Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker

Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker is in science fiction-roman en de ferboeking fan 'e earste film út 'e Star Wars-franchise. Dy hiet oarspronklik Star Wars en kaam yn 1977 út. It boek, dat publisearrew waard troch útjouwerij Ballantine Books, ferskynde lykwols in healjier foàr de film, yn 1976, en waard basearre op it oarspronklike senario en net op 'e foltôge film. Sadwaande komme der stikjes yn foar dy't net yn 'e film sitte om't se letter by de filmmontaazje fuortknipt binne. Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker ferskynde op namme fan Star Wars-betinker George Lucas, mar waard eins skreaun troch ghostwriter Alan Dean Foster. Nei't de film yn 1981 mei weromwurkjende krêft omneamd wie ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, kamen letter werprintingen fan it boek út ûnder de titel Star Wars: A New Hope.

Star Wars: From the Adventures
of Luke Skywalker
algemiene gegevens
auteur Alan Dean Foster
(op namme fan George Lucas)
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre science fiction
1e publikaasje 1976, New York
oarspr. útjwr. Ballantine Books
rige
rige Star Wars
kodearring
ISBN 0 34 52 60 619

Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker waard basearre op it senario foar de earste Star Wars-film. It waard publisearre ûnder de namme fan Star Wars-betinker George Lucas, mar it wie eins skreaun troch ghostwriter Alan Dean Foster. Yn in fraachpetear yn 2000 fertelde Foster dat immen yn it fermidden fan Lucas syn eardere roman Icerigger (1974) lêzen hie en dêr blykber fan ûnder de yndruk wie. Om't er al faker ferboekings fan film skreaun hie, naam Lucas syn abbekaat, Tom Pollock, kontakt mei him op. Foster hie twa eardere films fan Lucas sjoen (THX 1138 en American Graffiti), dat hy stimde yn mei in moeting, dy't plakfûn yn it doetiidske haadkertier fan Lucas syn special effects-bedriuw Industrial Light and Magic (ILM), yn in pakhûs yn 'e Los Anzjelynske wyk Van Nuys. Se koene daliks goed mei-inoar opsjitte, dat Foster tekene in kontrakt foar it skriuwen fan twa boeken.

Mei't de ynformaasje yn it senario frijwat summier wie, wreide Foster it ferhaal yn oerlis mei Lucas fierder út wat lokaasjes, planeten, bûtenierdske rassen, talen, skiednis en technology oangie. Doe't him, by itselde fraachpetear yn 2000, frege waard oft it dreech foar him wie dat úteinlik de namme fan Lucas op 'e roman kaam te stean, antwurde er ûntkennend. Hy sei: "Hielendal net. It ferhaal wie in idee fan George. Ik borduerre dêr allinne mar wat op fuort. Dat myn namme net op 'e omslach stie, wie foar my alhiel gjin probleem. It soe krekt sawat west hawwe as dat in oannimmer easke dat syn namme op in hûs stean moast dat ûntwurpen wie troch Frank Lloyd Wright."

 
George Lucas, de betinker fan Star Wars.

Luke Skywalker, in weesjonge dy't oannommen is troch syn omke Owen en muoike Beru, wennet op in boerespultsje yn 'e woastyn fan 'e planeet Tatooine, dêr't er dreamt fan gruttere en bettere dingen. As syn omke in pear twaddehâns androïden oanskaft, R2-D2 en C-3PO, ûntdekt Luke dat R2-D2 in boadskip befettet fan prinsesse Leia Organa fan Alderaan oan Jedi-master Obi-Wan Kenobi, dy't ûnderdûkt as balling op Tatooine libbet. R2-D2 naait út en Luke giet der mei C-3PO efteroan, en úteinlik bedarje se sa trijeresom by Obi-Wan. Dyselde fertelt Luke dat er foarhinne in freon fan Luke syn heit Anakin wie. Anakin wie nammentlik syn learling oant er fermoarde waard troch Darth Vader, de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine.

As Luke ûntdekt dat syn omke en muoike yn syn ôfwêzigens fermoarde binne troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk dy't op 'e siik binne nei de beide androïden, jout er him by Obi-Wan. Dyselde wol hawwe dat it syn lotsbestimming is om, krekt as syn heit foar him, in Jedi-ridder te wurden. Se hiere de smokkelder Han Solo en syn Wookiee-piloat Chewbacca yn, en sette yn harren romteskip, de Millennium Falcon, ôf fan Tatooine nei Alderaan. Dêr oankommen, ûntdekke se dat dy planeet ferneatige is troch in reuseftich Keizerlik romtestasjon en massaferneatigingswapen dat de Deadsstjer hjit. Harren skip komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar se witte oan finzenskip te ûntkommen en rêde prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Obi-Wan Kenobi offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Luke, Leia, Han, Chewbacca, R2-D2 en C-3PO leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't Luke, Han en Chewbacca dielnimme oan in oanfal wêrby't de Deadsstjer ferneatige wurdt.

Ferskillen mei de film

bewurkje seksje

Ien fan 'e opfallendste ferskillen fan Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker mei de film dêr't it boek op basearre is, komt direkt al oan it begjin. De ikoanyske wurden "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort," dêr't eltse Star Wars-film mei begjint, misse nammentlik. Dêrfoar yn 't plak wurdt skreaun: "In oar stjerrestelsel, in oare tiid." Fierders mist ek de iepeningstekst fan 'e film, dêr't de foarfallen yn beskreaun wurde dy't krekt foartiid plakfûn hawwe. Ynstee is der in prolooch tafoege, wêryn't de politike eftergrûn oansjenlik wiidweidiger útlein wurdt. De prolooch befettet ek de earste fermelding fan 'e namme fan 'e keizer, Palpatine, dy't yn 'e filmsearje pas yn it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999) brûkt wurdt. De beskriuwing fan Palpatine út 'e prolooch komt lykwols net alhiel oerien mei dy út 'e lettere films. It opmerklikste ferskil is dat er himsels neffens de prolooch kieze liet ta presidint fan 'e Galaktyske Republyk, in funksje dy't yn lettere Star Wars-wurken net bestiet (ynstee lit Palpatine himsels dêr ta kânselier kieze.)

De ferboeking ferskilt fierders fan 'e film trochdat er ferskate sênes út it oarspronklike senario omfettet dy't wol filme waarden, mar letter by de filmmontaazje fuortknipt waarden en net yn 'e film bedarren. It wichtichste dêrfan binne de moetings fan Luke Skywalker mei Biggs Darklighter en syn oare maten yn Tosche Station op Tatooine. In oare sêne fan dizze soarte is dy wêryn't Han Solo foar syn ôfreis nei Alderaan mei Luke en Obi-Wan Kenobi in moeting hat mei de gangster Jabba de Hutt, oan wa't er jild skuldich is. Dy sêne waard yndie filme en fuortknipt, mar by de publikaasje fan 'e special edition fan Star Wars: Episode IV – A New Hope, yn 1997, wer tafoege. De ôfskildering fan Jabba yn it boek (mei in "hierrige plasse" en oerdutsen mei groeden dy't syn reputaasje as in ferfrettend fjochter oanjouwe) ferskilt trouwens sterk fan 'e omskriuwing yn it oarspronklike senario (mei eagen op stâltsjes) en syn oansjen yn 'e film (as in soarte fan reuseftige slak). It oansjen fan 'e Wookiee Chewbacca doocht likemin, mei't er ôfskildere wurdt mei felle gielkleurige eagen.

De ferneatiging fan 'e planeet Alderaan wurdt net neamd yn 'e roman, noch fernimt Obi-Wan Kenobi dêr wat fan (yn 'e film krekt ien fan 'e bekendste sênes). Obi-Wan wurdt yn it boek echt ferslein troch Darth Vader yn harren duël mei de ljochtsabel, wylst er himsels yn 'e film mei opsetsin deadzje lit. Ek wol it boek hawwe dat de formele beneaming foar in robot eins "meganyske libbensfoarm" is, en dat "droïde", stiiffêst skreaun mei in apostrof (as ’droïde) om oan te jaan dat "an-" fuortfallen is, eins in sprektaalterm is. Ferskate lytsere ferskillen komme ek foar. Sa jout Luke him foar de oanfal op 'e Deadsstjer by Squadron Blau ynstee fan Squadron Read, sadat syn oanropkoade "Blue Fiif" is ynstee fan "Read Fiif".

 
Alan Dean Foster, wie de echte auteur fan Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker.

Publikaasjeskiednis

bewurkje seksje

Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker waard yn 'e Feriene Steaten op 12 novimber 1976 publisearre troch útjouwerij Ballantine Books, mei in omslach dy't ûntwurpen wie troch Ralph McQuarrie, dy't ek as produksje-yllustrator belutsen wêze soe by de oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Op 'e yllustraasje wie Luke Skywalker mei in ljochtsabel te sjen, mei by him de androïden R2-D2 en C-3PO en in wat te lichte, te koarte en lang net hierrich genôge Chewbacca, tsjin 'e eftergrûn fan it reuseftige masker mei helm fan Darth Vader.

Tsjin febrewaris 1977, in fearnsjier foar't de earste Star Wars-film yn 'e bioskoop komme soe, wie de earste printinge fan 500.000 eksimplaren fan 'e ferboeking al útferkocht. Yn it folgjende fearnsjier waarden nochris 3,5 miljoen eksimplaren printe. Guon lettere edysjes waarden foarsjoen fan kleurefoto's út 'e film. Nei't de film yn 1981 mei weromwurkjende krêft omneamd wie ta Star Wars: Episode IV – A New Hope, kamen letter werprintingen fan it boek út ûnder de titel Star Wars: A New Hope.

Nei it súkses fan it earste boek makke Alan Dean Foster syn kontrakt foar twa boeken ôf mei it skriuwen fan 'e earste orizjinele Star Wars-roman, Splinter of the Mind's Eye, dat yn 1978 útkaam. Dat wurk waard troch George Lucas besteld om in lowbudget-ferfolchfilm op te basearjen foar it gefal dat Star Wars yn 'e bioskopen floppe soe. Mei't de film in daverjend súkses wie, waard Splinter of the Mind's Eye nea ferfilme. De folgjende offisjele ferboeking yn it ramt fan 'e Star Wars-filmsearje wie The Empire Strikes Back (basearre op Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back), in roman dy't yn 1980 skreaun waard troch Donald F. Glut.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.