Stroe (Gelderlân)
Stroe is in doarp yn de gemeente Barneveld, yn de provinsje Gelderlân. It doarp hat, mei omkanten, 1500 ynwenners (2004).
It doarp leit oan it spoar Amersfoart-Apeldoarn, tichtby de A1, op de grins fan de Feluwe en de Gelderske Fallei. Tusken 1881 en 1937 hie Stroe in treinstasjon. It súdwestlik fan it doarp lizzende buorskip Garderbroek, falt ek ûnder Stroe.
Yn Stroe stiet doarpshûs 'De Hofstee'. Fierders hat Stroe ûnder oaren in galery, in garaazje, pankoekehûs, en it Militêr Penitinsjêr Sintrum (MPC Stroe), dêr't sûnt 1999 Nederlânske militêren opsluten wurde dy't ta straffen oant seis moanne feroardield binne.
Stroe is nei alle gedachten ien fan de âldste delsettings fan Nederlân.
Sport en rekreaasje
bewurkje seksjeStroe leit oan de Europeeske kuierrûte E11, dy't lokaal ek wol 'Marsekreammerpaad' of 'Hannelswei' hjit. De E11 rint fan Den Haach nei it easten, oant de grins Poalen/Litouwen (yn 2008).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |