Underwrâld (kriminaliteit)
(Trochferwiisd fan Ûnderwrâldfiguer)
De ûnderwrâld is, yn 'e kontekst fan misdie, it skimige fermidden fan kriminelen, dêr't hja kriminele netwurken opbouwe en aktiviteiten ûntjouwe dy't foar 'gewoane' minsken ferburgen bliuwe. Dêrfandinne de term 'ûnderwrâld', dy't ûntliend is oan it religieuze begryp ûnderwrâld. Dat is nammentlik yn 'e mytology fan heidenske religyen it plak dêr't de ferstoarnen hinne gean. Yn it gebrûk fan deselde term foar de kriminele ûnderwrâld leit sadwaande it idee besletten dat wat dêr bart ûnsichtber is foar de boppewrâld, it legale diel fan 'e maatskippij. De ûnderwrâld wurdt ek wol oantsjut as it miljeu of de penoaze. Immen dy't aktyf is yn 'e ûnderwrâld wurdt in ûnderwrâldfiguer neamd.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|