In lienfertaling of lienoersetting is in wurd of útdrukking dy't troch ien taal út in oarenien oernommen is troch it letterlike, wurd-foar-wurd-oersetten fan 'e betsjutting. Yn sokke gefallen hie de lienende taal yn 'e regel noch gjin eigen wurd foar it oangeande begryp, dat lykwols maklik werjûn wurde koe yn deselde foarm as wêryn't it al yn in oare taal foarkaam.

It is soms dreech om te bewizen dat in beskaat wurd in lienfertaling is, mei't besibbe talen faak ek fan natuere deselde wurden omfiemje. Mei gearstallings dy't net algemien brûkt wurdt, lykas it wurd 'lienfertaling', om mar in foarbyld te neamen, is dat lykwols folle makliker. Lytse talen lykas it Frysk sitte fol mei lienfertalings, dy't yn 'e regel oernommen wurde út 'e dominante taal binnen it taalgebiet wêrfan't sokke lytse talen besteane (yn it gefal fan it Frysk is dat dus it Nederlânsk). Mar ek grutte talen as it Nederlânsk omfiemje in protte lienfertalings. Sa komt is it wurd leenvertaling in lienfertaling út it Dútsk, fan Lehnübersetzung. Oare foarbylden binne driehoek (fan it Latynske triangulum), tijdverdrijf (fan it Frânske passe-temps) en kettingroker (fan it Ingelske chain smoker).

Der besteane twa oare manearen om in begryp út in oare taal oer te nimmen, ntl. troch simpelwei it frjemde wurd te brûken (eventueel mei in oanpaste stavering), dat dan in lienwurd wurdt (bgl. "kompjûter", út it Ingelsk), en troch in lienbetsjutting oan in besteand eigen wurd ta te foegjen (bgl. by "himel", dat oarspronklik yn it Frysk inkeld de betsjutting fan 'loft' hie, mar der yn 'e tiid fan 'e ynfiering fan it kristendom út it Latyn wei de homonime betsjutting fan 'hjirneimels' of 'godsferbliuw' by krige).

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.