gean.

Nei twa en in heale wike yn Tuneezje ferhuze de produksje nei Ingelân, dêr't de binnendoarsênes filme waarden yn Elstree Studios yn Hertfordshire, ûnder de reek fan Londen, en foar in diel ek yn 'e Shepperton Studios yn Surrey. Der wie foar Elstree keazen om't de film tagelyk ferlet hie fan njoggen ferskillende soundstages, in oantal dat yn Hollywood net beskikber wie. Om yn Ingelân te filmjen, wie foar Lucas wol omstean learen, want de arboregels wiene dêr folle stranger. It filmjen moast beslist om healwei seizen middeis beëinige wurde, of it moast wêze dat men om dy tiid hinne midden yn in sêne siet.

 
De Maya-piramiden fan 'e ruïnestêd Tikal yn Gûatemala.

De filmsets yn 'e Elstree Studios, ûntwurpen troch John Barry, wiene neffens filmregisseur Gilbert Taylor "krekt in koalemyn". Neffens him wiene se "folslein swart en griis, eins alhiel sûnder mooglikheden foar ferljochting." Om dat probleem op te lossen, ferwurke er de ferljochting yn 'e sets troch gatten yn 'e muorren, flierren en plafons út te hakjen en dêr kwartslampen yn te stopjen. Dy wurkwize krige er stipe foar fan 20th Century Fox, dêr't men it mei Taylor iens wie dat "we net sa'n 'Swart Gat fan Kalkutta' hawwe koene." Lucas koe troch de ferljochting fan Taylor út suver eltse hoeke filmje sûnder dat der mei lampen skood hoegde te wurden, wat him mear frijheid joech.

De opnamen yn Ingelân duorren fjirtjin en in heale wike. Wylst se dêr wiene, seach Lucas yn 'e etalaazje fan in reisburo in poster fan it oerwâld yn Gûatemala mei de ruïnes fan 'e Maya-stêd Tikal. Dat lânskip liek him perfekt ta foar de moanne Yavin-IV, dat yn maart 1977 stjoerde er in filmploech nei Gûatemala ta om dêr eftergrûnbylden op te nimmen, dêr't letter in ienlike útkykpost en oanfleanende romteskippen oerhinne plakt waarden.

Lucas moast om in sêne hinne skriuwe wêryn't de smokkelder Han Solo foarôfgeande oan syn ôfreis fan Tatooine in moeting hat mei de gangster Jabba de Hutt. Dy sêne waard wol opnommen mei in Harrison Ford as Solo en de Noardierske akteur Declan Mulholland as stand-in foar Jabba yn in hierrich brún kostúm, mei't Lucas him de Hutts oarspronklik foarstelde as hierrige wêzens. It wie de bedoeling om 'e ferskining fan Mulholland yn 'e postproduksje troch tapassing fan special effects fierder oan te passen. Dêr bliek lykwols gjin jild of tiid foar te wêzen. Neffens Paul Blake, dy't de bûtenierdske preemjejager Greedo spile (dy't Solo yn 'e kroech yn Mos Eisley besiket finzen te nimmen), waard syn rol benammen skepen om't Lucas de sêne mei Jabba skrasse moast. Yn 'e remastere special edition fan Star Wars: Episode IV – A New Hope út 1997 naam Lucas de sêne mei Jabba wol op.

 
Komponist John Williams wûn foar syn soundtrack fan Star Wars de Oscar foar bêste filmmuzyk.

Postproduksje bewurkje seksje

Filmmuzyk bewurkje seksje

De filmmuzyk foar Star Wars: Episode IV – A New Hope waard fersoarge troch John Williams. George Lucas gie mei dyselde yn see op oanrikkemandearring fan Steven Spielberg, dy't mei Williams gearwurke hie oan 'e horrorfilm Jaws. It wie oarspronklik de bedoeling dat Williams inkeld as konsultant by de produksje belutsen wêze soe, mei't Lucas fan doel wie en stal sels de soundtrack gear út al besteande orkestrale muzyk. Om't de film wrâldsfrjemde planeten toane soe, moast de soundtrack neffens Lucas wat fertrouds biede om it spul yn lykwicht te hâlden. Williams wist him der lykwols fan te bepraten dat orizjinele filmmuzyk de film in mear unyk en koherint gefoel jaan soe. Hy skreau dêrom in folslein nije soundtrack, mei tige feneamd wurden meldijkes, lykas Star Wars (Main Title) (ek wol Luke's Theme neamd), Star Wars Secondary Theme, de Rebel Fanfare en The Imperial March (ek wol Darth Vader's Theme neamd).

De soundtrack fan Star Wars waard spile troch it Londensk Symfony Orkest mei Williams sels as dirigint. It soundtrackalbum ferskynde yn juny 1977 by platemaatskippij 20th Century Records.

Special effects bewurkje seksje

Nei't er ûntdutsen hie dat 20th Century Fox syn special effects-difyzje opheft hie, rjochte George Lucas yn 1975 syn eigen special effects-bedriuw op, mei as namme Industrial Light & Magic (ILM). Dat krige de opdracht om yn 'e postproduksje de special effects foar Star Wars: Episode IV – A New Hope te fersoargjen. De Amerikaan fan Frysk komôf John Dykstra hie de lieding oer it special effects-team. Dêrfoar ûntwikkele er de saneamde Dykstraflex-bewegingsbehearskbere kamera, wêrmei't in grut tal baanbrekkende effekten berikt wurde koe by it filmjen fan miniatueren.

In oar wichtich lid fan it team wie Grant McCune, dy't ferantuwurdlik wie foar û.m. de X-wjukjagers, de TIE-jagers, it ferneamde romteskip de Millennium Falcon en ferskate soarten bûtenierdske wêzens. Hoewol't syn kollega John Stears eins dejinge wie dy't de robot R2-D2 ûntwurp, makke McCune it ûntwerp ôf en is hy dêrom dejinge dy't it meast mei R2-D2 assosjearre wurdt.

ILM hie it der mar dreech mei om al dy nijerwetske special effects te skeppen. It bedriuw spandearre de helte fan syn budget oan fjouwer shots dy't Lucas omreden fan 'e lege kwaliteit ûnakseptabel achte, wylst oan hûnderten oare shots noch net iens wurke wie. De wurknimmers fan ILM wiene dêrnei twongen om in jier wurk yn in healjier ôf te meitsjen. Foar de romtegefjochten makke Lucas in kompilaasje fan bylden fan loftgefjochten út âlde oarlochsfilms om dúdlik te meitsjen wat er krekt sjen woe. Dêrtroch koe de produksje fan dy effekten oansjenlik flugger ôfhannele wurde. Lykwols krigen Lucas en Dykstra spul oer de hichte fan it bedrach dat bestege wurde koe oan nije kameratechniken. De rûzje rûn sa heech op dat it úteinlik ta it ûntslach fan Dykstra late.

Filmmontaazje bewurkje seksje

Filmeditor John Jympson sette al útein mei de filmmontaazje fan Star Wars: Episode IV – A New Hope doe't George Lucas noch oan it filmjen wie yn Tuneezje. Lucas joech letter ta dat er Jympson yn in "ûnmooglike posysje" brocht hie troch him oan it wurk te setten sûnder wat oer de plot of de eftergrûn fan 'e film út te lizzen. Doe't Lucas lettere de earste rûge ferzje fan 'e film seach, dy't Jympson gearstald hie, wied er net ûnder de yndruk. Hy woe Jympson mear tiid jaan om it nochris te besykjen, mar de filmeditor makke dúdlik dat er neat hawwe moast fan Lucas syn manear fan wurkjen, en de ûnderlinge relaasje boaze almar fierder oan. Healwei de produksje ûntsloech Lucas Jympson om him te ferfangen troch Paul Hirsch, Richard Chew en syn doetiidske frou Marcia Lucas (dy't tagelyk ek oan 'e film New York, New York fan Lucas syn freon Martin Scorsese wurke).

De wichtichste feroaring tusken it senario en de úteinlike film siet him yn in rige sênes oan it begjin fan 'e film, wêryn't Luke Skywalker tiid trochbringt mei syn maten yn Tosche Station en Anchorhead, op Tatooine, en wêryn't sjen litten wurdt hoe't de romtegefjochten mei de Tantive IV yn 'e neite fan 'e planeet ynfloed op harren libbens hawwe. Yn dy sênes waard ek it personaazje Biggs Darklighter yntrodusearre, in maat fan Luke dy't ôfset om him by it Rebelleferbûn te jaan. (Yn 'e úteinlike film is dyselde inkeld yn 'e sênes fan 'e klimaktyske oanfal op 'e Deadsstjer te sjen en is syn foargeande relaasje mei Luke net dúdlik.) De reden foar it fuortknippen fan dy sênes wie dat Lucas en de filmeditors fûnen dat der oan it begjin fan 'e films tefolle ferhaallinen trochinoar rûnen, wat alteast in diel fan it bioskooppublyk yn betizing bringe soe en teffens it tempo út 'e iepening fan 'e film helle.

Distribúsje bewurkje seksje

Oarspronklike release bewurkje seksje

De distribúsje fan 'e film, ûnder de titel Star Wars, waard fersoarge troch 20th Century Fox. Der wiene lykwols mar 37 bioskopen yn Noard-Amearika dy't de film bestelden. Fox besocht dat te ferhelpen troch dúdlik te meitsjen dat bioskopen dy't Star Wars net oankochten, likemin The Other Side of Midnight krije soene, in film dêr't mei langst nei útsjoen waard. Star Wars gie op woansdei 25 maaie 1977 yn premiêre yn 32 bioskopen, mei nochris acht dêropta op 'e tongersdei en freed dêrnei. De film briek fuortendaliks alle rekôrs foar bioskoopbesyk, wêrnei't Fox ynienen oerspield waard mei fersiken fan oare bioskopen om in eksimplaar fan 'e film te stjoeren.

 
It oarspronklike logo fan 'e film.

George Lucas sels fûn it dreech yn te skatten hoe súksesfol oft syn film wêze soe. Nei't er Close Encounters of the Third Kind (1977) sjoen hie, fan syn freon Steven Spielberg, wied er derfan oertsjûge dat dy film folle súksesfoller wêze soe as syn eigen. Spielberg wie it dêr net mei iens, en tocht dat Star Wars it better dwaan soe. Lucas stelde foar om 2,5% fan 'e winst fan inoars films út te ruiljen, en Spielberg stimde dêrmei yn. Fan gefolgen ûntfangt Steven Spielberg noch altyd 2,5% fan alle winst fan Star Wars: Episode IV – A New Hope.

Gary Kurtz, de produsint fan Star Wars, wie op 'e jûn fan 'e dei fan 'e premiêre te gast yn in praatprogramma op 'e radio dêr't harkers ynbelje koene. Ien skiller wie ûntychlike entûsjast oer de film en prate der yn sok detail oer, dat Kurtz sei fan: "Goh, jo witte in protte oer de film." De man antwurde: "Ja, ja, ik haw him al fjouwer kear sjoen." Op dat stuit, fertelde Kurtz letter yn in fraachpetear, krige er foar it ferstân dat Star Wars in kultureel fenomeen wurden wie. Lucas, dy't noch altyd benaud wie foar in flop, hie it sa beävensearre dat er nei de premiêre mei syn frou Marcia op fakânsje gie yn Hawaï. Pas doe't er dêr op CBS kommentator Walter Cronkite praten hearde oer de ûnbidige klibers folk dy't yn alle stêden oerenlang foar de bioskopen yn 'e rige stiene om Star Wars te sjen, krong by him it besef troch dat er goud yn 'e hannen hie. De leden fan 'e cast waarden op slach wrâldferneamd; doe't Harrison Ford sûnder euvelmoed nei in platesaak gie om in LP te keapjen, waard er troch in kloft fans dy't alhiel oerémis wiene, suver ûnder de foet rûn en moast er mei in oan stikken skuord oerhimd op hûs oan.

Yn Hollywood draaide Star Wars (ûnder mear) yn Mann's Chinese Theatre, in prestizjeuze bioskoop, dy't troch Fox lykwols mar foar twa wiken reservearre wie. Dêrnei waard de film omreden fan kontraktuele ferplichtings ferfongen troch Sorcerer, fan William Friedkin. Star Wars waard troch Mann Theatres ferpleatst nei in minder prestizjeuze, yn tûzen hasten opkallefatere lokaasje. Nei de flop fan Sorcerer gie Star Wars foar de twadde kear yn premiêre yn Mann's Chinese Theatre, eat dat noch nea earder foarkommen wie. Tsjin dy tiid draaide de film allinne yn 'e Feriene Steaten al yn 1.096 bioskopen. Yn likernôch 60 bioskopen draaide er in jier of langer oan ien stik troch. Doe't Star Wars op 27 desimber 1977 yn it Feriene Keninkryk yn premiêre gie, soargen de nijsferslaggen út 'e Feriene Steaten foar lange rigen foar de bioskopen.

 
Bioskoopbesikers steane yn 'e rige foar it Leicester Square Theatre yn Londen, de deis nei't Star Wars dêr yn premiêre gien is.

Lettere re-releases bewurkje seksje

Star Wars waard yn 'e Feriene Steaten ferskate kearen op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht: yn 1978, 1979, 1981 en 1982. Fan 'e ferzje fan 1981 ôf waard de titel mei weromwurkjende krêft feroare yn Star Wars: Episode IV – A New Hope, om 'e film te ûnderskieden fan 'e oare Star Wars-films. Dat wie gjin nij optinksel, om't Lucas de film altyd al Episode IV ("Oflevering IV") neame wollen hie, mar dat net die om't er net wis genôch wie fan it súkses fan 'e film. Haadrolspiler Mark Hamill sei yn in fraachpetear yn 2016 dat er Lucas noch frege hie wêrom't se net gewoan by Episode I wei begûnen, en Lucas antwurde doe dat er it publyk it gefoel jaan woe dat se wat mist hiene dêr't se foar weromkomme moasten, en dat Episode IV it maklikst te ferkeapjen diel fan it hiele epos wie.

Yn 'e 1990-er jierren, doe't George Lucas risselwearre foar de produksje fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, brocht er dêrop foarútrinnend yn 1997 (tweintich jier nei de premiêre fan Episode IV) folslein remastere ferzjes út fan 'e trije films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, dy't bekend kamen te stean as de special edition. Yn 'e special edition fan Star Wars: Episode IV – A New Hope waard in diel fan 'e oarspronklike special effects ferfongen troch guon fan bettere kwaliteit, wylst ek de sêne noch tafoege waard wêryn't Han Solo in moeting hat mei Jabba de Hutt (dy't Lucas altyd al yn 'e film hawwe woe, mar dêr't er earder gjin jild of tiid foar hie). In oare, folle minder goed ûntfongen, feroaring wie dat de sêne mei de konfrontaasje tusken Han Solo en de preemjejager Greedo feroare waard om Greedo op Han sjitte te litten foar't Han him dea sjit, wylst Han Greedo yn 'e oarspronklike ferzje dea sjit sûnder dat dy sels sketten hat. Dat joech oanlieding ta de Han Shot First-kontroverse. Wylst de oaspronklike film in spyldoer hie fan 121 minuten, duorre de special edition 124 minuten.

Yn 2010 kundige Lucas oan dat alle seis doe besteande Star Wars-films ynscand en omwurke wurde soene nei 3D-format om fannijs yn 'e bioskoop brocht te wurden, mar inkeld de 3D-ferzjes fan 'e prequeltrilogyfilms kamen út foar't filmstudio Lucasfilm, en dêrmei de Star Wars-franchise, yn 2012 oankocht waard troch The Walt Disney Company. Yn 2013 kaam Star Wars: Episode IV – A New Hope út yn in yn it Navaho neisyngronisearre ferzje, wêrmei't it de earste film wie dy't yn in Yndiaanske taal oerset waard.

Thúsmedia bewurkje seksje

Star Wars: Episode IV – A New Hope waard yn 'e Feriene Steaten, Frankryk, West-Dútslân, Itaalje en Japan alderearst beskikber makke op Super 8-film (hoewol yn Itaalje mar fragmintarysk). Yn 'e 1980-er jierren kaam de film út op alle doetiidske fideosystemen: Betamax, Video 2000 en VHS. Op 21 septimber 2004 kaam de film foar it earst beskikber op dvd, yn in boxset mei de oare beide dielen fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Op 16 septimber 2011 waarden alle doe seis Star Wars-films foar it earst op blu-ray útbrocht.

 
Fuotprinten yn beton út 1977 fan û.o. C-3PO, R2-D2 en Darth Vader, foar Grauman's Chinese Theatre yn Hollywood.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Star Wars: Episode IV – A New Hope oer it algemien tige loovjende resinsjes. Sa omskreau Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film as in "ûnderfining as wie ik bûten myn eigen lichem trêde". Hy fûn de special effects ferlykber mei dy yn 2001: A Space Odyssey en skreau dat it sterkste punt fan Star Wars poer it ferhaal wie. Yn The New York Times omskreau Vincent Canby de film as "de yngewikkeldste, djoerste, prachtichste searjefilm dy't ea makke is." A.D. Murphy fan it tydskrift Variety stelde fêst dat it George Lucas slagge wie en meitsje de "grutst mooglike aventoerefantasij" basearre op âldere films út syn jonkheid.

Der wiene lykwols ek resinsinten dy't net folle fan 'e film hawwe moasten, al wiene sokke minmachtich. Sa fûn Pauline Kael, fan it blêd The New Yorker, dat der yn Star Wars: Episode IV – A New Hope gjin romte siet om te sykheljen, likemin as lyryk, en dat de film gjin emosjonele gryp hie. En yn it tydskrift New York skreau John Simon: "As je Star Wars ûntdogge fan syn gauris treffende bylden en syn apegrykske wittenskiplik jargon, krije je in ferhaal, personaazjes en dialooch fan oerweldigjende banaliteit."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Star Wars: Episode IV – A New Hope in tige heech goedkarringspersintaazje fan 92%, basearre op 132 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei in legindarysk brede opbou en in ambisjeuze start fan 'e science fiction-searje iepene George Lucas ús de eagen foar de mooglikheden fan it meitsjen fan in filmhit, en neitiid hat de wrâld nea wer itselde west." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Star Wars: Episode IV – A New Hope in goedkarringspersintaazje fan 90%, basearre op 24 resinsjes.

Yn 1989 wie Star Wars: Episode IV – A New Hope ien fan 'e earste 25 films dy't omreden fan kulturele, histoaryske en/of estetyske wearde troch de Library of Congress foar preservearring foar de ivichheid opnommen waarden yn it National Film Registry. Star Wars: Episode IV – A New Hope wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films út 'e filmskiednis.

 
In reklameboerd foar in bioskoop yn 'e Feriene Steaten yn 1977.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Star Wars: Episode IV – A New Hope brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada (letter re-releases ynbegrepen) $461,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $314,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $775,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $11 miljoen betsjut dat in winst fan $763,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Star Wars: Episode IV – A New Hope de meast opbringende film fan 1977 en teffens de meast opbringende film aller tiden, en mei ynflaasjekorreksje is it (anno 2022) noch altyd de op ien nei meast opbringende film yn Noard-Amearika (nei Gone with the Wind) en de op trije nei meast opbringende film wrâldwiid (nei Gone with the Wind, Avatar en Titanic).

Prizen bewurkje seksje

Star Wars: Episode IV – A New Hope waard yn 1978 nominearre foar 11 Oscars, wêrûnder de prizen yn 'e kategoryen bêste film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (sir Alec Guinness) en bêste orizjinele senario. De film wûn de Oscars foar bêste orizjinele filmmuzyk (John Williams), bêste filmmontaazje (Paul Hirsch, Richard Chew en Marcia Lucas), bêste kostúmûntwerp (John Mollo), bêste artdirection (John Barry, Norman Reynolds, Leslie Dilley en Roger Christian), bêste lûd (Don MacDougall, Ray West, Bob Minkler en Derek Ball), bêste fisuele effekten (John Dykstra, Grant McCune, John Stears, Richard Edlund en Robert Blalack) en de Special Achievement Academy Award (lûdstechnikus Ben Burtt).

De film waard ek nominearre foar 4 Golden Globes, wêrûnder de prizen foar bêste dramafilm, bêste regisseur en bêste byrol fan in akteur (sir Alec Guinness). Star Wars: Episode IV – A New Hope wûn de Golden Globe foar bêste orizjinele filmmuzyk, en is dêrmei anno 2022 de iennichste Star Wars-film dy't ea in Golden Globe wûn hat.

 
Kenny Baker (hjir yn 2007) wie yn 'e film de man dy't yn 'e robot R2-D2 siet.

By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard Star Wars: Episode IV – A New Hope nominearre yn 6 kategoryen, wêrûnder bêste film, bêste filmmontaazje, bêste kostúmûntwerp en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de BAFTA's foar bêste orizjinele filmmuzyk en bêste lûd.

Star Wars: Episode IV – A New Hope waard by de Saturn Awards nominearre foar mar leafst 17 prizen, wêrûnder twaris bêste akteur (Harrison Ford en Mark Hamill), bêste aktrise (Carrie Fisher) en bêste byrol fan in akteur (Peter Cushing). De film wûn 13 Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste regisseur, bêste byrol fan in akteur (sir Alec Guinness), bêste senario, bêste kamerarezjy, bêste filmmontaazje, bêste filmmuzyk, bêste lûd, bêste kostúmûntwerp, bêste fisazjy, bêste special effects, bêste artdirecton en bêste setdekoraasje.

Ferboeking bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker.

De ferboeking fan Star Wars: Episode IV – A New Hope waard al yn novimber 1976, in healjier foàr de film, publisearre troch útjouwerij Ballantine Books. It boek wie nammentlik basearre op it senario en net op 'e foltôge film. Der binne sadwaande guon ferskillen tusken boek en film. It boek kaam oarpronklik út as Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, mar fan 1981 ôf waard it útjûn as Star Wars: A New Hope. It stie op namme fan George Lucas, mar it wie eins skreaun troch ghostwriter Alan Dean Foster. Sels al foar't de film yn 'e bioskoop útkaam, wie de ferboeking in grut súkses.

Franchise bewurkje seksje

It ûnbidige súkses fan Star Wars: Episode IV – A New Hope makke it ûntstean fan Star Wars as mediafranchise mooglik. De film krige twa direkte ferfolgen, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983). De trije films foarmen mei-inoar de oarspronklike Star Wars-trilogy. Tweintich jier letter waard de Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) makke en fjirtich jier letter de Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019). De trije filmtrilogyen foarmje mei-inoar de Skywalker Saga. Mei noch twa op harsels steande films telt de franchise anno 2022 alve live-actionfilms en ien lange tekenfilm. Yn it ramt fan 'e franchise binne njonken de filmsearje adaptaasjes ta oare media ferskynd, lykas tillefyzjefilms, live-actiontillefyzjesearjes, tekenfilmsearjes, fideospultsjes, romans, strips, soundtrackalbums, kaartspullen, boerdspullen en boartersguod.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
Star Wars
 
filmsearje
 Skywalker Saga Episode IV: A New Hope (1977) • Episode V: The Empire Strikes Back (1980) • Episode VI: Return of the Jedi (1983) • Episode I: The Phantom Menace (1999) • Episode II: Attack of the Clones (2002) • Episode III: Revenge of the Sith (2005) • Episode VII: The Force Awakens (2015) • Episode VIII: The Last Jedi (2017) • Episode IX: The Rise of Skywalker (2019)
 oare Star Wars-films Star Wars Holiday Special (1978) • Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) • Ewoks: The Battle for Endor (1985) • The Clone Wars (2008) • Rogue One (2016) • Solo (2018)
 
tillefyzjesearjes
 live-actionsearjes The Mandalorian (2019–20??) • The Book of Boba Fett (2021–20??) • Obi-Wan Kenobi (2022) • Andor (2022–2024) • Ahsoka (2023) • Skeleton Crew (2023–20??) • The Acolyte (2024)
 tekenfilmsearjes          Droids (1985–1986) • Ewoks (1985–1986) • Clone Wars (2003–2005) • The Clone Wars (2008–2020) • Rebels (2014–2018) • Blips (2017) • Forces of Destiny (2017–2018) • Galaxy of Adventures (2018–2020) • Resistance (2018–2020) • Roll Out (2019–2020) • Galaxy of Creatures (2021) • Visions (2021) • The Bad Batch (2021–20??) • Galactic Pals (2022) • Tales of the Jedi (2022)