Jan van Hoof
Jan Jozef Lambert van Hoof (Nymwegen 7 augustus 1922 - Nymwegen, 19 septimber 1944) wie lid fan it ferset yn de Twadde Wrâldkriich en waard deasketten wylst er Amerikaanske soldaten holp mei Operaasje Market Garden.
Syn ferhaal
bewurkje seksjeFoar de kriich wie Jan van Hoof in paadfiner (Scout). Yn de Twadde Wrâldkriich wie scouting ferbean yn de measte besette lannen. Alle scoutingorganisaasjes soenen oergean yn de Nasjonale Jeugdstoarm (Nederlânsk: Nationale Jeugdstorm of NJS), de Nederlânske ferzje fan de Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend of HJ). De Nederlânske scoutingorganisaasjes gienen net akkoard mei de betingsten fan de Dútsers en gienen ûndergrûnsk en sommige groepen gienen sels yn it ferset.
Ek Jan van Hoof gie yn it ferset. Wylst de besetting fan de Dútsers yn Nederlân oan de gong wie, bestudearre hy de omkriten en makke dêr tekeningen fan. Doe't de Alliearden nei Nederlân kamen mei Operaasje Market Garden brûkte hy syn kunde troch de Alliearden troch Nymwegen te loadsen.
Faak is sein dat hy ek de eksplosiven op Brêge oer de Waal ûnskealik makke hat, mar nimmen hat him dat dwaan sjoen. Doe’t er thús kaam sei er tsjin syn suster: ‘de brêge is rêden’. Hy gie werom nei de Amerikanen om harren opnij te helpen.
Yn dy dagen hienen de Nederlânske fersetsstriders ûnderskiedende klean oan, sadat sy werom te kennen wienen as soldaten. De Dútsers seagen de fersetsstriders net as soldaten, mar as feeriders.
Op 19 septimber 1944 loadste hy wer Amerikaanske soldaten troch Nymwegen. Samar ynienen iepenen de Dútsers it fjoer op syn wein. De Amerikaanske soldaten wienen dea, mar Jan van Hoof net. De Dútsers pakten syn wapen, syn identifikaasjepapieren en syn earmbân dy’t him offisjeel in Alliearde soldaat makken. Sy mishannelen him en skeaten him troch de holle.
Underskiedings
bewurkje seksjeJan van Hoof is foar syn fertsjinsten yn de kriich postúm ûnderskieden mei:
- 1945, De Medalje foar Frijdom mei brûnzen Palm (Feriene Steaten),
- 1946, Orde fan Willem Ridder 4de Klasse (Nederlân),
- 1947, De Kenings Underskieding foar Heldhaftige Dieden mei sulveren laurel (Grut-Brittanje)
Monuminten
bewurkje seksjeMonuminten foar Jan van Hoof:
- Nymwegen, monumint foar Jan van Hoof
- Nymwegen, earegrêf fan Jan van Hoof
- Nymwegen, monumint op de Brêge oer de Waal
- Nymwegen, monumint oan de Lange Hezelstrjitte
- Nymwegen, Nederlânske Kriichs Begraafplak
(Allegear Nederlânsk)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Left Handshake troch Hilary Saint George Saunders, oer Scouting yn de Twadde Wrâldkriich (Ingelsk)
- Jan van Hoof artikel oer Jan van Hoof, troch Piet J. Kroonenberg (Nederlânsk)