Quarsh Panaka (útspr.: [ˈkʷɑɹʃ pɑˈnaːkə], likernôch: "kwarsj pa-naa-kuh") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in militêr ofsier en letter de gûverneur fan 'e planeet Naboo. Panaka waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999). It personaazje waard fertolke troch de swarte akteur Hugh Quarshie.

Quarsh Panaka
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske (Nabooaansk)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr, gûverneur
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Padmé Amidala
Sio Bibble
Sabé
Saché Adova
Rabé Tonsort
Eirtaé Ballory
Jar Jar Binks
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Fiktive biografy bewurkje seksje

Iere jierren bewurkje seksje

Quarsh Panaka wurdt berne op Naboo en giet al ier by de kriichsmacht fan syn thúswrâld. Yn syn jonkheid docht er ûnderfining yn oarlochssitewaasjes op troch yndieling by in spesjale taakgroep foar de bestriding fan romtepiraterij, dy't gearstald is út militêren fan ferskate planeten. Meitiid klimt er troch de rangen op nei de posysje fan opperbefelhawwer fan 'e Keninklike Nabooaanske Befeiligingsmacht, mei tafersjoch oer de paleiswacht, de út frijwilligers besteande befeiligingsgarde (in soarte fan lânmacht) en it romtejagerkorps. Hy trout mei Mariek Panaka.

Nabookrisis bewurkje seksje

Yn 32 f.Sl.Y., as Naboo ûnder it regear fan keninginne Padmé Amidala yn in konflikt mei de machtige Hannelsfederaasje behelle rekket, stiet Panaka machteleas om in besetting fan Naboo troch de fijân foar te kommen. Yn 'e mande mei û.o. keninginne Padmé, gûverneur Sio Bibble, en de troch himsels útkeazen keninklike hofdames Sabé, Rabé, Saché, Eirtaé en Yané, wurdt er finzen nommen yn it keninklik paleis yn 'e Nabooaanske haadstêd Theed. As Padmé wegeret en ûndertekenje in ferdrach dat de Hannelsfederaasje yn 'e praktyk de macht op Naboo jaan soe, wurdt de hiele groep nei in finzenekamp stjoert.

Underweis wurde se befrijd troch de Jedi-ridders Qui-Gon Jinn en Obi-Wan Kenobi. Bibble bliuwt mei Saché en Yané efter op Naboo, mar Padmé, Panaka en de oaren ûntsnappe yn it keninklik romteskip fan 'e planeet om help te sykjen by kânselier Finis Valorum en de Galaktyske Senaat yn 'e haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant. Nei't it selskip sûnder wat bedijd te hawwe fan Coruscant weromkeart, is Panaka der tsjûge fan hoe't de keninginne in militêr bûnsgenoatskip slút mei de Gunganen, it ras fan bûtenierdske wêzens dat lânseigen is op Naboo.

Wylst de Gunganen yn in iepen fjildslach de striid mei it androïdeleger fan 'e Hannelsfederaasje oangeane, bestoarmje Padmé en har gefolch it besette keninklik paleis yn Theed. Dêrby bliuwt Panaka deunby de keninginne. Harren groepke wurdt op in stuit finzen nommen en yn 'e troanseal foar Nute Gunray brocht, de Neimoïdyske ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje. Wannear't in oare groep mei de hofdame Sabé, dy't as de keninginne ferklaaid is, de fijân yn betizing bringt, witte Padmé en Panaka de liifwachten fan Gunray út te skeakeljen en himsels kriichsfinzen te nimmen. Dan is it gau dien fan de besetting en de oarloch.

Neitiid wennet Panaka de kremaasje fan 'e sneuvele Jedi Qui-Gon Jinn by, en teffens nimt er diel oan 'e oerwinningsparade fan 'e Nabooanen en de Gunganen yn Theed. Hy is ferantwurdlik foar de oerdracht fan 'e fan oarlochsmisdieden beskuldige Gunray en dy syn ûnderbefelhawwer Rune Haako oan 'e autoriteiten fan 'e Republyk.

Lettere jierren bewurkje seksje

Nei ôfrin fan 'e Nabookrisis tsjinnet Quarsh Panaka it hiele fierdere regear fan Padmé Amidala as har kommandant fan 'e kriichsmacht. Nei't dyselde har beide terminen as keninginne úttsjinne hat, giet se yn 'e polityk en wurdt se keazen ta senator foar Naboo. Panaka draacht dan syn wurk as har liifwacht oer oan syn omkesizzer Gregar Typho, wylst er sels militêr kommandant bliuwt ûnder Padmé har opfolchster, keninginne Jamillia. Twa jier letter komt in oare omkesizzer fan Panaka, Versé, dy't as assistinte fan Padmé wurket, om by in mislearre oanslach op it libben fan 'e senator.

Under it regear fan keninginne Neeyutnee beslút Sio Bibble, dy't ûnderwilens op jierren rekket, om mei pinsjoen te gean as gûverneur fan Naboo. De ferwachting is dat er by ferkiezings opfolge wurde sil troch syn pupil Saché Adova, mar ear't dat barre kin, hellet kânselier Palpatine de Galaktyske Republyk ûnder fuotten en rjochtet yn it plak dêrfan it Galaktysk Keizerryk op, mei himsels as keizer. Hy leit it near op alle frije ferkiezings en stelt Panaka op Naboo oan as opfolger fan Bibble, yn 'e nije posysje fan moff. Hoewol't er yn 'e grûn gjin ferkearde man is, hinget Panaka tefolle oan syn trou oan Palpatine, dy't ek fan Naboo komt, om te trochsjen hoe skriklik dy syn bewâld is. Panaka beklaait de funksje fan gûverneur fan Naboo sechstjin jier lang, oant er yn 3 f.Sl.Y. by in bomoanslach deade wurdt troch de rebellen fan 'e fersetsgroep fan Saw Gerrera.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono