Bennekom
Bennekom is in eardere gemeente en doarp yn de gemeente Ede yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. Op 1 jannewaris 2021 hie it doarp 15.270 ynwenners.
Bennekom | ||
Alde Tsjerke fan Bennekom | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Gelderlân | |
gemeente | Ede | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 15.270 (1 jannewaris 2021)[1] | |
Oar | ||
Postkoade | 6721 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 59' 58" NB, 5° 40' 32" EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Bennekom yn de gemeente Ede |
Geografy
bewurkje seksjeBennekom leit op de grins fan de súdwestlike Feluwe en de súdlike Gelderske Fallei. It doarp bestiet út fjouwer buerten; yn it noardwesten De Halderbrink, yn it noardeasten De Laar, yn it súdeasten Bennekom-zuidoost en yn it súdwesten Boekelo. It doarp leit goed 500 meter súdlik fan de beboude kom fan Ede. De Rykswei 12, it doarp Hoekelum en it kastiel Hoekelum skiedt de beide plakken. Yn it súdeasten grinzget Bennekom oan Wageningen-Hoog en leit it in pear hûndert meter fan de beboude kom fan Wageningen ôf.
Westlik fan Bennekom rint de N781, in ferbiningsdyk dy't fan de A12 by Ede nei Wageningen rint. Westlik fan dy dyk lizze de buorskippen De Kraats en Nergena en de Negenase beek. Eastlik fan Bennekom is de Bennekomske heide en bosk fan de Feluwe.
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak fan Bennekom is al hiel lang bewenne. Der binne oerbliuwsels fan in âlde pleats, in nôt- en jiskekûle út de iere izertiid (800-500 f.Kr.) fûn. Ek binne der grêfheuvels út de âldheid fûn. Fierders binne der by eardere opgravings yn en om it doarp hinne oerbliuwsels út de izertiid en iere midsiuwen fûn.
Bennekom leit oan de râne fan it Binnenveld, dat eardere út in sompe bestie. Dêr hat oant yn de njoggentjinde iuw it kastiel Nergena, dy't mooglik eigendom fan de hartoch fan Gelre wie, stien. De Alde- of Aleksandertsjerke fan Bennekom waard mooglik al yn de tolfde iuw boud. Om 1290 waard Bennekom in selsstannich karspel.
Op 1 jannewaris 1812 waard Bennekom fan Ede ôfspjalte en in selsstannige gemeente, dochs op 1 jannewaris 1818 waard er fannijs mei Ede werienige.
Doe't de Alliearden de Slach om Arnhim ferlearen, waard Bennekom op 22 oktober 1944 troch de Dútsers evakuearre, om't it doarp frontgebiet wurden wie. It ferset fan Ede makke handich gebrûk fan de betiisde sitewaasje en smokkelje 140 manlju, foar it grutste part Britske soldaten, troch it doarp hinne. De nachts dêrnei stutsen se tusken Renkum en Wageningen de Nederryn oer om sa yn befrijd gebiet del te kommen. Dy aksje waard bekend as "Operaasje Pegasus I". In moanne letter ûntplofte de mûne Onze Rika dêr't in munysjedepot yn ûnderbrocht wie. Wol 73 Dútske soldaten kamen derby om it libben.
Yn 1952 waard der yn it westen fan it doarp in nij gebou boud yn de styl fan it kastiel Nergena, dêr't it doetiidske Ryksynstitút foar it Rasse-ûndersyk fan Lândbougewaaksen. Ek westlik fan Bennekom lei it earderee kastiel Harslo.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Alde of Aleksandertsjerke
- Kastiel Hoekelum
- Kijk- en Luistermuseum
Berne yn Bennekom
bewurkje seksje- Wopke Hoekstra (1975), politikus fan Frysk komôf.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |