In fathier (útspr.: [ˈfaːðiəɹ], likernôch: "faa-zi-ur") is in fiktyf, semy-yntelligint bist út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), it middelste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy.

In fathier.

Fathiers binne grutte, fjouwerfuottige sûchdieren mei in skofthichte fan 3 m. It binne elegante en sterke bisten, dy't tige hurd drave kinne, mei in topfaasje fan 75 km/h. Fathiers hawwe relatyf tinne skonken dy't einigje yn hoeven. De sturt is heal sa lang as de efterskonken. De rêch giet stadich oer yn in spierde nekke en liket dêrom by de foarskonken heger te wêzen as by de efterskonken. De kop is grut, mei in platte snút. Fathiers hawwe fierders grutte earen, dy't mear as in heale meter útstekke oan 'e sydkant fan 'e kop. Fathiers kinne domestisearre wurde foar gebrûk as ryddier of lêstdier. Op 'e planeten Cantonica en Kergans wurde se troch de riken ynset foar hurddraverijen, op 'e útkomst wêrfan't weddenskippen ôfsletten wurde.

Yn The Last Jedi reizgje de âld-stoarmtroeper Finn, de monteur Rose Tico en de robot BB-8 op in misje om 'e float fan it Ferset te rêden nei it kasino-resort Canto Bight, op Cantonica. Dêr bedarje se yn it pleatslik tichthûs. Nei't se útbrutsen binne, sit de plysje harren al rillegau wer op 'e hakken. Mei de help fan in keppel fathiers, dy't troch harren eigners mishannele wurde, en fan 'e minskebern dy't de bisten fersoargje, witte se nei in spektakulêre rit troch de smelle steechjes fan Canto Bight te ûntkommen nei it strân. Harren romtefear wurdt troch de plysje lykwols oan grôt sketten, en fierderop reitsje se ynsletten oan 'e top fan in heech klif. Finn en Rose stjoere de fathiers fuort, dy't harren dan net fierder helpe kinne. Se wurde neitiid rêden troch BB-8 en de hacker DJ, dy't tegearre in romteskip stellen hawwe.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa