Ferballing

(Trochferwiisd fan Balling)

Ferballing of ferbanning is it by wize fan bestraffing fuortstjoeren fan immen út in mienskip troch in dêrta foechhawwende autoriteit. Immen dy't ferballe is, libbet yn ballingskip yn in ballingsoard en wurdt in balling of banling neamd. Ferballing kin útinoar rinne fan in oplein ferbod om noch langer op jins hjoeddeiske wen- of ferbliuwplak ta te hâlden (ûnder de moderne wet in gebietsferbod) oant de folsleine útwizing út in beskaat gebiet. As it dêrby om in ûnôfhinklik lân giet, sprekt men fan eksterne ferballing. Dy foarm fan ballingskip bestiet hjoed de dei frijwol net mear.

Napoleon yn ballingskip op Sint-Helena.

It komt ek foar dat in ûnwinske persoan binnen in lân in ferplichte wenplak tawiisd kriget, almeast yn ien fan 'e ôfhandichst mooglike gebieten. Dat hjit ynterne ferballing, en soks kaam bygelyks foarhinne yn Ruslân in protte foar, wêrby't sawol ûnder de tsaren as yn 'e tiid fan 'e Sovjet-Uny dissidinten nei it fiere Sibearje ferballe waarden, dêr't se harren dwaande hâlde moasten mei oerlibjen ûnder de barre klimatologysk omstannichheden en gjin politike swierrichheden mear feroarsaakje koene foar it regear.

Yn it eardere Nederlânsk-Ynje waard soks troch it Nederlânske koloniale bestjoer ek dien troch Yndonezyske ûnôfhinklikheidsaktivisten nei Boppe-Digoel, yn Nederlânsk Nij-Guineä te ferbaljen. Frankryk wiisde oant fier yn 'e tweintichste iuw lju út nei Duvelseilân, yn Frânsk-Guyana, al wie dat mear in soarte fan tichthûs en is it dêrom twifelich oft dat as in ballingsoard sjoen wurde kin. De ûnderskate Britske strafkoloanjes dy't it begjin fan 'e kolonisaasje fan Austraalje foarmen, wiene lykwols wer wol dúdlik in foarm fan ynterne ferballing.

As men tsjin jins wil, mar op eigen inisjatyf nei in oare lokaasje (benammen in oar lân) ferfart, bgl. om't jins wurkjen yn eigen lân ûnmooglik makke is, om't men ynsit oer de feilichheid fan jins gesin, of om't men in politike protestdie stelle wol, dan sprekt men fan frijwillige ballingskip. Soms rjochtsje politike dissidinten dy't al of net frijwillich yn ballingskip gien binne om utens in eigen, alternatyf regear foar harren lân op; sa'n ynstelling hjit in regear-yn-ballingskip. As in hiele etnyske groep syn heitelân ûntskuord en nei in ballingsoard stjoerd wurdt, sprekt men yn 'e regel net fan in ferballing, mar fan in deportaasje. Soks oerkaam bygelyks de Joaden yn 'e sechsde iuw f.Kr., dy't tusken 586 en 538 f.Kr. yn 'e Babyloanyske Ballingskip ferkearden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.