Rekkenmasine

(Trochferwiisd fan Kalkulator)

In rekkenmasine, bûsrekkenmasine (ek wol rekkentastel of bûsjapanner) is in apparaat dêr't wiskundige berekkeningen op dien wurde kinne. De earste folslein elektroanyske rekkenmasine ûntstie yn 1961. In rekkenmasine is gjin algemien programmearbere kompjûter, hoewol't der yn guon modellen wol ienfâldige funksjes programmearre wurde kinne. De earste rekkenmasines wienen meganysk, mar de hjoeddeiske rekkenmasines binne elektroanysk en wurkje trochstrings op batterijen. Se kinne ek levere wurde mei fotovoltayske sellen.

In rekkenmasine
In wittenskiplike rekkenmasine

Bûsrekkenmasine

bewurkje seksje

Mei in rekkenmasine wurdt oer it generaal in bûsrekkenmasine bedoeld. De oare rekkenmasines wurde net mear brûkt.

Op elke rekkenmasine kinne minstens de neikommende berekkeningen dien wurde: optelle, ôflûke, fermannichfâldigje en diele. Utwreidere ferzjes biede ek woartellûke, persintberekkeningen en meardere wittenskiplike en statistyske funksjes lykas machtsferheffe, sinus en kosinus, tangens, gemiddelde, standertdeviaasje, ynverse, fakulteit, korrelaasje en regresje.

Rekkenmasines wurde brûkt troch minsken yn finansjele beroppen en yngenieurs om berekkeningen te dwaan dy't te simpel binne om in echt kompjûterprogramma nedich te meitsjen. Ek wurde se brûkt troch bern fan middelbere skoallen.

In rekkenmasine bestiet ornaris út in toetseboerd, besteande út in nûmeryk gedielte en by mear avansearre modellen in alfanûmeryk gedielte en toetsen dêr't menu's en funksjes ûnder ferskûle sitte, en in display om de ynfier en resultaten sjen te kinnen.

 
Facit NTK (1954)
 
Triumphator CRN1 (1958)
 
Walther WSR160 (1960)
 
Olivetti Divisumma 24 (1964)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: