Diktator

(Trochferwiisd fan Diktatoriale)

In diktator is de lieder yn in diktatuer. Hy ferienet yn ien persoan, of yn in lytse kliber om him hinne, alle macht, dat de wetjaande, bestjoerende en útfierende macht fan in lân. It byhearrende eigenskipswurd is diktatoriaal.

"Sekretaris-Generaal fan de Russyske kommunistyske Partij" Jozef Stalin diktator fan de Sovjet-Uny yn 1942
"Presidint" Aleksandr Loekasjenko diktator fan Wyt-Ruslân (2008)
Führer Adolf Hitler diktator fan Nazi-Dútslân (1933)
Generaal "Gaius" Julius Caesar diktator fan Rome (± 50 f.Kr.)
De "Leafde Lieder" Kim Jong-il diktator fan Noard-Korea (2011)
"Generalísimo" Franco diktator fan Spanje (1959)
"Señor Presidente" Nicolás Maduro diktator fan Fenezuëla (2015)
"Broer Lieder" Moammar al-Qadhafi, earder diktator fan Libië op in gearkomst fan de AU (2009)

Definysjes bewurkje seksje

De term is ôflaat fan de Romeinske diktator dy't yn de tiid fan de Romeinske Republyk yn krisistiden, as kordaat optreden nedich wie, troch de Senaat foar in bepaalde tiid de absolute macht oerlange waard. De Romeinske diktator trede wer ôf as de krisis foarby wie en de senaat syn posysje wer ynnom as wetjouwende macht. Julius Caesar wie net fan doel om syn macht as diktator noch út hannen te jaan en liet him werneame ta dictator "perpetuus" (ivige diktator), dat wol sizze diktator "foar it libben", en wie yn dy sin in moderne diktator krektas syn opfolgers de Romeinske keizers. Ek de "moderne" diktator sil trochstrings nea frijwillich syn macht ôfstean, mar besiket sa lang mooglik yn it seal te sitten en sil him mei alle middels fersette tsjin dejingen dy't him fan syn absolute macht ûntdwaan wolle. It is as sadanich in hearsker dy't regearet lykas in absolút monarch, mar sûnder dynastike basis. Om dy reden stiet de moderne diktator mear yn de tradysje fan de tirannen út de Aldheid as fan de Romeinske diktator.

Yn ingere sin is in diktator ien dy't folsleine en ûnbegrinze allinnichhearskippij hat. Neffens dy definysje ha der net folle echte diktators west, foarbylden dêrfan binne Adolf Hitler en Jozef Stalin. Omdat der mar in pear west hawwe dy't hielendal allinnich alle macht hân hawwe, wurdt mei diktator oer it generaal in persoan bedoeld dy't oan it haad stiet fan in diktatuer, ek as hy net de ienige machthawwer is. In diktatuer wêryn't ien peroan alles foar it sizzen hat wurdt autokrasy neamd. Oare foarmen fan diktatuer binne de militêre diktatuer en de ienpartijsteat. Tsjintwurdich wurde ek absolute monarchen wol diktators neamd.

Faak hat de term diktator de bybetsjutting fan in ûnderdrukkend persoan dy't sûnder genede ôfrekkenet mei oarstinkenden, wêrtroch't de term in sterk negative lading hat. Hast altiten ferriket de moderne diktator himsels en syn famylje en de trouwe klyk om him hinne ûnbidich en wurde de rykdommen fan it lân yn de praktyk as persoanlik eigendom fan de diktator behannele. Dochs hawwe der yn de skiednis diktators west dy't wol as 'ferlichte' diktators beskôge binne; wa't dat binne hinget sterk ôf fan persoanlike politike foarkarren.

Wol of gjin diktator? bewurkje seksje

De skiedsline tusken diktator en demokraat is net altiten like ienfâldich te lûken, bygelyks as immen oan de macht komd is, of bliuwt, troch (werhelle) ferkiezingsfraudelykas in soad diktators dogge om in skyn fan legitimiteit op te hâlden. It is ek mooglik dat in diktator op demokratyske wize oan de macht komt lykas Adolf Hitler, mar dêrnei de demokrasy feroaret yn in diktatuer. Soms is der ek sprake fan in kollektyf dat mienskiplik de macht hat lykas de Argentynske junta yn de jierren 70. Meastal moat in diktator dochs wol rekken hâlde mei machtsstruktueren as it leger of religieuze organisaasjes.

Dêrneist wurde 'diktators' troch harren folgelingen of ûndersteuners yn it bûtenlân net as sadanich betitele. Stalin, dy't offsjeel partijlieder fan de Kommunistyske Partij wie, is pas sa'n tritich jier nei syn dea troch Ruslân "erkend" as diktator en ek de Sineeske kommunist 'foarsitter' Mao Zedong waard yn Sina lang sjoen as foarbyld fan in goede lieder en net as diktator. Faak neame diktators har eufemistysk 'presidint foar it libben' krektas de Ugandeeske distator Idi Amin.

Ek wurde polityk net-winske lieders graach as diktator ôfskildere, wylst se dochs demokratysk keazen wêze kinne. Slobodan Milosevic waard by de NAFO-aksjes yn 1999 yn de westerse media konsekwint as diktator delsetten, wylst er troch gewoane ferkiezings keazen wie, en ek de steun fan it folk (noch) hie. Opmerklik is wol dat in diktator as Robert Mugabe fan Simbabwe yn de westerske parse noch altiten as 'presidint Robert Mugabe' betitele wurdt.

List fan diktators bewurkje seksje

Net alle histoarisy fine de nammen op ûndersteande list 'typyske' diktators:

Eardere diktators bewurkje seksje

Hjoeddeiske diktators bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje