Hyperromte
Hyperromte (in lienfertaling fan it Ingelske hyperspace) is in term út 'e science fiction, wêrmei't in 'oare', oangrinzgjende 'regio' (diminsje) fan 'e romte oantsjut wurdt, dy't koëksistint is mei de 'gewoane' romte. Men kin de hyperromte yngean troch mei in hyperdriuw of in oar ynstrumint in enerzjyfjild op te wekjen dat jin fan 'e iene diminsje yn 'e oare triuwt. Yn 'e hyperromte oankommen, kin men yn 'e regel flugger-as-ljochtreizgje om ynterstellêre of yntergalaktyske reizen te ûndernimmen.
Dat flugger-as-ljochtreizgjen yn 'e hyperromte wol mooglik is en yn 'e gewoane romte net, wurdt ornaris sa ferklearre: yn 'e hyperromte ferrint der minder reistiid by it folgjen fan it koartste paad as yn 'e gewoane romte, itsij om't de hyperromte lytser is (en de oandriuwing fan in romteskip yn ferhâlding dus folle grutter is), itsij om't flugger-as-ljochtfaasje yn 'e hyprerromte net in ûnnimbere barriêre is lykas yn 'e gewoane romte. Hoe dan ek, it gefolch is dat in romteskip folle gauwer op syn bestimming oankomt en sûnder it tiidsferrin dat de relativiteitsteory yn sokke gefallen normaalwei ymplisearret.
It tiidsferrin yn 'e hyperromte wurdt oer it algemien beskreaun as gelikens oan it tiidsferrin yn 'e gewoane romte, of it moat wêze dat de hyperromte diskontinu is, d.w.s. net út ien oaniensletten gebiet, mar út in ferskaat oan punten bestiet, sadat in skip der fan punt nei punt springe moat en de tiid dus navenant mei ferspringt. (Op dy manear soene der mooglik sels tiidreizen makke wurde kinne, mei't tiid en romte úteinlik itselde ferskynsel binne.)
Hyperromtereizen fergje oer it algemien in protte plenning en berekkenings, mei't flaters almeast fataal binne (de hyperromte is ntl. in ûnnavigearbere romte, dêr't it ôfwiken fan in yn 't foar fêststelde koerts desastreuze gefolgen hat). Dêrom bestiet der almeast ek in limyt oan 'e ôfstân dy't feilich yn 'e hyperromte ôflein wurde kin (want de lytste koertsôfwikings meitsje almar mear ferskil neigeraden dat de ôfleine ôfstân grutter wurdt). Dy limyt wurdt wol de 'reade line' neamd.
Hyperromtereizen kinne, ôfhinklik fan 'e foarkar fan 'e skriuwer, foar de reizgers sûnder merkber tiidsferrin wêze, mar ek dagen, wiken of sels moannen yn beslach nimme. Neffens guon teoryen bliuwt in faak bereizge rûte kontinu 'iepen' of jout it faak bereizgjen fan in rûte yn 'e hyperromte in makliker te folgjen paad, krektlyk as fuorren op in ûnferhurde wei. Romteskippen binne yn 'e hyperromte oer it algemien alhiel ôfsnien fan wat der ûnderwilens yn 'e gewoane romte bard. Faak is it sels foar skippen ûnderling net mooglik om yn 'e hyperromte mei-inoar te kommunisearjen of sels mar om inoars oanwêzigens dêr fêst te stellen.
Ek is it faak ûnmooglik (of wol mooglik mar fataal) om deunby in grutte konsintraasje fan massa, lykas in stjer of in planeet, yn 'e hyperromte te gean of derút te kommen, bgl. om't sa'n massakonsintraasje yn 'e hyperromte koertsôfwikings ta gefolch hat (mei fatale gefolgen) of om't de swiertekrêft dy't sa'n massakonsintraasje yn 'e hyperromte útoefenet withoefolle sterker is (mei fatale gefolgen). Yn elts gefal kin in hyperdriuw oer it algemien pas bûten of yn 'e bûtenste kriten fan in sinnestelsel aktivearre wurde. Fierders komt it ek wol foar dat foar it ynkringen fan 'e hyperromte, oftewol it iepenjen fan in saneamd 'sprongpunt' (jump point) safolle enerzjy nedich is, dat allinne tige grutte romteskippen dêr it fermogen ta hawwe. Noch wer in oare mooglikheid is dat it yngean fan 'e hyperromte beheind is ta stasjonêre 'stjerrepoarten' (stargates) of 'sprongpoarten' (jump gates).
Yn science fiction-films en -tillefyzjesearjes wurdt de hyperromte ornaris werjûn as blau en pulsearjend mei Čerenkov-strieling. In sprongpunt of stjerrepoarte nei de hyperromte ta wurdt sjoen yn in gielige kleur fanwegen it ferskynsel readferskowing, en in sprongpunt of stjerrepoarte út 'e hyperromte wei wurdt sjoen as blau. It miljeu fan 'e hyperromte wurdt oer it algemien net beskôge as befoarderlik foar it wolwêzen fan wêzens en materialen út 'e gewoane romte, sadat romteskippen yn 'e hyperromte gauris in enerzjyfjild brek binne om har en har bemanning te beskermjen. Soe dat net sa wêze (of soe in skip in ûneinige of hast ûneinige boarne fan branje hawwe), dan soe in skip, as it ferdwaalde yn 'e hyperromte, dêr yn teory foar ivich omdriuwen bliuwe kinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |