In stege of steechje is in smelle strjitte yn in beboude omjouwing dy't gjin funksje foar trochgeand ferkear hat, útsein foar fuotgongers.

De steechjes om de tsjerke fan Mitselwier
Steechje yn Helsingør (Denemark)

Yn stêden dy't in foar it grutste part midsiuwsk strjittepatroan hawwe, lykas de binnenstêd fan Amsterdam, wiene fan âlds in soad stegen. Se ûntsleaten oarspronklik de iepen romte achter gebouwen oan strjitten en grêften. Earmelju, it grutste part fan de befolking, wennen oant 1900 en ek noch wol dêrnei massaal oan stegen en gloppen. De parten fan in stêd of doarp mei stegen waarden faak oantsjut as efterbuert of sloppewyk. Ek yn lytsere plakken wiene stegen dêr't minsken fan lege stân yn primitive omstannichheden ticht opelkoar libben hiel gewoan.

In al yn de sechstjinde iuw bekende útdrukking seit dat "men stegen voor straten moet kennen". Dêrmei waard bedoeld dat men ûnderskied meitsje moast tusken minsken fan ferskate rang en stân en dêrmei rekken hâlde moast.

Doarpen hawwe ek stegen, meastentiids om de tsjerke hinne.

Regionale beneamingen foar in stege of gloppe binne:

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Van der Woud, A. (2010), Koninkrijk vol sloppen - achterbuurten en vuil in de negentiende eeuw, Amsterdam: Utjouwerij Bert Bakker