Werprintinge
In werprintinge of werútjefte is in útjefte fan in publikaasje dy't alris earder publisearre is. Faak is it sa dat sok materiaal yn 'e tuskentiid oanpast is, bygelyks troch typflaters derút te heljen, of troch it by de tiid te bringen. As it yn begjinsel om persiis deselde publikaasje giet, sprekt men fan in werprintinge, mar as der yngripende feroarings yn oanbrocht binne, hat men it earder oer in werútjefte of in nije edysje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |