Kaminoänen
Kaminoänen (inkeltal: Kaminoaan) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones. Hja komme fan 'e planeet Kamino, foarby de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel, dy't foar it meastepart út iepen oseaan bestiet. Kaminoänen binne tige lange, tige tinne humanoïde amfibyen. Harren ras hat twa geslachten, manlik en froulik, en berikt folwoeksenens mei alve jier. Kaminoänen toane nei bûten ta suver gjin tekens fan gemoedstastân of persoanlikheid.
Kaminoänen hawwe in lichemslingte fan trochinoar 2.30 m oant 2.40 m, dêr't de tige lange en tinne hals likernôch in fyfdepart fan útmakket. Oan 'e útein fan dy hals hawwe se in holle dy't tige lyts is yn ferhâlding ta harren lichem, mar wol mei eagen, noas en mûle op it wenstige plak. De eagen binne grut en dominearje it gesicht; se binne mangelfoarmich en swart, mei wite pupillen. Kaminoänen hawwe gjin hier of earskulpen, mar de manlju beskikke oer in kaam dy't fan foarren nei efteren oer de boppekant fan 'e holle rint. Har hannen, mei in tomme en trije tige lange fingers, binne grut yn ferhâlding ta it lichem. De lange en brekbere skonken mei lytseftige fuotten jouwe Kaminoänen in elegante, glydzjende manear fan rinnen.
De Kaminoänen binne evoluëarre yn see, mar libje no yn grutte, koepelfoarmige, driuwende stêden, dy't heech boppe it oerflak fan 'e oseaan útstykje. Reizgjen tusken stêden dogge se op 'e rêch fan domestisearre bisten, aiwha's, dy't sawol yn wetter swimme as yn lucht fleane kinne. Foar minske-eagen lykje de wanden fan 'e Kaminoaanske stêden allegear sniewyt, mar foar de Kaminoänen, dy't it fermogen hawwe om in hiel ein yn 'e ultrafiolette en ynfrareade dielen fan it kleurespektrum op te sjen, binne se eins fel kleure.
De Kaminoaanske maatskippij is heech technologysk, en de planeet Kamino stiet bekend om 'e produksje fan kloanen en baanbrekkende techniken op it mêd fan genetyske manipulaasje. Kaminoänen binne fan natuere oer it algemien isolasjonistysk. It is net sasear dat se har superieur fiele oan oare rassen, mar mear dat se gjin belangstelling hawwe foar eat dat net op Kamino is of bart. Nettsjinsteande dat fine se it gjin probleem om opdrachten fan bûtensteanders oan te nimmen, bgl. foar de produksje fan kloanen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
bûtenierdsk libben út Star Wars | |
---|---|
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens | |
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks | |
bûtenierdske floara en fauna | |
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa |
planeten út Star Wars | |
---|---|
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin |