Lah'mu is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). De sênes op 'e planeet waarden opnommen op Iislân. Lah'mu makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme fan 'e sektor Raioballo, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 12.618 km en mei ien moanne. Earder wiene der twa moannen, mar ien dêrfan is lang ferlyn ferpulvere, en de restearjende brokstikken en stofdieltsjes foarmje no de planetêre ringen fan Lah'mu.

Lah'mu sa't de planeet te sjen is yn Rogue One: A Star Wars Story (2016).

Lah'mu is in tige fruchtbere planeet, mei in protte flakten en berchtmen en strannen mei swart sân. Der hat him wol in lânseigen floara ûntjûn, mar gjin fauna. De grûn is ryk oan dylchstoffen, mar troch de oanwêzigens fan hege konsintraasjes sink, gloar, kobalt, stikstof en boar is it grûnwetter ûnoangenaam om te drinken. Fanwegen it reinige klimaat is dat aldergeloks ek net nedich. Der hat him in beheinde groep meast minsklike kolonisten op 'e planeet nei wenjen set, nei alle gedachten minder as fiifhûndert.

Yn Rogue One: A Star Wars Story is Lah'mu de wrâld dêr't de wittenskipper Galen Erso mei syn frou Lyra en harren achtjierrige dochterke Jyn ûnderdûkt nei't er útpykt is. Hja wurde lykwols opspoard troch Orson Krennic, de direkteur fan it wapenprogramma fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Dyselde wol dat Galen weromkomt om te helpen by de ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer, in romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne, dat tagelyk in massaferneatigingswapen is dat hiele planeten ferdylgje kin. By de konfrontaasje mei Krennic en syn trewanten komt Lyra om, wylst Jyn wit te ûntkommen. Galen moat mei Krennic weromkeare nei Eadu, dêr't er ûnder twang it ûndersyk fuortset dat er ôfbrutsen hie troch út te naaien.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin