In sânkrûper (Ingelsk: sandcrawler) is in fiktyf ferfiermiddel út 'e Star Wars-franchise. It waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977). Sânkrûpers binne tige grutte en stadich bewegende rupsbânfiertugen, mei in lingte fan 37 m en in hichte fan 18 m. De rupsbannen allinne al binne goed 3.50 m heech.

In sânkrûper, lykas te sjen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977).

Sânkrûpers binne âlde mynbouwurktugen dy't oarspronklik op 'e planeet Corellia makke waarden en nei de planeet Tatooine brocht binne om dêr grutte ladings erts te ferfieren út minen yn 'e woastyn nei de romtehavens. Doe't de mynbousektor op Tatooine ynstoarte en de minen ferlitten waarden, bleaune de bombidige sânkrûpers efter. Se waarden opfandele troch Jawa's, lytse bûtenierdske wêzens dy't lânseigen op Tatooine binne. De measte sânkrûpers wurde yn 'e tiid dat de Star Wars-films spylje, troch Jawa-clans brûkt foar ferfier troch de woastyn fan harrensels en alle ôftanke en stikkene masinery dy't se byinoar sykje, opkallefaterje en trochferkeapje.

De sânkrûpers wurde yn 'e film foarsteld as stevich genôch om 'e Jawa's te beskermjen tsjin 'e oerfallen fan Tusken-kapers en gefaarlike wylde bisten, mar tsjin stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk biede se gjin beskûl. Foar A New Hope waard inkeld in 27 m lange seksje fan 'e ûnderbou fan in sânkrûper makke; de bylden út 'e fierte, mei it hiele gefaarte, binne eins opnommen mei eftergrûnskilderijen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.