Barneveld (gemeente)
Barneveld (Nedersaksysk: Barreveld) is in gemeente yn de provinsje Gelderlân. It haadplak is it plak mei deselde namme Barneveld. De gemeente beslacht in gebiet fan 176,74 km² en hat in ynwenneroantal fan 52.500 (2010). In ynwenner fan Barneveld wurdt in Barnevelder neamd. De gemeente Barneveld ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm op 1 jannewaris 1818, doe't de doetiidske gemeente Barneveld fúzjearre mei de gemeenten Garderen en Voorthuizen, dy't yn 1812 fan Barneveld ôfspjalte wiene.
KearnenBewurkje
Plaknamme | Wenkearn | Kearngebiet |
---|---|---|
Barneveld | 23.960 | 28.640 |
Voorthuizen | 8.110 | 9.710 |
Kootwijkerbroek | 1.810 | 4.870 |
Garderen | 1.470 | 2.060 |
Zwartebroek | 800 | 1.260 |
Terschuur | 750 | 1.480 |
Stroe | 720 | 1.500 |
De Glind | 350 | 630 |
Kootwijk | 130 | 280 |
Bron: CBS |
Buorskippen en oare ûnoffisjele kearnen: Essen, Esveld, Garderbroek, Harselaar, Kallenbroek, Moorst (gedieltlik), Wessel en Rekreaasjegebiet Zeumeren.
GeografyBewurkje
De gemeente grinzet oan de gemeentes Nijkerk, Putten en Ermelo yn it noarden. De gemeente Apeldoorn yn it easten. De gemeentes Ede, Renswoude, Scherpenzeel en Woudenberg yn it suden en de gemeentes Leusden en Amersfoort yn it westen.
De gemeente Barneveld leit foar in grut part yn it sintrale diel fan de Gelderske Fallei. Yn it easten en it noardeasten lizze de sângrûnen fan de Feluwe mei bosken, heidefjilden en yn de buert fan Kootwijk it Kootwijkerzand. De gemeente wurdt fan east nei west trochsnien troch de Barneveldse Beek.
EkonomyBewurkje
LânbouBewurkje
De gemeente hat in hege konsintraasjebargehâlderijen en plomfeehâlderijen. It lânbougebiet bestiet benammen út greide en relatyf in bytsje ikkerlân, útsein oan de râne fan de Feluwe en hjir en dêr ferspraat oer de gemeente.
It oantal hinnen yn de gemeente Barneveld is it grutste fan alle Nederlânske gemeentes: 2,9 miljoen hinnen (2004).
Troch de hege konsintraaje fan (plom)fee hat de gemeente in heech dongoerskot.
ToerismeBewurkje
Benammen op de oergongssône tusken de Fallei en de Feluwe lizze in bulte campings, de measten tusken Voorthuizen en Garderen.
MediaBewurkje
De gemeente Barneveld hat mei de Barneveldse Krant in deiblêd dat alle dagen ynformearret oer nijs út de gemeente en de regio. Fierders is der it hûs-oan-hûsblêd fan Wegener, Barneveld Vandaag. Dizze krante ferskynt trije kear yn de wike.
De lokale omrop fan de gemeente is Radio Barneveld. Dizze stjoert út op 93.1 FM op de kabel, 93.5 FM yn de eher en fia it ynternet út.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Barneveld fan Wikimedia Commons. |
Aalten - Alde Iselstreek - Apeldoarn - Arnhim (haadstêd) - Barneveld - Berg en Dal - Berkelland - Beuningen - Bronckhorst - Brummen - Buren - Culemborg - Doesburch - Doetinchem - Druten - Duiven - East-Gelre - Ede - Elburch - Epe - Ermelo - Harderwyk - Hattem - Heerde - Heumen - Lingewaard - Lochem - Maasdriel - Montferland - Neder-Betuwe - Nijkerk - Nimwegen - Nunspeet - Oerbetuwe - Oldebroek - Putten - Renkum - Rheden - Rozendaal - Sâltbommel - Skerpenseel - Sutfen - Tiel - Voorst - Wageningen - West-Betuwe - West-Maas en Waal - Westervoort - Wijchen - Winterswyk - Zevenaar |