Mentor

(Trochferwiisd fan Mentorskip)

In mentor is immen dy't syn of har ûnderfining op in beskaat mêd of syn of har libbensûnderfining brûkt om troch begelieding in jonger, minder ûnderfûn persoan te helpen. De beneaming is ûntliend oan Mentor, in personaazje út 'e Aldgrykske Odyssee fan Homearus. Yn it epos is dat eins in âldman dy't net folle bedijt, mar syn stal wurdt oannommen troch de goadinne Pallas Atene, dy't Telemachus, de jonge soan fan 'e held Odysseus, begeliedt troch syn drege jierren. De term 'mentor' hat gjin froulike foarm; hoewol't in froulike mentor soms in mentriks neamd wurdt, is dat basearre op 'e misfetting dat 'mentor' in Latynsk wurd is en dêrom op 'e Latynske wize ferbûgd wurde kin.

In frou fungearret as mentor foar in famke yn it ramt fan it Youth for Change-programma.
Dizze side giet oer mentor yn 'e sin fan begelieder. Foar oare betsjuttings, sjoch: Mentor (betsjuttingsside).

De begelieding dy't in mentor oan syn learling biedt, wurdt mentorskip neamd. Dat heart in parnerskip te wêzen op it mêd fan ûnderwiis en persoanlike ûntjouwing tusken immen mei in protte ûnderfining en immen dy't leare wol. By mentorskip is der altyd sprake fan kommunikaasje dy't beide kanten útgiet. It is dus net sa dat der inkeld fan 'e mentor nei de learling kommunisearre wurdt. Behalven kennis kin troch in mentorskipsrelaasje ek sosjaal kapitaal en psycho-sosjale stipe oerdroegen wurde. Soks bart boppedat yn in ynformele sfear. Ek om te learen hoe't men omgean moat mei beskate kulturele of sosjale kwestjes kin der ferlet wêze fan gearwurking mei in saakkundige. Mentors en harren learlingen moetsje inoar yn 'e regel yn persoan; it is dreech om in mentorskipsrelaasje op te bouwen as der inkeld kontakt fia de tillefoan of it ynternet is. De doer fan in mentorskipsrelaasje ferskilt fan inkele wiken om te learen hoe't men in beskate put útfiere moat, oant ferskate jierren by in mear algemien soarte fan mentorskip.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.