Nimwegen
Gemeente Nimwegen
| |||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | |||||||
Provinsje | Gelderlân | ||||||
Boargemaster | Hubert Bruls (CDA) | ||||||
Haadplak | Nimwegen | ||||||
Oerflak - wetter |
57,60 km² - 3,98 km² | ||||||
Ynwenners | 168.840 | ||||||
Ferkearsieren | A15, A73, E31, A325, A326, N324, N325, N326, N842, N844, N844, RW783, RW783, s100 | ||||||
Netnûmer | 024 | ||||||
Postkoades | 6500-6546, 6663 | ||||||
Offisjeel webstee | www.nijmegen.nl |
Nimwegen of Nymwegen (Nederlânsk en offisjeel Nijmegen) is in stêd en gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, mei op 1 juny 2005 158.490 ynwenners. De stêd leit oan de Waal en oan it Maas-Waalkanaal.
SkiednisBewurkje
Nimwegen is in âlde stêd, de âldste stêd fan Nederlân. Om it begjin fan de jiertelling krige de stêd merkrjochten. Om it jier 102 krige Nimwegen stedsrjochten fan keizer Trajanus. De stêd waard yn de Romeinske tiid Ulpia Noviomagus Batavorum (of Noviomagus) neamd.
Om 800 boude keizer Karel de Grutte in palts yn Nimwegen. Letter boude Frederik Barbarossa op dat plak in kastiel, dat oant 1796 stean bleaun is. Tsjintwurdich binne der noch twa kapellen fan oer.
Yn 1230 waard Nimwegen yn ryksstêd en krige deselde rjochten as Aken. Yn 'e Midsiuwen wie Nimwegen in rike stêd troch de handel. Dêr kaam in ein oan yn de 16e iuw. De stêd waard Spaansk yn 1585 en waard in 1595 troch Maurits fan Oranje ynnaam. Nimwegen wie in protestantske stêd; fan de 18e iuw ôf waard de ynfloed fan it katolisisme wer grutter troch de ferhuzing fan de befolking fan it lân nei de stêd.
Yn 1923 waard in katolike universiteit stifte, de Radboud Universiteit Nimwegen. Op 22 febrewaris 1944 waard Nimwegen by fersin bombardearre troch de Alliearden.
Keppeling om utensBewurkje
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar |