Beskermers fan de Whills
De Beskermers fan de Whills of Warders fan de Whills (Ingelsk: Guardians of the Whills) binne in monastyske oarder fan asketyske krigers út 'e Star Wars-franchise. Hja ferearje de Krêft, in metafysyske enerzjy dy't skepen wurdt troch alle libbene wêzens mei-inoar. Oars as de Jedi en de Sith brûke de Beskermers fan 'e Whills lykwols de Krêft net om skynber boppenatuerlike fermogens te bemachtigjen lykas telekineze, telepaty en foarkennis. Ynstee hawwe hja ta taak om yn 'e Hillige Stêd op 'e moanne Jedha pylgers te beskermjen dy't dêre de timpel mei de kyberkristallen besykje.
De term "Whills" wie oarspronklike in betinksel fan George Lucas, de geastlike heit fan Star Wars. Doe't er yn 'e earste helte fan 'e 1970-er jierren úteinsette mei it skriuwen fan 'e earste ferzje fan it senario foar wat úteinlik de film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) wurde soe, neamde er dat Journal of the Whills, Part I. De Whills soene in kategory fan godlike wêzens wêze, lykas de Asen en Wanen út 'e Noardske mytology of de Titanen út 'e Grykske mytology. It Journal of the Whills (journal is "deiboek" of "lochboek") soe dan in Bibel-eftige hillige tekst wêze, dy't wijd wie oan it beskriuwen fan 'e ynfloed fan 'e Whills op it Stjerrestelsel.
It konsept waard letter út it senario foar de earste film skreaun, en útsein dat de Whills koart neamd waarden yn it senario en de ferboeking fan Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) waard oant 2016 neat mear fan harren fernommen. Yn 'e film Rogue One: A Star Wars Story, dy't dat jiers útkaam, waarden de Beskermers fan 'e Whills yntrodusearre mei in troch senarioskriuwer Chris Weitz recycle gebrûk fan 'e term.
Yn 'e film wurde de krimineel Jyn Erso en de rebel Cassian Andor yn 'e Hillige Stêd rêden troch de bline Beskermer fan 'e Whills Chirrut Îmwe en syn freon, de hierling (en eardere Beskermer) Baze Malbus, nei't se fersyld reitsje middenmank in oerfal fan 'e partisanen fan 'e ekstremistyske opstanneling Saw Gerrera op in konfoai fan stoarmtroepers fan it Galaktysk Keizerryk dat de lêste kyberkristallen út 'e timpel stelt. Neitiid beselskipje Chirrut en Baze Jyn en Cassian op in wanhopige misje om út it Keizerlik Argyf op 'e planeet Scarif de blaudrukken te stellen fan 'e Deadsstjer, in massaferneatigingswapen sa krêftich dat it hiele planeten ferdylgje kin.
De yntroduksje fan 'e personaazjes fan Chirrut (spile troch Donnie Yen) en Baze (Jiang Wen) krige in positive ûntfangst fan sawol filmkritisy as fans. Yn 2017 kaam oer harren in spin-off-roman út, mei as titel Star Wars: Guardians of the Whills, skreaun troch Greg Rucka.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |