Jakku is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. De sênes op Jakku waarden filme yn 'e Rub' al-Chali-woastyn yn 'e Feriene Arabyske Emiraten. Jakku wurdt ôfskildere as in ôfhandige wrâld mei in ûnoantreklik klimaat dêr't neat fan wearde te finen is; as planeet stiet Jakku sadwaande oer it algemien net yn heech oansjen. In petear tusken de personaazjes Luke Skywalker en Rey yn The Force Awakens yllustrearret dy hâlding:

Jakku sa't de planeet te sjen is yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015).

Luke: "Wêr komst wei?"
Rey: "Nearne."
Luke: "Nimmen komt nearne wei."
Rey: "Jakku."
Luke: "Okee, dat is sa goed as nearne."

Jakku makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e sektor Jakku fan 'e Binnenrâne fan it Stjerrestelsel. De planeet hat in diameter fan 6.400 km en in omrintiid om 'e stjer Jakku hinne fan 352 dagen, wylst in dei op 'e planeet sels 26,8 oeren duorret. Der binne twa moannen dy't om Jakku hinne rûntsjedraaie. It is in terrestryske planeet mei in hjit en drûch klimaat, dy't hast hielendal oerdutsen is mei woastinen, hoewol't der lang ferlyn wâlden en seeën wiene. Jakku hat in befolking fan minder as 25.000 sielen. De Teedo en Uthuthma binne yntelliginte rassen fan bûtenierdske wêzens dy't lânseigen binne op Jakku; teminsten acht oare, allochtoane rassen hawwe har ek yn oansjenlike oantallen op 'e planeet fêstige, wêrûnder minsken en Hutts.

De Rub' al-Chali-woastyn om 'e oäze Liwa hinne yn 'e Feriene Arabyske Emiraten giet yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens troch foar de planeet Jakku.

Nei de dea fan 'e boasaardige keizer Palpatine en de oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Endor, waard Operaasje Sintel yn wurking steld. Dat wie in plan fan Palpatine foar it gefal dat er sels omkomme soe, bedoeld om sawol de rebellen út te rûgjen as de organisaasje fan it Keizerryk te ferneatigjen by wize fan straf foar it net foarkommen fan syn dea. Yn 'e Slach by Jakku wisten de rebellen lykwols de selsferdylging fan it Keizerryk foar te kommen, wêrmei't se einlings it regear fan Palpatine oer it Stjerrestelsel ta in ein brochten.

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, dat tritich jier letter spilet, groeit de jonge frou Rey op Jakku op, dêr't se de (krappe) kost fertsjinnet troch yn it tsjerkhôf fan delstoarte stjerreslachskippen út 'e Slach by Jakku brûkbere ûnderdielen út 'e romteskipswrakken te slopen en troch te ferkeapjen oan it pleatslik ûnderwrâldfiguer Unkar Plutt. Poe Dameron, in piloat fan it Ferset, docht Jakku oan om ynformaasje te bemachtigjen oer de lokaasje fan Jedi-master Luke Skywalker, mar hy wurdt finzen nommen troch stoarmtroepers fan 'e Earste Oarder (dy't gearklofte is út 'e restanten fan it Galaktyske Keizerryk), wylst syn ynformant, Lor San Tekka, troch de Sith-ridder Kylo Ren fermoarde wurdt. Syn robot BB-8 ûntkomt mei de ynformaasje en moetet Rey, en yn 'e mande mei de desertearre stoarmtroeper Finn ûntflechtsje se Jakku yn in stellen romteskip, dat de Millennium Falcon blykt te wêzen.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin