Masine
In masine, yn âldere teksten soms stavere as mesine (mei in reduksjefokaal yn it earste wurdlid), is in keunstmjittich, fysyk, meganysk systeem, dat bestiet út in belêstingdragende konstruksje, in foarm fan oandriuwing en oare ûnderdielen. It is in meganisme dat in foarm fan beweging of enerzjy yn in oare foarm fan beweging of enerzjy omsette kin. As wurd is 'masine' yn it Frysk ûntliend oan it Midfrânske machine, dat fia it Latynske machina weromgiet op it Aldgryksk (Doarysk: μαχανά, machana; Ioanysk μηχανή, mechane, dat beide "wurktúch" betsjut). In apparaat, fan apparatus, it Latynske wurd foar "wurktúch", is in nau besibbe term, dy't brûkt wurdt foar in net al te grutte, út meganyske, elektryske en/of elektroanyske ûnderdielen gearstalde masine.
In masine kin oandreaun wurde troch in bist of in minske, mar ek troch natoerkrêften lykas de wyn of streamend wetter, en fierders troch gemyske, termale of elektryske enerzjy. Om dy yngeande enerzjy om te setten yn it winske resultaat, in spesifike soarte fan útgeande enerzjy, moat in masine beskikke oer in stelsel fan meganismen dat foarm jout oan 'e útgeande enerzjy. Tsjintwurdich kinne om dat sekuer te regeljen ek kompjûters en sensors yn 'e masine ynboud wurde.
De earste masines ferskynden al yn 'e Aldheid. Men kin dan tinke oan dingen as de hynstemole, de wettermole, de skroef fan Archimedes en belegeringswapens, lykas de trebusjet. Yn 'e Renêssânse identifisearren natoerfilosofen seis saneamde 'ienfâldige masines', dy't de basale apparaten wiene om in lading yn beweging te bringen. Yn dyselde snuorje waard foar it earst sekuer de ferhâlding fan yngeande krêft neffens útgeande krêft berekkene, wat tsjintwurdich bekend stiet as it meganysk foardiel. Moderne masines binne yngewikkelde systemen dy't net allinne mear swier wurk dogge dat foar de minske sels ûndwaanlik is, mar ek helpe by aldendeiske taken, lykas in auto om fan plak A nei plak B te kommen, in kalkulator om dingen út te rekkenjen, of in typmasine en letter in kompjûter mei in tekstferwurkingsprogramma om teksten te skriuwen. De modernste masines, robots, kinne harsels rêde sûnder geduerich minsklik tafersjoch. Yn 'e rin fan 'e ienentweintichste iuw wurde de earste folslein selstinkende en probleemoplossende masines ferwachte, mei wiere keunstmjittige yntelliginsje.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|