Kröller-Müller Museum
It Kröller-Müller Museum is in museum foar moderne keunst, yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe te Otterlo yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It museum en it neistlizzende byldenpark, mei-inoar sa'n 25 ha, hawwe ynternasjonale bekendheid. Jierliks komme der mear as 250.000 besikers út binnen- en bûtenlân.
It museum is neamd nei Helene Kröller-Müller, dy't, advisearre troch keunstpedagooch H.P. Bremmer, in grut part fan de samling gearfandele.

It museum is yn opdracht fan de Kröllers ûntwurpen troch de Belgyske arsjitekt Henry Van de Velde. It waard yn 1938 iepene. It gebou is tsjintwurdich eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst), dy't it yn 1977 útwreidzje liet mei ûnder oaren eksposysjesealen, depots en in nije yngongshal, nei ûntwerp fan arsjitekt Wim Quist.
Yn 1961 liet de doetiidske direkteur Bram Hammacher it museum útwreidzje mei in byldepark. Yn 1963 folge Rudi Oxenaar Hammacher op en fan 1990 oant 2011 wie Evert van Straaten de direkteur. Hy waard opfolge troch Lisette Pelsers.
SamlingBewurkje
It museum hat yn wrâldferneamde kolleksje skilderijen en tekeningen fan de keunstskilder Vincent van Gogh op 'e noed. Dêrneist is der in rike samling moderne en hjoeddeiske keunst dêr't mear as 400 wurken (ynternasjonale avant-garde út de jierren '60 oant no) út de eardere kolleksje Visser ûnder binne; sa as wurk fan Anselm Kiefer, Richard Long en Ellsworth Kelly. Yn 2005 waard in legaat, besteande út 28 wurken en korrespondinsje, út de neilittenskip fan Rudi van Deventer (soan fan de museumdirekteur yn de oarlochsjierren) oangien.
Der is wurk fan ûnder oaren:
- Hans Baldung Grien
- Rudolf Belling
- Constantin Brâncuşi
- Lucas Cranach de Oude
- Pieter Claesz
- Theo van Doesburg
- James Ensor
- Juan Gris
- Isaac Israëls
- Bart van der Leck
- Fernand Léger
- Marino Marini
- Piet Mondriaan
- Pablo Picasso
- Odilon Redon
- Kurt Schwitters
- Georges Seurat
- Charley Toorop
- Jan Toorop
- Herman de Vries
Utstald wurk (kar út)Bewurkje
It byldeparkBewurkje
Eastlik terreinBewurkje
Sol LeWitt, Six-sided tower, 1993 ∗
Richard Serra, One, 1988 ∗
Krijn Giezen, Utsjen, attention, 1986-2005 ∗
Tom Claassen, Lizzende houten mannen, 2000 ∗
Chris Booth, De echo fan de Feluwe, 2003-2005 ∗
Luciano Fabro, La doppia faccia del cielo, 1986 ∗
Isamu Wakabayashi, Otterlo Mist, 2001 ∗
Arturo Martini, Giuditta e Oloferne, 1932-1933 ∗
Aldo van Eyck-paviljoenBewurkje
Aldo van Eyck, Aldo van Eyck-paviljoen, 1965-1966(Opnij opboud yn Otterlo, 2005-2006)∗
Joseph Mendes da Costa, Leafde, 1917
Willy Anthoons, Forme infinie, 1949 resp. 1960
Armando, Swarte skeal, 1989
Joannis Avramidis, Grosse Figur, 1958
Ralph Brown, Vernal Figure, 1957
Jacob Epstein, Angel-torso, 1923-1961
Emilio Greco, Grande bagnante n. 3, 1957
Oscar Jespers, Vooroverhellende torso, 1932
Sintraal en súdwestlik terreinBewurkje
George Rickey, 2vertical, 3 horizontal lines, 1965-1966
Kenneth Snelson, Needle Tower II, 1969 ∗
Kenneth Snelson, Needle Tower II, 1969 ∗
Mario Merz, Igloo di pietra, 1982 ∗
Mario Merz, Igloo di pietra, 1982 ∗
Eugène Dodeigne, Sept, 1993
Jean Dubuffet, Jardin d'Email, 1974 ∗
Jean Dubuffet, Jardin d'Email, 1974 ∗
Marta Pan, Amphitheatre, 2005
Rudi van de Wint, View, 2001 ∗
Richard Serra, Spin out, for Robert Smithson, 1972-1973 ∗
Richard Serra, Spin out, for Robert Smithson, 1972-1973 ∗
Carl Andre, 43 Roaring forty, 1968
Lucio Fontana, Concetto spaziale Natura, 1959-1960
Noardwest terreinBewurkje
Marta Pan, Sculpture flottante 'Otterlo', 1960-1961 ∗
Tom Claassen, Rocky lumps, 2005-2006
Otto Freundlich, Composition, 1933-1961
Marcello Mascherini, Ritratto di Franca, 1952
Jean Amado, De la mer, le passage..., 1979
Miroslaw Balka, 200x238x95 (fontein)
Hans Arp, Berger de nuages, 1953
Aristide Maillol, L'Air, 1939 ∗
Auguste Rodin, Femme accroupie, 1882 ∗
Constant Permeke, Niobe, 1951
Rietveld-paviljoenBewurkje
Gerrit Rietveld, Rietveld-paviljoen, 1964-1965 ∗
Herman de Vries, Le témoin, 1991
YngongBewurkje
Oswald Wenckebach, Monsieur Jacques, 1955 ∗
Mark di Suvero, K-piece, 1972 ∗
Piet Slegers, Landschaps-Zonneproject, 1979
Sjoerd Buisman, Phyllotaxis
Bertrand Lavier, Privé sur mobi, 1986 ∗
Dan Graham, Two adjacent pavillions, 1978-2001
André Volten, Kubische constructie, 1968
Carel Visser, Grote Auschwitz, 1967
Huang Yong Ping, The overturned tomb, 1994 ∗
Keppeling om utensBewurkje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kröller-Müller Museum fan Wikimedia Commons. |