Vandor (Star Wars)

Vandor is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Solo: A Star Wars Story (2018). De sênes op Vandor waarden opnommen yn 'e Dolomiten yn noardlik Itaalje. Yn it Star Wars-hielal makket Vandor diel út fan it planetestelsel mei deselde namme yn 'e sektor Sloo fan 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. (De planeet moat net betize wurde mei de ûnbewenbere want te hjitte planeten Vandor-I en Vandor-II út it planetestelsel fan Coruscant.) Vandor is in terrestryske planeet mei in diameter fan likernôch 12.500 km, dy't twa moannen hat. De planeet hat in jierlingte fan 435 dagen en atmosfear dy't sykhelber is foar de measte wêzens. Vandor hat in tige kâld klimaat is wurdt foar it meastepart oerdutsen troch mei snie bekape berchtmen. De wrâld hat eigen floara en fauna, mar gjin lânseigen soarte fan bûtenierdske wêzens.

Vandor sa't de planeet te sjen is yn Solo: A Star Wars Story (2018).

Yn Solo: A Star Wars Story besiket de binde fan Tobias Beckett op Vandor in lading coäxium (tige djoere brânstof foar romteskippen) te kapen dat oer it spoar ferfierd wurdt. Dêrfoar brûke se in militêr transportskip dat se earder oan it front op Mimban stellen hawwe. Beckett syn soarchfâldich úttochte plan wurdt lykwols bedoarn as de Wolkeriders arrivearje, in binde plonderders ûnder lieding fan 'e maskere Enfys Nest, dy't it op deselde lading coäxium foarsjoen hawwe. Yn 'e resultearjende gaos komme inkele Wolkeriders om, mar ek Beckett syn frou Val en syn fjouwerearmige Ardennyske piloat Rio Durant. Beckett bliuwt oer mei inkeld twa nijelingen yn syn binde, de deserteur Han Solo en de Wookiee Chewbacca. Han nimt de bestjoering fan it transportskip fan Rio oer, mar hy hat gjin oare kar as om it coäxium los te snijen, wêrnei't it te pletter falt en ûntploft ta in reuseftige fjoerbal, om't er oars troch de bemuoienis fan 'e Wolkeriders it skip net ûnder kontrôle kriget.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin