Shaak Ti
Shaak Ti (útspr.: [ˈʃaːk ˈti], likernôch: "sjaak ty") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Sy is in Jedi-master fan it bûtenierdske ras fan 'e Togruta, en teffens in lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder. Shaak Ti waard yntrodusearre yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002). It personaazje waard yn dy film en yn it ferfolch en Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) spile troch aktrise Orli Shoshan. Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) waard de dialooch fan Ti ynsprutsen troch stimaktrise Tasia Valenza.
Shaak Ti personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | Togruta | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | Jedi-master | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Mace Windu Yoda Aayla Secura Luminara Unduli Plo Koon | |
geastlike heit | George Lucas | |
ûntstean | 2002 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjeEftergrûn
bewurkje seksjeShaak Ti wurdt berne as in Togruta op 'e planeet Shili, dat de thúswrâld fan 'e Togruta is. Omreden fan har oanberne Krêftgefoeligens wurdt se al jong nei de Jedi Timpel ta brocht, it haadkertier fan 'e Jedi Oarder op Coruscant, dêr't se oplaat wurdt ta Jedi-ridder. Yn of koart foar 22 f.Sl.Y., as master Yaddle har sit opjout om in minder aktive rol te spyljen, wurdt Ti yn har stee beneamd ta lid fan 'e Hege Jedi Ried, it bestjoersorgaan fan 'e Jedi Oarder.
Kloane-oarloggen
bewurkje seksjeWannear't yn 22 f.Sl.Y. de Separatistyske Krisis útbrekt, wêryn't de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels him besiket ôf te skieden fan 'e Galaktyske Republyk, wurde de Jedi Obi-Wan Kenobi en Anakin Skywalker en senator Padmé Amidala op 'e planeet Geonosis finzen nommen troch greve Dooku, de lieder fan 'e separatisten. Dyselde feroardielet harren ta de deastraf yn 'e Petranaki Arena yn it gefjocht mei ferskuorrende wylde bisten. Shaak Ti is ien fan 212 Jedi dy't troch Mace Windu, de lieder fan 'e Hege Jedi Ried, meinommen wurde nei Geonosis om Kenobi en de oaren te befrijen. As ien mar in minmachtich groepke oerlibbet Ti it gefjocht yn 'e arena en teffens de dêropfolgjende Earste Slach om Geonosis.
Dat treffen liedt ta it útbrekken fan 'e Kloane-oarloggen, en Ti wurdt in generaal yn Grutte Leger fan 'e Republyk, dat bestiet út 'e kloansoldaten dy't Jedi-master Sifo-Dyas mear as tsien jier earder op Kamino besteld hat. Ier yn 'e oarloch wurdt Ti útkeazen om 'e Hege Jedi Ried te fertsjintwurdigjen op Kamino, dêr't se persoanlik tafersjoch hâldt op 'e training fan 'e nije lichtings kloansoldaten. Yn dy hoedanichheid funksjonearret se as in mentor foar de kloansoldaten en teffens as de kommandant fan it garnizoen dat de Galaktyske Republyk op Kamino legere hat om 'e kloaneproduksje feilich te stellen. Se ûnderhâldt in spande relaasje mei de Kaminoänen en it regear fan minister-presidint Lama Su, dy't de kloansoldaten inkeld as wurktugen sjogge, wylst Ti harren as yntelliginte libbene wêzens beskôget mei eigen opfettings en gefoelens dy't respektearre wurde moatte.
De spannings tusken Ti en it Kaminoaanske regear boazje oan as Ti behelle rekket yn in ûndersyk nei de gearspanning oangeande de mysterieuze ûnderdrukkingschip dy't by eltse kloan yn 'e harsens ymplantearre wurdt. As se, troch de oerhearrige kloan Fives oan neier ûndersyk te ûnderwerpen, besiket út te finen wêr't it idee foar sa'n chip eins wei komt en wat er allegear ûnderdrukt, wurdt se troch de Kaminoänen aktyf tsjinwurke. It slagget Ti net om foar te kommen dat Fives geastlik ynstoart troch tadwaan fan 'e Kaminoänen. Syn geheimen, dy't it libben fan talleaze Jedi rêde kinnen hiene, stjerre mei him.
Wylst de oarloch him fuortsleept, komt Ti almar mear yn noed te sitten oer de mysterieuze Sith-master Darth Sidious, fan wa't sy en de oare leden fan 'e Hege Jedi Ried leauwe dat er ferantwurdlik is foar alle tsjinrampen dy't de Galaktyske Republyk de lêste desennia troffen hawwe. Ti rekket derfan oertsjûge dat Sidious ek in rol spile hat yn 'e oarsprong fan 'e kloanelegers fan 'e Republyk. Mar hoewol't se in grut part fan har tiid en enerzjy wijt oan ûndersyk yn dy rjochting, slagget it har net om út te finen wat syn identiteit is of wat er mei de kloanen fan doel wie.
Dea
bewurkje seksjeOan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen, yn 19 f.Sl.Y., is Shaak Ti ûnderwilens weromkeard nei de Jedi Timpel op Coruscant. Dêre nimt se diel oan 'e riedplachtings fan 'e Hege Jedi Ried, wêrby't de lieders fan 'e Jedi Oarder behalven de stân fan saken yn 'e oarloch ek beprate hoe't se mei kânselier Palpatine oan sille. Dyselde hat himsels ûnder it mom fan 'e troch de oarloch feroarsake needsitewaasje withoefolle bykommend foech ta-eigene en liket net ree te wêzen om dêr frijwillich wer ôfstân fan te dwaan.
Fierder as oerlis oer dy saak komme de Jedi net, mei't kânselier Palpatine, dy't eins Darth Sidious is, Oarder 66 útfurdiget, ta de útfiering wêrfan't de kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk troch de ûnderdrukkingschip foarprogrammearre binne. Dat befel hâldt de moard troch de kloanen op harren eigen Jedi-ofsieren yn, in foarfal dat letter bekend wurdt as de Grutte Suvering fan 'e Jedi. Palpatine wit de jonge Jedi-ridder Anakin Skywalker te ferlieden nei de tsjustere kant fan de Krêft, en Anakin wurdt syn nije learling ûnder de namme Darth Vader. Palpatine syn earste opdracht oan Vader is om alle Jedi yn 'e Jedi Timpel ôf te slachtsjen, in foarfal wêrmei't de Grutte Suvering úteinsette sil. As Vader en de kloanen fan it 501e Legioen de Timpel binnenfalle, komme se de Jedi dêr folslein oer it mad. Shaak Ti sneuvelet by de ferdigening fan 'e Timpel as se troch Vader mei de ljochtsabel delhoud wurdt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |