DJ (Star Wars)
DJ (Ingelske útspr.: [ˈdiːʤeː], likernôch "dii-dzjee") is in fiktyf personaazje fan minder belang út 'e Star Wars-franchise. Hy komt foar yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi, it middelste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, út 2017. It personaazje waard betocht troch regisseur en senarioskriuwer Rian Johnson. DJ is in synyske hacker dy't troch Finn en Rose Tico yn 'e earm nommen wurdt om it Ferset te helpen, mar harren úteinlik ferriedt. It personaazje fan DJ waard fertolke troch akteur Benicio del Toro.
DJ personaazje út Star Wars | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Galaktysk | |
berop/amt | hacker | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes |
Finn Rose Tico BB-8 | |
geastlike heit | Rian Johnson | |
ûntstean | 2017 |
Fiktive biografy
bewurkje seksjePersoanlikheid
bewurkje seksjeDe man dy't bekend kommen is te stean as 'DJ' is in dief en in hacker. De namme dy't er brûkt is eins in ôfkoarting foar syn persoanlike motto Don't Join ("Wurd Gjin Lid" of "Jou Dy Der Net By"). Dat jout utering oan syn gebrek oan leauwe yn goed en kwea; ynstee sjocht er inkeld griistinten dêr't oaren swart en wyt sjogge. Foar him is der sadwaande net folle feskil tusken de faksistoïde Earste Oarder, dy't de oerhearsking fan it hiele Stjerrestelsel neistribbet, en it Ferset, dat soks besiket tsjin te kearen om 'e demokrasy te bewarjen. Foar DJ binne der mar twa kanten: dy fan himsels en dy fan alle oaren, en de iennichste kant dêr't hy oan stiet, is syn eigen.
Yn The Last Jedi
bewurkje seksjeUnder de oarloch fan it Ferset tsjin 'e Earste Oarder fêstiget DJ him yn Canto Bight, in kasino-resort foar de superriken op 'e planeet Cantonica. Dêr brûkt er syn hackersfeardichheden om 'e kasino's en de kasinogasten jild ôfhandich te meitsjen. Lang om let rint er tsjin 'e lampe en bedarret er yn it pleatslike tichthûs. Dêr wurde letter dy jûns, lykas te sjen yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), de âld-stoarmtroeper Finn en de monteur Rose Tico by him yn 'e sel pleatst. Dy beide binne op in misje om 'e troch de stjerreslachskippen fan 'e Earste Oarder efterfolge float fan it Ferset te rêden,
Finn en Rose binne fan doel it apparaat op it fijannige flaggeskip, wêrmei't de Earste Oarder de fersetsskippen sels troch de hyperromte folgje kin, te sabotearjen. Finn, dy't yn it ferline as stoarmtroeper oan board fan it flaggeskip tsjinne hat, wit wêr't it apparaat is, en Rose hat de technyske knowhow om it te fernielen sûnder dat de Earste Oarder it daliks merke sil. Mar se binne in koadebrekker nedich om yn 'e romte fan it apparaat te kommen, dat efter slot en skoattel bewarre wurdt. Fersetssympatisante Maz Kanata hat harren ferwiisd nei in master-koadebrekker dy't se fine kinne yn ien fan 'e kasino's yn Canto Bight, mar ear't se mei dyselde kontakt lizze kinne, wurde se troch de pleatslike plysje mei stroomstjitwapens oermastere en yn it tichthûs smiten foar foutpartkearjen, mei't se harren romtefear op in iepenbier strân oan 'e grûn setten hawwe.
Yn 'e sel oerlizze Finn en Rose oer hoe no fierder, en DJ kin harren petear folgje. Hy biedt oan om harren koadebrekker te wêzen, mar Finn en Rose stegerje him ôf. Nettsjinsteande dat binne se ûnder de yndruk as er himsels (en dêrmei ek harren) sûnder muoite út 'e sel lit troch it slot te hacken. Se geane ferskillende kanten út, en DJ komt BB-8 tsjin, de robot fan Finn en Rose, dy't op eigen manneboet in befrijingsaksje op tou set hat. Finn en Rose besykje werom te gean nei it kasino, mar krije al rillegau de plysje wer efter harren oan. Mei de help fan in keppel fathiers, semy-yntelliginte racedieren dy't troch harren eigners mishannele wurde, en de minskebern dy't de bisten fersoargje, witte se te ûntkommen nei it strân. Harren romtefear wurdt troch de plysje oan grôt sketten, en fierderop reitsje se ynsletten oan 'e top fan in heech klif. Se wurde rêden troch DJ en BB-8, dy't tegearre in romteskip stellen hawwe.
Mei-inoar reizgje se werom nei de fersetfloat, dy't noch altyd efterfolge wurdt troch de float fan 'e Earste Oarder. Finn, Rose, BB-8 en DJ witte tanksij de hackerskwaliteiten fan DJ ûngemurken oan board fan it fijannige flaggeskip te kommen. It slagget harren en berik de romte fan it apparaat wêrmei't de fersetsfloat troch de hyperromte folge wurdt, mar ear't se dat sabotearje kinne, wurde se dêr trappearre troch Finn syn eardere befelfierend ofsier, kaptein Phasma. Dyselde lit harren yn 'e hechten nimme.
DJ hat fersetsofsier Poe Dameron oer de radio tsjin Finn sizzen heard dat de opfarrenden fan 'e Raddus, de lêst oerbleaune kruser fan it Ferset, harren romteskip yn kamûflearre transportskippen ferlitte sille om nei de planeet Crait te flechtsjen, dêr't se deun bylâns komme. Hy keapet no syn frijheid troch dy plannen te ferrieden oan generaal Hux, dy't it befel oer de float fan 'e Earste Oarder fiert. Hy wurdt dêrfoar beleanne en mei dan it flaggeskip fan 'e Earste Oarder ferlitte nei't er Finn en Rose op it hert drukt hat dat it neat persoanliks is. DJ lit harren efter om eksekutearre te wurden troch Phasma en har stoarmtroepers.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |