Henk Bremmer
Hendricus Petrus (Henk) Bremmer (Leien, 17 maaie 1871 – De Haach, 10 jannewaris 1956) wie in Nederlânsk keunstskilder, mar krige benammen bekendheid as keunstkritikus, keunstpedagooch, samler en hanneler yn keunst. Hy wie de heit fan de skilder Rudolf Bremmer (1900-1993) en de natuerkundige Henk Bremmer (1904-1996).
Henk Bremmer | ||
keunstner | ||
H.P. Bremmer yn 1921 troch Bertha van Hasselt | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hendricus Petrus Bremmer | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1871 | |
berteplak | Leien | |
stoarn | 1956 | |
stjerplak | De Haach | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, pedagooch, kritikus, samler en hanneler |
Libben en wurk
bewurkje seksjeBremmer waard berne as soan fan Willem Bremmer, loazjeminthâlder, en Cornelia Wilhelmina Dumortier. Hy waard oplaat as skilder en tekener, wurke fan 1893–1895 as keunstsjoernalist en begûn yn 1896 mei syn keunstkursussen. Yn it seizoen 1906–1907 wie Helene Kröller-Müller ien fan syn learlingen. Sy wie doe ien fan de rykste froulju fan Nederlân en begûn rillegau mei it sammeljen fan keunst. Bremmer joech har advys by it gearstallen fan de kolleksje - de basis fan it lettere Kröller-Müller Museum – en beselskippe har ek op oankeapreizen.
Bremmer hie kontakt mei in soad keunstners. Yn 1912 kaam er yn kontakt mei Bart van der Leck. Fan 1912 oant 1945 wied er learmaster en stiper fan Bart van der Leck. De finansjele stipe bestie út in ruiloerienkomst: in moanliks talage yn ruil foar in part fan it wurk. Ek oare keunstners binne ynsidinteel stipe troch oankeap of troch in taslach.
Bremmers opfettingen hat er alderearst fêstlein yn it boek Eene inleiding tot het zien van beeldende kunst (koartwei Beeldende kunst) dat yn 1906 ferskynde. Yn 1913 waard út ein set mei it ienmanstydskrift Beeldende kunst; Bremmer skreau 23 jiergangen allinnich fol. Bremmer hie sa'n protte ynfloed yn de Nederlânske keunstwrâld fan de earste helte 20e iuw dat er wol de "keunstpaus" neamd waard. Charley Toorop makke yn 1936 in skilderij fan Bremmer en syn oarehelte mids harren freonen. Yn 1951 krige er in earedoktoraat fan de Ryksuniversiteit Grins.
Yn 1895 boaske er oan A.M. Beekhuis (1866-1945) en ferhuze it pear nei De Haach. Syn frou wie aktyf foar de Vereeniging ter behartiging van de belangen der Vrouw, dy't ûnder mear krewearre foar frouljuskiesrjocht. Sy krigen tegearre fjouwer bern. Bremmer stoar yn 1956 yn it Artystehofke yn de Seeheldebuert yn De Haach.
Yn it Kröller-Müller Museum wie fan 14 oktober 2006 oant 25 febrewaris 2007 in útstalling oer Bremmer te sjen mei de titel De kunstpaus, H.P. Bremmer.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|