Luke Skywalker is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Luke is in boerejonge dy't Jedi-ridder wurdt "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Luke Skywalker makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch akteur Mark Hamill. Krapoan fjirtich jier letter spile Hamill deselde rol wer yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019).

Luke Skywalker
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Leia Organa
Anakin Skywalker
Padmé Amidala
Obi-Wan Kenobi
Han Solo
Chewbacca
Yoda
attributen ljochtsabel
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Oarspronklike Star Wars-trilogy

bewurkje seksje

Luke Skywalker ferskynt foar it earst yn byld yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) as in boerejonge dy't op 'e planeet Tatooine, oan 'e wetteleaze râne fan it Galaktysk Keizerryk, grutbrocht wurdt troch syn omke en muoike Owen en Beru Lars. Hy is in teenager dy't dreamt fan gruttere en bettere dingen. As syn omke in pear twaddehâns androïden oanskaft, R2-D2 en C-3PO, ûntdekt Luke dat R2-D2 in boadskip befettet fan prinsesse Leia Organa fan Alderaan oan Jedi-master Obi-Wan Kenobi, dy't ûnderdûkt as balling op Tatooine libbet. As R2-D2 útnaait, giet Luke him mei C-3PO efternei en sa bedarje se trijeresom by Obi-Wan, dy't him fertelt dat er foarhinne in freon fan Luke syn heit Anakin wie. Anakin wie nammentlik syn learling oant er fermoarde waard troch Darth Vader, de trewant fan 'e boasaardige keizer Palpatine.

 
De Jedi-mantel fan Luke Skywalker út Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi.

As Luke ûntdekt dat syn omke en muoike yn syn ôfwêzigens fermoarde binne troch Keizerlike stoarmtroepers op 'e siik nei de beide androïden, jout er him by Obi-Wan, dy't him fertelt dat it syn lotsbestimming is om, krekt as syn heit foar him, in Jedi-ridder te wurden. Se hiere de smokkelder Han Solo en syn Wookiee-piloat Chewbacca yn, en sette yn harren romteskip, de Millennium Falcon, ôf fan Tatooine nei Alderaan. Dêr oankommen, ûntdekke se dat dy planeet ferneatige is troch in reuseftich Keizerlik romtestasjon dat de Deadsstjer hjit. Harren skip komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar se witte oan finzenskip te ûntkommen en rêde prinsesse Leia, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt. Obi-Wan Kenobi offeret himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Luke, Leia en Han leverje de blaudrukken fan 'e Deadsstjer ôf by it Rebelleferbûn, wêrnei't Luke in krúsjale rol spilet by de oanfal wêrby't de Deadsstjer ferneatige wurdt.

Trije jier letter, yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980), is Luke djip behelle rekke yn 'e opstân fan it Rebelleferbûn tsjin it Galaktysk Keizerryk. Nei't Keizerlike troepen de rebellen ta de evakuaasje fan in wichtige basis op 'e iisplaneet Hoth twinge, fiteret de geast fan Obi-Wan Kenobi Luke oan om nei de planeet Dagobah te gean. Dêr treft Luke de âlde Jedi-ridder Yoda oan, dy't as klúzner yn ballingskip libbet. Dyselde stimt deryn ta om him te trainen, hoewol't er twifels hat oer Luke syn geskiktheid om Jedi te wurden. As Leia, Han en Chewbacca yn 'e swierrichheden reitsje op 'e planeet Bespin, brekt Luke tsjin it útdruklik advys fan Yoda syn training ôf om syn freonen te rêden. Op Bespin siket Luke Darth Vader op en fjochtet in duël mei de ljochtsabel út wêrby't er syn hân kwytrekket en Vader him in skokkende wierheid fertelt: hy is nimmen oars as Luke syn heit Anakin. Luke wurdt rêden troch Lando Calrissian en prinsesse Leia en kriget neitiid in hânproteze oanmetten.

 
It pak fan in X-wjukjager-piloat út Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi, fierhinne gelyk oan it pak dat Luke Skywalker yn 'e film droech.

Noch wer in jier letter is Luke yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) op Tatooine belutsen by de befrijing fan Han Solo út 'e kloeren fan 'e ûnmeilydsume gangster Jabba de Hutt. Neitiid keart er werom nei Dagobah om syn training ta Jedi-ridder te ferfetsjen, mar treft dêr Yoda oan op syn stjerbêd. Mei syn lêste wurden befêstiget Yoda de skokkende wierheid dat de boasaardige Darth Vader eins Luke syn heit Anakin is, en ek seit er dat Luke in nije konfrontaasje mei Vader oangean moat om syn training te foltôgjen. Fan 'e geast fan Obi-Wan komt Luke oan 'e weet dat er in twillingsuster hat. Luke jout him wer by de rebellen en ûntsenuwt de trijehoeksferhâlding dy't tusken him en Han om 'e geunst fan Leia ûntstien is, troch út te lizzen dat hysels en Leia broer en suster binne.

By in klimaktyske oanfal fan it Rebelleferbûn op in nije Deadsstjer giet Luke by it romtestasjon oan board om mei Vader ôf te weven. Vader besiket him te ferlieden om oer te rinnen nei it Keizerryk en de tsjustere kant fan de Krêft. Luke wegeret en ferslacht Vader yn in nij duël mei de ljochtsabels. Keizer Palpatine stiet der by him op oan om Vader te deadzjen, mar Luke ferpoft dat, ek as de keizer driget om Luke sels om te bringen. As de swierferwûne Darth Vader sjocht dat keizer Palpatine syn soan Luke martelet en risselwearret om him te fermoardzjen, keart er him tsjin 'e keizer, dy't er yn in reäktorskacht te pletter smyt, hoewol't er dêrby sels deadlike ferwûnings oprint.

Star Wars-prequeltrilogy

bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) komt oan it ljocht dat Padmé Amidala fan Naboo de mem fan Luke en Leia is. Hielendal oan 'e ein fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wurdt de twilling berne. Padmé stjert koarte tiid letter om't se troch it ferrie fan Anakin neat mear hat om foar te libjen. Yoda en Obi-Wan Kenobi beslute de twillingen foar harren eigen feilichheid útinoar te heljen. Obi-Wan jout Luke om grut te bringen oan Owen Lars, de broer fan Anakin syn mem Shmi, en dy syn frou Beru.

 
Waaksen bylden fan Darth Vader (l.) en Luke Skywalker (rj.) ferwikkele yn in gefjocht mei ljochtsabels, mei op 'e eftergrûn it tasjende figuer fan keizer Palpatine.

Star Wars-ferfolchtrilogy

bewurkje seksje

Likernôch tritich jier nei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan keizer Palpatine yn 'e Slach by Endor binne yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) de restanten fan it Keizerryk gearklofte ta de Earste Oarder, dy't besiket de troch de eardere rebellen oprjochte Nije Republyk ûnder fuotten te heljen. De op jierren reitsjende Luke Skywalker, dy't de lêste Jedi-ridder is, rekket fermist. Mar yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) wurdt er úteinlik yn frijwillige ballingskip weromfûn op 'e planeet Ahch-To troch Rey, in jong lid fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder.

Rey besiket Luke te bepraten en lear har om te gean mei de Krêft. Luke wol dêr yn 't earstoan neat fan witte, mar lang om let jout er ta. Hy bychtet oan Rey op dat syn omkesizzer Kylo Ren, de soan fan Han en Leia, oerrûn is nei de tsjustere kant fan 'e Krêft troch tadwaan fan Luke. Rey wol dat er har helpt om Kylo werom te bringen nei de ljochte kant fan 'e Krêft, mar Luke stegeret har ferbittere ôf. Nei't se har ôfjûn hat, kriget er in fizioen fan Yoda, dy't him derfan bewissiget dat syn libben noch altyd in doel hat. Dat makket dat er him betinkt en him dochs by it Ferset jout. Yn 'e Slach om Crait befjochtet er Kylo yn duël wylst de fersetslju evakuëarre wurde. Hy liket net te deadzjen te wêzen, mar úteinlik docht bliken dat it mar in projeksje fan himsels is, dy't er stjoerd hat troch manipulaasje fan 'e Krêft; sels is er noch altyd op Ahch-To. Dêrmei hat Luke lykwols safolle krêften opbrûkt, dat er neitiid komt te ferstjerren en ien wurdt mei de Krêft.

 
Mark Hamill, dy't yn seis Star Wars-films de rol fan Luke Skywalker fertolke.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) keart Luke werom as in geast fan de Krêft om Rey mei goerie by te stean yn har striid tsjin 'e Earste Oarder en de weropstiene Palpatine.

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Op 'e tillefyzje komt it personaazje fan Luke Skywalker foar yn inkele ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Forces of Destiny (ynsprutsen troch Mark Hamill). De ôflevering The Path Ahead giet djipper yn op syn training ûnder Yoda op Dagobah, wylst er yn Traps en Tribulations tegearre mei Leia de Ewoks fan 'e boskmoanne Endor te help komt as se bedrige wurde troch in meunster dat in Gorax neamd wurdt.

Yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian ferskynt Luke, spile troch Mark Hamill, yn ôflevering Chapter 16: The Rescue om de Mandaloriaan Din Djarin en dy syn beskermeling Grogu te rêden as se finzen nommen binne troch stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk. Neitiid nimt er Grogu, mei goedkarring fan Djarin, mei om him te trainen as Jedi. Yn 'e ôflevering Chapter 6: From the Desert Comes a Stranger fan 'e live-actionsearje The Book of Boba Fett beslút Luke (Mark Hamill), yn oerlis mei in oare Jedi, Ahsoka Tano, om Grogu sels kieze te litten oft er wol Jedi wurde wol, mei't er net wis is fan 'e tawijing fan Grogu oan 'e oplieding. (Yn 'e folgjende ôflevering docht bliken dat Grogu derfoar keazen hat om syn oplieding net fuort te setten.)

Star Wars Legends

bewurkje seksje

Om 'e oarspronklike Star Wars-trilogy hinne groeide in hiele universum fan literatuer en fideospultsjes wêryn't de ferhalen fan Luke en de oare haadpersoanen fierder útwurke waarden nei de oerwinning yn 'e Slach om Endor oan 'e ein fan Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Nei't filmstudio Lucasfilm fan Star Wars-betinker George Lucas yn 2012 oernommen wie troch The Walt Disney Company waard it meastepart fan dy oanfoljende ferhalen út 'e Star Wars-kanon retcond om't Disney foar de Star Wars-ferfolchtrilogy in hiele oare kant út woe mei de ferhaalline. Yn april 2014 waarden alle skraste ferhalen omneamd ta Star Wars Legends, "leginden", dy't dus net wier bard wiene.

Ien fan 'e wichtichste ûntjouwings foar Luke Skywalker yn 'e Star Wars Legends wie dat er in nije Jedi-akademy opsette. Yn 'e Thrawn Trilogy (1991-1993) fan Timothy Zahn komt Luke yn 'e kunde mei Mara Jade, in eardere ûnderhearrige fan keizer Palpatine, dy't troch him mei de Krêft bûn is om Luke te fermoardzjen. Nei't se him finzen nommen hat, wurdt se lykwols troch omstannichheden twongen om him in skoft yn libben te hâlden. Luke ûntdekt de flok dêr't se ûnder lijt en besiket har der om 'e nocht fan te ûntdwaan. Lang om let deadet Mara in boasaardige kloan fan Luke, en dêrtroch wurdt se fan har betsjoening befrijd. Neitiid jout Mara har by de Jedi. Sy en Luke trouwe en krije in soan, Ben.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

bewurkje seksje
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Mark Hamill
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Mark Hamill
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi Mark Hamill
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Mark Hamill

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono