Kallenbroek
Kallenbroek is in buorskip yn de gemeente Barneveld, yn de provinsje Gelderlân. Hy leit west fan it doarp Barneveld. Troch de kombinaasje fan it boskrike lângoed Erica en it agraryske karakter fan de buorskip binne it lângoed én de buorskip ek wol bekend as Het Paradijs.
De namme fan it plak is ôflaat fan it feit dat de wetterstream, de Esvelderbeek, by it plak kâlder wie as by oare plakken. In mear letterlike oersetting fan Kallenbroek soe wêze 'kouderbroek' of 'kouderwater'.
It plak is bekend om de nôtmole Den Olden Florus, dy waard eartiids ek wol de Callenbroecker mole neamd. Hoe âld de mole krekt is, is ûnbekend; de âldste ferwizing is fan 1403. De hjoeddeiske mole moat foar 1584 boud wêze. De mole is dêrnei meardere kearen restaurearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |