Slavernij

(Trochferwiisd fan Slavinne)

Slavernij is in tastân wêrby't minsken as eigendom holden wurde. It begryp ferwiist ek nei it maatskiplik stelsel wêrby't slaven holden wurde meie. Omdat de mins as eigendom holden wurdt, hoecht de slavehâlder gjin lean te beteljen. Slavetsjinst en slavehannel wie eartiids in wichtige ekonomyske faktor.

Slavetransport yn Afrika, gravuere út Lehrbuch der Weltgeschichte oder Die Geschichte der Menschheit, William Rednbacher, 1890
Slaaf wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Slaaf (betsjuttingsside).

Slavernij is fan alle tiden. De bekendste slavernij wie dy yn de tiid fan de kolonisaasje fan de 16e oant en mei de 19e iuw. Moderne slavernij moat ûnder oare socht wurde yn Afrika en by guon prostituees út East-Europa, Aazje, Súd-Amearika en Afrika.

Sûnt 2007 is slavernij oer de hiele wrâld ferbean. [1] It wrâldwide ferbod is fêstlein yn de Ynternasjonale Slavernij-Konvinsje fan 1926 (Slavery Convention of de Convention to Suppress the Slave Trade and Slavery) dy 't ta stân kaam ûnder de doetiidske Folkebûn, nei't yn inkelde eardere ferdraggen al stappen set wiene yn dy rjochting. Yn de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske út 1948 waard ek in artikel tsjin slavernij opnommen. Foarmen fan slavernij komme op ferskate plakken yn de wrâld foar. Neffens de Global Slavery Index fan de Walk Free Foundation wie it tal minsken ûnder moderne slavernij yn 2016 goed 40 miljoen. [2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: