Iktotchi (inkeltal idem) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Hja komme fan Iktotch, in rotseftige moanne fan 'e gasreus Iktotchon, yn in ôfhandige krite fan it Stjerrestelsel dy't de Utwreidingsregio neamd wurdt.

In Iktotchi (Saesee Tiin).

Iktotchi binne justjes grutter en swierder boud as minsken, mei in tsjûke, hierleaze hûd, wêrfan't de kleur fariëarret fan rôzich oant brún. Boppe op 'e holle is de hûd it dûnkerst kleure. De hannen binne grut en fleizich. Harren gesicht liket op dat fan minsken, mei de eagen, noas, mûle en earen op it wenstige plak, mar it eachwyt en de tosken binne by Iktotchi giel. Harren meast ûnderskiedende lichemsskaaimerk wurdt lykwols foarme troch twa mânske hoarnen, dy't fan 'e sydkant fan 'e holle rjocht omleech groeie oant de hichte fan 'e kaaibonken.

Yn it Stjerrestelsel steane Iktotchi bekend om harren talint as piloaten en teffens om har (beheinde) fermogen ta foarkennis. Mei't dy lêste eigenskip ornaris mank giet mei Krêftgefoeligens, binne relatyf in protte Iktotchi oplaat ta Jedi-ridder.

Sjoch ek bewurkje seksje

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin