Nederrynske Heuvelrêch

De Nederrynske Heuvelrêch (Dútsk: Niederrheinischer Höhenzug, Nederlânsk: Nederrijnse Heuvelrug) is in driuwwâl, mei ferskate ûnderbrekkings, yn de Nederrynske Leechflakte, dy't yn in wide bôge fan Krefeld oant Nimwegen, tusken de Ryndelling yn it easten en de delte fan de rivier de Niers, rint. De heuvelrêch wurdt ek wol de Nederrynske Hichte neamd.

Nederrynske Heuvelrêch

De driuwwâl, dy't op guon plakken krapoan 100 meter heech (Klever Berch is wol 106 meter heech), en dy't mear as sechtich meter boppe de deromhinne lizzende rivierterrassen fan de Ryn útstekt, ûntstie yn it Saale-glasiaal troch it opdriuwen fan gletsjers en gletsjertongen dy't út it noardeasten weikamen. Twa fan dy gletsjertongen foarmen de glasiale bekkens fan Groesbeek en Kranenburg, dy't dúdlik werom te kennen binne as de V-foarmige driuwwâl tusken Nimwegen en Kleef.