Hans Baldung

(Trochferwiisd fan Hans Baldung Grien)

Hans Baldung ek wol Hans Baldung Grien/Grün (Schwäbisch Gmünd, 1484/1485Straatsburch, septimber 1545) wie in Dútske Renêssânse-keunstskilder en makker fan houtfiken.

Selsportret, 1526

Hy wie de soan fan in abbekaat, dy't 1492 nei Straatsburg ferhuze. Fan 1503 oant 1507 arbeide er yn it atelier fan Albrecht Dürer yn Neurenberg. Yn 1509 waard Baldung boarger fan de stêd Straatsburg, dêr't er oant 1513 wenne. Doe ferhuze er nei Freiburg im Breisgau, om't er dêr in grut alterstik skilderje soe foar de Freiburger Münster. It wurk wie dien yn 1516 is dêr noch. 1517 gie er werom nei Straatsburg en kaam dêr te ferstjerren yn 1545. Hy wie troud mei Margaretje Herlin, dy't út in foaroansteande Straatsburchske famylje kaam.

De earste skilderijen dy't oan Baldung taskreaun wurde binne alterstikken mei it monogram H. B. en de datum 1496, yn de kleasterkapel fan Lichtenthal, ûnder Baden-Baden. In oar ier wurk is in portret fan keizer Maximiliaan I út 1501 tekene op in side fan in sketsboek . "It martelerskip fan Sint Sebastiaan ", út 1507, is makke foar de Merkstjerke yn Halle.

Baldung syn tekeningen binne, hoewol beynfloede fan Dürer, tige persoanlik wat styl en faak ek ûnderwerp oanbelangje. Teffens is Italjaanske ynfloed te fernimmen. Syn skilderijen binne net sa wichtich as syn tekeningen. Hy makke fral houtfiken, mar hat ek in tal gravueres makke. De measte fan syn hûnderten houtfiken binne makke foar boeken, dat wie doe wenst. Fan syn losse houtfiken (dy't net as boekyllustraasje ornearre wienen) binne der noch gjin hûndert, hoewol't it sekure tal net witten is.

Baldung hie in opfallende ynteresse yn heksen en makke der in soad ôfbylden fan.

Baldung makke ek portretten, lykas dy fan keizer Maximiliaan I en Karel V. Ek leden fan de markgreeflike famylje fan Baden waarden fan him portrettearre.

Nederlân hat ien skilderij fan Baldung: Venus en Amor (1524-1525), yn it Kröller-Müller Museum te Otterlo.

Priuwke fan syn wurk

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: