Shmi Skywalker
Shmi Skywalker is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hja is in slavinne dy't op 'e planeet Tatooine bedarret en it libben skinkt oan in soan, Anakin, mei wa't de hiele Skywalker Saga begjint. Shmi Skywalker waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) spile troch de Sweedske aktrise Pernilla August. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars spriek August ek de dialooch fan Shmi yn.
Shmi Skywalker personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | slavinne | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Anakin Skywalker Cliegg Lars Watto Qui-Gon Jinn | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 1999 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeDe eftergrûn fan Shmi Skywalker wurdt yn oare wurken út 'e Star Wars-franchise út 'e doeken dien. Har oarspronklike thúswrâld is ûnbekend, mar se wurdt as jong famke mei har âldelju ta slaaf makke troch piraten. Neitiid wurdt se ferskate kearen trochferkocht oan nije eigners, dy't har fan it iene planetestelsel meislepe nei it oare. Se libbet in dreech bestean en praat nea mear oer it lot fan har âlden, as se dêr al weet fan hat. Geandewei rekket Shmi bekend mei masines en hoe't dy reparearre wurde moatte, wat in weardefolle eigenskip yn in slaaf is foar eltse eigner. Uteinlik bedarret se yn 'e delsetting Mos Espa, op 'e woastynplaneet Tatooine. Dêr wurdt se eigendom wurdt fan 'e froulike gangster Gardulla de Hutt, dy't har by in weddenskip oer in podrace ferliest oan 'e ynklauwerige Toydariaan Watto. Dyselde lit har neitiid wurkje yn syn winkel yn twaddehâns technologyske ûnderdielen.
Op Tatooine rekket Shmi swier sûnder dat se mei in man op bêd west hat. (Jedi-master Qui-Gon Jinn leit dat letter út troch der op te wizen dat de Krêft sa sterk is yn har famylje, dat der gjin manlike partner nedich wie foar de befruchting.) Se befalt fan in soan, Anakin, yn wa't de Krêft noch sterker oanwêzich is as yn Shmi sels. Dat jout de jonge wetterflugge refleksen, eat dêr't Watto fan profitearret troch Anakin meidwaan te litten oan gefaarlike races yn swevende fiertugen dy't podracers hjitte. Troch weddenskippen op 'e útkomst ôf te sluten, ferriket de Toydariaan him danich oan Anakin, al stiet Shmi by eltse race deadseangsten út dat de jonge it net oerlibje sil.
As Anakin njoggen jier is, komt er yn 'e kunde mei de Jedi-master Qui-Gon Jinn, lykas te sjen is yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Dyselde is mei syn frijwol follearde learling Obi-Wan Kenobi en keninginne Padmé Amidala fan Naboo op sleeptou ûnderweis nei Coruscant, de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk. Hy ken fuortendaliks it potinsjeel fan Anakin wer, en hoewol't de jonge eins al te âld is om noch útein te setten mei Jedi-training, stiet Qui-Gon derop dat Anakin syn nije learling wurdt. Dêrta keapet Qui-Gon him frij en nimt him mei nei Coruscant. Shmi, dy't se derfan oertsjûge is dat it podracen nochris syn dea wurdt, hechtet har goedkarring oan 'e ôfreis fan har soan om't se him út Watto syn kloeren hawwe wol.
Neitiid moetet Shmi de boer en widner Cliegg Lars, dy't fereale op har rekket. Hy keapet har frij út slavernij en trout mei har, wêrnei't se styfmem foar syn syn foarsoan Owen wurdt. Sa't de film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones ferhellet, wurdt Shmi tsien jier nei't Anakin mei Qui-Gon ôfset is, ûntfierd troch Tusken-kapers, dy't har meifiere de woastyn fan Tatooine yn en har slim tramtearje. Cliegg, Owen en oare freonen fan harres geane har efternei, mar kinne har net fine. Anakin, dy't har pine fia de Krêft gewaarwurdt, reizget halje-trawalje nei Tatooine, dêr't er allinne de woastyn yn giet en syn mem opspoart. Hja is dan lykwols sa slim mishannele, dat se yn syn earms ferstjert. Anakin ûntstekt neitiid yn razernij en rûget de hiele clan Tusken-kapers út dy't ferantwurdlik is foar syn memme dea, de froulju en bern ynbegrepen. Dat barren is in wichtige stap op syn ôfgliidzjende paad nei de tsjustere kant fan 'e Krêft.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |