Otterlo is in esdoarp[1] yn de Nederlânske gemeente Ede, provinsje Gelderlân. It doarp en it omlizzende bûtengebiet hat 2380 (2006[2]) ynwenners.

Yn 2005 waard it 1150-jierrich bestean fan Otterlo. It efterheaksel loo is in âlde benaming foar in bosk. De namme waard eartiids ek wol skreaun as Otterloo. Dizze twa nammen waarden ôfwikseljend brûkt. Dit is noch werom te sjen op âlde ansichtkaarten.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Tichtby Otterlo leit it Nasjonaal Park De Hege Feluwe. Hjir is ek ien fan de yngongen fan dit park. It yn it park lizzende Kröller-Müller Museum, neamd nei Helene Kröller-Müller, hat in kolleksje skilderijen en byldhoukeunst fan ûnder oare Vincent van Gogh, mar ek in renomearre kolleksje byldhoukeunst yn it Byldenpark fan it Kröller-Müller Museum. Dêrneist stiet yn Otterlo it Nederlânsk Tegelmuseum en it Reade Krúsmonumint.

Langs de Planken Wambuiswei rjochting Ede stiet oan de rjochterkant it Utsjochpunt Valenberg.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Otterlo


Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Bijhouwer J.T.P. (1977). Het Nederlandse Landschap. Amsterdam: Kosmos.
  2. CBS Statline, 1 jannewaris 2006