Aleksandr Lûkasjenko

(Trochferwiisd fan Aleksandr Loekasjenko)

Aleksandr Grigorjevytsj Lûkasjenko (Russysk; Александр Григорьевич Лукашенко) of Aljaksand(a)r Ryhoravitsj Loekasjenka (Wytrussysk; Аляксанд(а)р Рыгоравiч Лукашэнка, Alaksand(a)r Ryhoravič Łukašenka) (Kopys, 30 augustus 1954) is sûnt 1994 presidint fan Wyt-Ruslân. Hy wie tsjin de ûnôfhinklikens fan Wyt-Ruslân fan de Sowjet-Uny. Wyt-Ruslân hat yn tsjinstelling ta alle oare âld-Sowjetlannen noch hieltyd in soad steatsbedriuwen. Wyt-Ruslân wurdt ûnder syn lieding sjoen as 'de lêste diktatuer fan Jeropa'. Minskerjochte-organisaasjes kritissearje syn autoritêr bestjoer. Fanwege oertredings fan de minskerjochten yn Wyt-Ruslân hawwe de Jeropeeske Uny en de Feriene Steaten (ekonomyske) sanksjes oan it lân oplein.

Aleksandr Lûkasjenko
Александр Лукашенко (Wytrussysk)
Аляксандр Лукашэнка (Russysk)
politikus
Lûkasjenko yn 2019
Lûkasjenko yn 2019
nasjonaliteit flagge fan Wyt-Ruslân Wytrussysk
bertedatum 31 augustus 1954
berteplak Kopys, Wytrussyske SSR, Sovjet-Uny
etnisiteit flagge fan Wyt-Ruslân Wytrussysk
partij Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny (1979-1991)
• Kommunisten foar Demokrasy (1991-1992)
• Partijleas (nei 1992) (stipe troch de Kommunistyske Partij
Presidint fan Wyt-Ruslân
amtsperioade sûnt 20 july 1994
foargonger Mjetsjyslaw Hryb
Aleksandr Lûkasjenko en syn jongste soan Nikolai by de fiering fan de oer winning op Nazi-Dútslân yn de Grutte Heitelânske Kriich
Lûkasjenko mei Vladimir Pûtin yn maaie 2002

Libbensrin oant 1994

bewurkje seksje

Yn syn jonge jierren wie Lûkasjenko lid fan de Kommunistyske jongereinbeweging Komsomol fan de Sowjet-Uny. Hy tsjinne in skoftke yn de striidkrêften fan de Sowjet-Uny. Fan 1982 oant 1985 wie hy direkteur fan in kolchoz. Yn 1990 rjochte hy de beweging Kommunisten foar demokrasy op, foar hokker partij hy sitting naam yn it Wytrussyske parlemint (doe noch de Heechste Sowjet neamd) en stimde hy tsjin de omfoarming fan de Sowjet-Uny ta it Mienebest fan Unôfhinklike Steaten yn 1991. Yn desimber 1991 spruts hy him tsjin de ûnôfhinklikheid fan Wyt-Ruslân fan de Sowjet-Uny út. It begrutte him dat de ienheid fan de Sowjet-Uny yninoar foel yn 1992. Fan 1993 oant 1994 wie Lûkasjenko foarsitter fan it anty-korrupsje-komitee fan it Wyt-Russyske parlemint.

Nei it oannimmen fan in nije Wyt-Russyske grûnwet yn 1994 waarden foar it earst demokratyske ferkiezings hâlden dy wûn waarden troch Lûkasjenko. Op 20 july 1994 akseptearre hy it presidintskip. Al gau ferfong hy de Wyt-Russyske nije flagge troch in fariant dy sterk like op de flagge fan de Wyt-Russyske SSR yn de Sowjet-Uny. Yn1996 waarden, nei in Wyt-Russysk referindum yn 1995, Lûkasjenko's foech as presidint útwreide.

Lûkasjenko waard yn 2001 as presidint werkeazen. Yn 2006 soe syn twadde en grûnwetlike lêste amtstermyn ôfrinne. Wilens de ferkiezings foar in nij parlemint op 17 oktober 2004 hat Lûkasjenko fia in referindum in grûnwetswiziging oannimme litten dy't in tredde amtstermyn foar him mooglik makke. Ynternasjonale wiernimmers feroardielen dat referindum lykwols as net frij en net earlik; in wurdfierder fan de Rie fan Jeropa neamde it referindum “ûnwettich”.

By de presidintsferkiezings fan 19 maart 2006 waard Lûkasjenko op 'e nij keazen, mei 82,5 % fan de stimmen. Ynternasjonale waarnimmers en waarnimmers fan de opposysje – dy trochstrings net yn de stimburo's talitten wurde – binne der lykwols fan oertsjûge dat Lûkasjenko dizze ferkiezings fraudearre hat. De measte ynternasjonale waarnimmers erkennen lykwols ek dat Lûkasjenko de stipe fan de measte Wyt-Russen genietet, dochs dat dy stipe in stik lytser wêze soe as de offisjele 82,5%. Lûkasjenko bliuwt populêr ûnder brede lagen fan de Wyt-Russyske befolking, benammen ûnder boeren, âlderen, doarpelingen en arbeiders, wylst er ûnder liberale middenstanners en jongeren mear opposysjekrêften tsjin him fynt.

Op 19 desimber 2010 waard Lûkasjenko fannijs keazen as presidint, mei 80% fan de stimmen. In Russyske waarnimmerskommisje erkende direkt de útslach en neamde de ferkiezings earlik. 19 desimber jûns protestearren tritichtûzen minsken yn Minsk tsjin de troch harren opmurken stimbusfraude. Hûnderten fan harren begûn in regearsgebou te fernielen, wêr de plysje hurd tsjin optrede. Presidintskandidaat Sannikov en syn frou waarden yn inoar slein; mannichien rekken ferwûne; sân presidintskandidaten, minskerjochtenaktivisten, selsstannige sjoernalisten, liedende yntellektuelen, yn totaal seishûndert minsken waarden oppakt.

Yn 2015 ward Lûkasjenko fannijs keazen, mei goed 83 prosint fan de stimmen.

By de ferkiezings op 9 augustus 2020 hie Lûkasjenko ien tsjinstanner, Svetlana Tichanovskaja. Oare meidoggers, lykas har man Sergej Tichanovski, Viktor Babariko en Valeri Tsepkalo waarden net talitten. Guon fan harren en harren kampanjelieders, mei dy fan Tichanovskaja ynbegrepen, sieten fêst op fertinking fan hanneljen dy't gefaarlik foar de steat wêze soene. Op de ferkiezingsdei makke Lûkasjenko drigeminten tsjin dyjingen dy't it regear besykje om te smiten. Doe't bliek dat by in stimbuspeiling in ûnbidige mearderheid foar Lûkasjenko stimde, wegeren in soad minsken dat te leauwen op grûn fan waarnimmings by de stimburo's. Yn Minsk bruts rebûlje út, dêr't Lûkasjenko feiligenstroepen tsjin hinne stjoerde. Lûkasjenko waard troch de kieskommisje ta winner mei 80 prosint fan de stimmen útropt, foar 9,9 prosint fan de stimmen foar Tichanovskaja oer, dy't buorkundich makke har der net by del te jaan. Ek regearen fan oare lannen, wêrûnder de Feriene Steaten, joegen oan te drúskjen oer de earlikens fan de ferkiezings, benammen om't bûtenlânske waarnimmers en ferslachjouwers net talitten waarden.

Op 25 febrewaris 2024 kundige Aleksander Lûkasjenko oan dat er meidwaan sil oan de presidintsferkiezings fan 2025, wat betsjut dat er foar in achtste opienfolgjende termyn kandidaat is.

 
Protesten yn Minsk yn augustus 2020

Yn de wike dêrnei brutsen grutte protesten út, dêr't in ûnbidich soad boargers de strjitte op gien en protestearje tsjin dat se as stimbusfraude seagen. Lûkasjenko sette dêrfoaroer de plysje en feiligenstroepen yn, dy't hurd optreden en tûzenen minsken oppakten. Tichanovskaja moast nei Litouwen flechtsje. Op 14 augustus waard in part fan de oppakten frijlitten. Dêr kaam oan it ljocht dat guon martele waarden. Op deselde dei besleat de Jeropeeske Uny sanksjes yn te stellen tsjin Lûkasjenko. Yn de dagen dêrnei hold it plysjegeweld op, mar de rebûljes tsjin Lûkasjenko syn bewâld waarden hieltyd fûler, en it roppen om syn ferfarren waarden hieltyd lûder. Lûkasjenko oppenearre dat de Russyske presidint Vladimir Pûtin him stypje sil, dochs liet dy witte dat er it net ta litte soe, dat bûtenlanners harren bejaan sille yn Wyt-Ruslân. Letter sei Pûtin it wichtich te finen foar in petear tusken de demonstranten en it rezjym. Twa wike nei de ferkiezings liet Lûkasjenko it leger ree meitsje om it lân te ferdigenjen, om't neffens him de protesten út it bûtenlân wei oanstjoerd waarden.

Nijsgjirrichheden

bewurkje seksje

Lûkasjenko hat him stikmannich kearen útsprutsen foar in Euraziatyske Uny, nei foarbyld fan de eardere Sowjet-Uny. Lûkasjenko kin lykwols net goed oerwei mei presidint Pûtin fan Ruslân.