Ede (gemeente)

Ede (Lûdsfragmint útspraak, Nedersaksysk: Ee) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Gelderlân, oan de westkant fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei. De gemeente hat 122.140 ynwenners (31 jannewaris 2023, boarne: CBS) en omfiemet likernôch 32.000 bunder en yn dat grûngebiet lizze, njonken it haadplak Ede de kearnen Bennekom, Deelen, Ederveen, Harskamp, Hoenderloo (foar in part), De Klomp, Lunteren, Wekerom en in stikmannich útbuorrens en buorskippen. De gemeente Ede wurket gear mei de gemeenten Rhenen, Wageningen, Veenendaal, Barneveld, Nijkerk, Skerpenseel en Renswoude yn it regionaal gearwurkingsferbân Regio Foodvalley.

Ede
Hoekelum Hoofdgebouw - 1.jpg
Lângoed Hoekelum
flagge wapen
Flag of Ede.svg Coat of arms of Ede.svg
lokaasje
NL - locator map municipality code GM0228 (2016).png
polityk
lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Flag of Gelderland.svg Gelderlân
boargemaster René van Hulst (CDA)
sifers en geografy
haadplak Ede
grutste plak Ede
ynwennertal 122.140 (31 jannewaris 2023)
befolkingstichtens 377 / km²
oerflak 318,62 km²
● wêrfan lân 318,18 km²
● wêrfan wetter 0,44 km²
tal doarpen 10
ferkearsieren A12 A30 N224 N304 N310 N781 N801 N804
Spoarline Amsterdam-Elten
Spoarline Nijkerk-Ede-Wageningen
skiednis
oprjochte
oar
netnûmer 026, 0318, 0342
postkoade 6710-6718, 6720-6721, 6730-6733, 6740-6741, 6744-6745, 6877
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.ede.nl

Op 1 jannewaris 1812 waarden Bennekom, Lunteren en Otterlo fan Ede ôfspjalte en foarmje harren eigen gemeenten, dochs binne op 1 jannewaris 1818 fannijs gearfoege by Ede.

GeografyBewurkje

De gemeente hat in totaal oan 122.140 ynwenners (31 jannewaris 2023, boarne: CBS). Yn 1850 hie de gemeente 9.004 ynwenners en 100 jier letter 45.896. Yn febrewaris 2013 waard de grins fan 110.000 ynwenners helle.

It tal hinnen yn de gemeente Ede is it grutste fan alle Nederlânske gemeenten: 3,6 miljoen hinnen (2020).

WenplakkenBewurkje

Wenplak Ynwenners
2021
Ede 76.750
Bennekom 15.270
Lunteren 13.775
Ederveen 3.685
Harskamp 3.545
Wekerom 2.715
Otterlo 2.215
De Klomp 460
Deelen 40
Hoenderloo (¹) 50

¹ It grutste part heart by de gemeente Apeldoarn.

Oare kearnenBewurkje

Buorskippen en oare net offisjele kearnen: Doesburgerbuurt, Driesprong, Eschoten, De Ginkel, Hoekelum, Hoog-Baarlo, De Kade, De Kraats, Meulunteren, Mossel, Nederwoud, Nergena, Nieuw-Reemst, Oud-Reemst, Overwoud, Roekel, De Valk, Walderveen en Westeneng

GeaBewurkje

De gemeente Ede hat in ferskaat oan lânskippen. Om syn lizzing op de driuwwâlen fan de Feluwe is de bosk, heide, en sânferstowings. Ede en Bennekom ûntstiene op in driuwwâl. Om syn hegere lizzing waarden de plakken gaadlik foar it wenjen. De hege (drûge) heidegeaen foar skiep, legere greide foar it oare fee, mei dêrtusken yn de gebieten dêr't ikkerbou plakfûn. Ynearsten bestie de bewenning út nomaden, likernôch 3000 f.Kr., mar letter ûntstie der in fêste bewenning en doe ûntstiene der bestjoerlike sintrums.

OfbyldenBewurkje

 
Topografyske gemeentekaart fan Ede

Keppeling om utensBewurkje

 
Gelderlân
 
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar