D'Qar is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. D'Qar makket diel út fan it planetestelsel Ileenium, yn 'e sektor Sanbra fan 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. D'Qar hat in diameter fan 10.400 km, twa moannen en in omrintiid om 'e stjer Ileenium fan 415 dagen. It is in wielderich begroeide terrestryske planeet mei in myld klimaat en in grut bioferskaat, dat benammen bestiet út planten (wêrûnder reuseftige beammen), ynsekten en fûgels.

Lang ferlyn ûntjoech him op D'Qar in yntelliginte libbensfoarm dy't in heechsteande lânseigen beskaving opboude. Tsjin 'e tiid dat films út 'e Skywalker Saga spylje, is dy beskaving lykwols al lang ferdwûn en binne der inkeld mânske ruïnes fan oer. Nei de nederlaach yn 'e Slach om Hoth fêstige it Rebelleferbûn in lytse bûtenpost op D'Qar, mar dy waard ferlitten doe't de rebellen de boargeroarloch tsjin it Galaktysk Keizerryk wûnen.

Tritich jier letter, wannear't út 'e restanten fan it Keizerryk de Earste Oarder opstien is, fêstiget it Ferset, dat oanfierd wurdt troch helden út it âlde Rebelleferbûn, syn geheime haadkertier op D'Qar (lykas te sjen yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens). De lokaasje fan 'e fersetsbasis rekket lykwols bekend by de Earste Oarder, wêrnei't dy besiket om it hiele planetestelsel Ileenium te ferdylgjen troch de ynset fan 'e Stjerredeaderbasis, in nij massaferneatigingswapen. Dat wapen wurdt lykwols troch de fersetslju ferneatige foar't it op D'Qar ôfsketten wurde kin.

Neitiid wurdt de fersetsbasis halje-trawalje ûntromme (lykas te sjen yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi), mar dat proses is noch geande as de float fan 'e Earste Oarder boppe de planeet út 'e hyperromte komt. Op 'e nij besiket de Earste Oarder D'Qar te ferneatigjen, mar by in efterhoedegefjocht wit it Ferset it stjerreslachskip de Fulminatrix op te blazen, wat it iennichste skip yn 'e fijannige float is mei in superlaserkanon swier genôch om 'e planeet te ferdylgjen. De float fan it Ferset ûntkomt nei de hyperromte, en de float fan 'e Earste Oarder giet dêr efteroan en lit D'Qar fierders gewurde.

In ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Resistance lit fierders sjen hoe't net lang nei de flecht fan it Ferset de supertanker Colossus by D'Qar oankomt foar werbefoarrieding op 'e fersetsbasis. As de planeet ferlitten blykt te wêzen, wint de bemanning it coaxium dêr't ferlet fan is as brânstof út it wrak fan 'e Fulminatrix. De oanwêzigens fan 'e Colossus by D'Qar wurdt al rillegau troch de Earste Oarder ûntdutsen, mar it slagget de supertanker om op 'e tiid fuort te kommen.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin