Kef Bir is in fiktyf himellichem út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. It is in moanne fan 'e gasreus Tana en as sadanich in 'sustermoanne' fan Endor. Kef Bir makket diel út fan it planetestelsel dat ek Endor hjir, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. De moanne hat in diameter fan 3.725 km en in oerflak dat benammen bestiet út oseaan. Kef Bir wurdt dêrom ek wol de Oseaanmoanne fan Endor neamd. De namme Kef Bir komt út 'e taal fan 'e Ewoks, de lânseigen bûtenierdske wêzens op Endor, foar wa't Kef Bir in heldere stjer oan it himel wie.

Kef Bir sa't de moanne te sjen is yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019).

De grutste oseaan op Kef Bir is de Kef Sur-oseaan. Foarhinne stie de moanne hast hielendal splis, op ferskate arsjipellen fan gerzige eilannen nei, lykas de Angkuadi-eilannen. Mar ferskate kataklysmyske foarfallen soargen der inkele desennia lyn foar dat der wetter ôfjûn waard út 'e atmosfear oan 'e romte, sadat de wetterstân ferlege waard. Tagelyk soargen deselde barrens foar tektoanyske opheffing fan 'e ierdkoarst, sadat der almar mear lân drûch kaam te lizzen. (De oarsaak fan dy foarfallen wie nei alle gedachten it delstoarten fan 'e reuseftige wrakstikken fan 'e twadde Deadsstjer op Kef Bir, nei't dat massaferneatigingswapen troch it Rebelleferbûn yn 'e Slach by Endor ferneatige wie.) Sa ûntstie in lânmassa dy't grutternôch is om in kontinint neamd te wurden, Shuduah. Troch de swiertekrêft dy't op 'e oseänen op Kef Bir útoefene wurdt troch Tana, kinne de weagen by floed sels sûnder stoarm in hichte fan 120 m berikke. Hoewol't him op Kef Bir in lânseigen, tsjin sâlt bestindige floara en fauna ûntjûn hat, ûntbrekt op 'e moanne in eigen soarte fan yntelliginte wêzens.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker ûntdekt in team fan it Ferset, besteande út Poe Dameron, Finn, Rey, de Wookiee Chewbacca en de robots BB-8, C-3PO en D-O dat de twadde (en lêste) 'weifiner' op Kef Bir is. De weifiner is in apparaat dat it paad wiist nei de ferburgen Sith-wrâld Exegol, dêr't de boasaardige, út 'e dea opstiene keizer Palpatine in reuseftige float stjerreslachskippen bouwe litten hat troch de grizelige, oan him wijde kultus fan 'e Ivige Sith. Dêrmei bedriget er it hiele Stjerrestelsel. It romteskip fan it team, de Millennium Falcon, rekket skansearre by de lâning op Kef Bir, en moat reparearre wurde. De weifiner blykt yn ien fan 'e reuseftige wrakstikken te sitten, dat deun foar de kust yn see leit.

Mei't de Millennium Falcon net daliks wer fleane kin en de tiid driuwt, weaget Rey har libben troch de ûnbidich hege weagen yn in lyts boatsje te trotsearjen. Yn it wrakstik fynt hja yndie de weifiner, mar de Sith-ridder Kylo Ren set syn TIE-jager boppe-op it wrakstik del, makket Rey de weifiner ôfhandich en fernielt dy. By in duël mei de ljochtsabels wit Rey Kylo te ferslaan, wêrnei't se syn tastel stelt, dêr't syn eigen weifiner yn sit. Underwilens komme Finn en de oaren by de Millennium Falcon yn 'e kunde mei in fjirtichtal op orbaks ridende minsken, oanfierd troch in jonge frou dy't Jannah hjit. Dyselden blike in desertearre ienheid stoarmtroepers fan 'e faksistoïde Earste Oarder te wêzen. De ienheid, Kompanjy 77, jout him neitiid by it Ferset.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin