Jedha
Jedha, ek bekend as de Pylgermoanne, is in fiktyf himellichem út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story (2016). De sênes dy't dêr spilen, waarden opnommen yn Wadi Rûm, yn Jordaanje. Jedha is in moanne fan 'e gasreus NaJedha en makket diel út fan it planetestelsel Jedha fan 'e sektor Terrabe, yn 'e Midrâne fan it Stjerrestelsel. It is in terrestryske planeet mei in diameter fan 11.263 km, in deilingte fan 23 oeren en in jierlingte fan 420 dagen.
Jedha hat in woastinich lânskip, ûnderbrutsen troch berchtmen, mar it hat in kâld klimaat trochdat it der permanint winter is. Hoewol't de moanne ornaris tige drûch is, komme der mei ûngeregelde tuskenskoften oerstreamings foar troch fûleindige stjalprein. De measte bewenne plakken, lykas de Hillige Stêd dy't NiJedha hjit, lizze dêrom op 'e toppen fan grutte steile rotsen. Op Jedha is gjin lânseigen yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens ta ûntwikkeling kommen, mar de wrâld hat wol eigen floara en fauna. De befolking bestiet út sa'n 11,3 miljoen persoanen, wêrfan 85% minsken. De ûndergrûn fan Jedha is ryk oan kyberkristallen: Krêftgefoelige kristallen dy't brûkt wurde by it meitsjen fan ljochtsabels. Yn 'e Hillige Stêd is in timpel ynrjochte foar de kyberkristallen, dêr't Krêftferearjende pylgers fan hein en fier op ôf komme. It beskermjen fan 'e pylgers op Jedha is de taak fan 'e monastyske oarder fan krigers dy't harsels de Beskermers fan 'e Whills neame.
Yn Rogue One: A Star Wars Story wurdt op Jedha in guerriljastriid fierd troch de partisanen fan 'e ekstremistyske opstanneling Saw Gerrera tsjin 'e stoarmtroepers fan it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. Bodhi Rook, in desertearre piloat fan it Keizerlik wapenprogramma, rint oer nei Gerrera-en-dy mei ynformaasje oer de Deadsstjer, in romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne en teffens in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin. As dat buorkundich wurdt, stjoet it Rebelleferbûn, dêr't Gerrera jierren earder syn bannen al mei ferbrutsen hat, syn pleechdochter Jyn Erso der mei Cassian Andor op út om kontakt mei him te meitsjen.
Nei gâns aventoeren fine Jyn en Cassian Gerrera, dy't Jyn in holografysk boadskip fan har heit Galen Erso sjen lit, dat Bodhi him brocht hat. Galen is in briljante wittenskipper, dy't twongen is om mei te wurkjen oan 'e ûntwikkeling fan 'e Deadsstjer. Hy hat lykwols mei opsetsin in swak plak yn it wapen ynboud, en hy jout yn it boadskip oan Jyn opdracht om 'e blaudrukken te stellen út it Keizerlik Argyfkompleks op Scarif, om dy troch te spyljen oan it Rebelleferbûn. Underwilens befellet grut-moff Wilhuff Tarkin, dy't troch keizer Palpatine stjoerd is om tafersjoch te hâlden oer de frijwol foltôge Deadsstjer, Orson Krennic, de direkteur fan it Keizerlik wapenprogramma, om by wize fan test de Hillige Stêd op Jedha te ferwoastgjen. De proef is in súkses en de stêd wurdt yn ien klap ferneatige. De konsintryske skokweagen wreidzje har dêrwei oer de hiele moanne út en ferdylgje alle libben. Cassian en Jyn witte yn in romteskip op it nipperke fan Jedha te ûntkommen, yn 'e mande mei Bodhi, de werprogrammearre Keizerlike oarlochsandroïde K-2SO, de Beskermer fan 'e Whills Chirrut Îmwe en de hierling Baze Malbus. Seisresom geane se neitiid op in wanhopige misje nei Scarif om 'e blaudrukken te bemachtigjen.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
planeten út Star Wars | |
---|---|
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin |