Ahsoka Tano is in fiktyf bûtenierdsk personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hja is in Togruta dy't Jedi-ridder wurdt ûnder it mentorskip fan Anakin Skywalker. De geastlike heiten fan it personaazje wiene Star Wars-betinker George Lucas en regisseur Dave Filoni. Ahsoka waard yn 2008 yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en kearde werom yn seizoen 2 oant en mei 5 fan 'e dêropfolgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Letter kearde se jitris werom yn ferskate ôfleverings fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, dêr't se de koadenamme Fulcrum brûkte. Alle kearen waard de dialooch fan Ahsoka ynsprutsen troch stimaktrise Ashley Eckstein, dy't as sadanich ek in stimcameo hie yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker.

Ahsoka Tano
personaazje út Star Wars
Ahsoka Tano sa't hja te sjen wie yn seizoen 2–5 fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars.
Ahsoka Tano sa't hja te sjen wie yn seizoen 2–5 fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Fulcrum
bynamme Snips (troch Anakin Skywalker)
sekse froulik
soarte personaazje Togruta
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Anakin Skywalker
Obi-Wan Kenobi
Darth Vader
Ezra Bridger
de Mandaloriaan
Grogu
geastlike heit George Lucas
Dave Filoni
ûntstean 2008
Ahsoka wiist troch nei dizze side. Foar de hearsker út 'e Yndyske Aldheid, sjoch: Ashoka.
Dizze side giet oer it personaazje Ahsoka. Foar de tillefyzjesearje, sjoch: Ahsoka (tillefyzjesearje).

Ahsoka is ek de protagoniste fan 'e nei har ferneamde roman Star Wars: Ahsoka, wêrfoar't Eckstein de audioboekferzje foarlies. As live-actionpersonaazje makke Ahsoka har debút yn it twadde seizoen fan 'e Disney+-tillefyzjesearje The Mandalorian, wêryn't har rol spile waard troch aktrise Rosario Dawson. Dyselde kroep fannijs yn 'e hûd fan it personaazje foar in gastrol yn 'e searje The Book of Boba Fett, en se sil ek de titelrol fertolkje yn in oan Ahsoka Tano wijde minysearje dy't op steapel stiet, mei as titel Ahsoka. Hoewol't de mienings fan sawol kritisy as fans yn 't earstoan ferdield wiene oer Ahsoka, ûntjoech se har meitiid ta in wiere favoryt fan 'e fans, en waard se oanwiisd as in "sterk froulik personaazje" en in posityf rolmodel foar famkes.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Ahsoka Tano waard yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), as de nije padawan (learling) fan 'e jonge Jedi-ridder Anakin Skywalker. The Clone Wars wurdt yn 'e ynterne gronology fan 'e Star Wars-franchise pleatst tusken de beide lêste dielen fan 'e Star Wars-prequeltrilogy yn. De bedoeling fan it nije personaazje wie om sjen te litten hoe't it kin dat Anakin him ûntjûn hat fan 'e ympulsive, ûndissiplinearre padawan dy't er noch is yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) ta de mear reservearre Jedi-ridder út Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005).

Ahsoka waard ûntwikkele troch Star Wars-betinker George Lucas en Dave Filoni, de regisseur fan 'e Star Wars: The Clone Wars, dy't yn 2014 yn in fraachpetear sei dat er noch altyd beskermjende nigings hie foar it personaazje fan Ahsoka oer. It tapartsjen fan 'e ferantwurdlikheid foar in eigen padawan wie bedoeld om Anakin yn in rol te pleatsen dy't him twong om foarsichtiger te wurden en mear nei te tinken oer de konsekwinsjes fan syn dieden. Hy kriget dêrtroch ek ynsjoch yn syn eigen relaasje mei syn eardere master Obi-Wan Kenobi, sadat sjen litten wurde kin hoe't harren ûnderlinge bân ripet.

As tekenfilmfiguer

bewurkje seksje

Yn Star Wars: The Clone Wars (film)

bewurkje seksje

Ahsoka Tano waard foar it earst yn 'e Star Wars-franchise yntrodusearre yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), dy't yn 'e bioskopen útbrocht waard. De film spilet yn it earste jier fan 'e Kloane-oarloggen tusken de Galaktyske Republyk en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Op 'e planeet Christophsis binne Jedi-master Obi-Wan Kenobi en syn eardere learling (padawan) Anakin Skywalker mei in beheind kontingint kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk yn 'e benearing rekke troch de oermacht fan 'e fijân. Harren fersiken om fersterking bliuwe ûnbeäntwurde om't har kommunikaasje mei it legerhaadkertier op Coruscant steurd wurdt troch de fijân.

Underwilens wurdt Rotta, de jonge soan fan 'e ynfloedrike gangster Jabba de Hutt, ûntfierd troch ûnbekenden, en Jabba freget de Jedi Oarder om help. Grutmaster Yoda en master Mace Windu twifelje hokker beskie se dêrop jaan sille, mar kânselier Palpatine wiist derop dat de Republyk net sûnder de goede wil fan 'e Hutts kin om't dyselden de hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel behearskje. Dit is neffens him in útlêzen kâns om dy goede wil te bemachtigjen. Der wurdt besletten dat Obi-Wan en Anakin stjoerd wurde sille, mei't (foarsafier't men op Coruscant wit) de striid op Christophsis yn it foardiel fan 'e Republyk besljochte is. Der wurdt in in boadskipper stjoerd om 'e nije opdracht oer te bringen. Dy boadskipper is Ahsoka.

Ahsoka is in jonge Togruta dy't op 'e planeet Shili berne is en omreden fan har Krêftgefoeligens al tige jong nei Coruscant stjoerd is om dêr ta Jedi oplaat te wurden yn it haadkertier fan 'e Jedi Oarder. Troch Yoda is se no útornearre om 'e earste padawan fan Anakin te wurden. Mei't se oan 'e jonge kant is foar in padawan, is har der alles oan gelegen om harsels te bewizen. As dúdlik wurdt dat Obi-Wan en Anakin foarearst gjin fersterkings hoege te ferwachtsjen, beslute se harren swierrichheden sels op te lossen. Wylst Obi-Wan him by wize fan mûklist oerjout oan 'e fijân om tiid te rekken, ynfiltrearje Anakin, dy't syn nije padawan mar mei tsjinnichheid akseptearret, en Ahsoka it fijannige haadkertier, dêr't se it enerzjyskyld sabotearje dat it fijannige leger beskermet tsjin 'e swiere laserkanonnen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk. Tsjin 'e tiid dat Yoda mei de fersterkings arrivearret, hat Loathsom syn leger oerjûn, wylst Ahsoka it respekt fan Anakin wûn hat.

 
Cosplay fan Ahsoka Tano.

Neitiid krije Anakin en Ahsoka opdracht om der tegearre foar te soargjen dat de ûntfierde Rotta mei syn heit weriene wurdt. It docht al rillegau bliken dat de ûntfiering út 'e koker komt fan 'e boasaardige Sith-master Darth Sidious (dy't yn it geheim it alter ego is fan 'e freonlike kânselier Palpatine). De ûntfiering is in middel om 'e Hutts tsjin 'e Jedi op te stokeljen en sa it Grutte Leger fan 'e Republyk it gebrûk fan 'e hannelsrûtes troch de Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel te ûntsizzen. Sidious syn trewant greve Dooku hat de ûntfiering beävensearre en stiet yn kontakt mei Jabba de Hutt, dy't er besiket te manipulearjen.

Anakin, Ahsoka en de robot R2-D2 folgje it spoar fan 'e ûntfierders nei de planeet Teth, dêr't se by in ferlitten kleaster yn in mûklaach rinne fan in kloft oarlochsandroïden. Dy wurde oanfierd troch de tsjustere Jedi Asajj Ventress, in hiermoardneresse yn 'e tsjinst fan greve Dooku. Se witte út 'e fâle te ûntkommen mei de jonge Rotta, en kape in rynkrank transportromteskip, dêr't se mei nei Tatooine reizgje, de planeet dêr't Jabba de Hutt wennet. Underwilens hat Ventress lykwols opnamen witten te meitsjen fan Anakin en Ahsoka mei de lytse Rotta, wêrby't it bûten de kontekst om krekt liket as binne de Jedi ferantwurdlik foar de ûntfiering. Anakin syn fersuchting op krekt dat momint, dat er in grouwéligen hekel oan Hutts hat, makket it plaatsje kompleet dat greve Dooku oan Jabba toane wol. De gangster lûkt de bedoelde konklúzjes en jout syn trewanten opdracht om 'e Jedi te fermoardzjen.

By harren oankomst by Tatooine wurdt it romteskip fan Anakin en Ahsoka delsketten troch de trewanten fan greve Dooku. Anakin, Ahsoka en R2-D2 begjinne mei Rotta geandefoets in tocht troch de woastyn nei it paleis fan Jabba. Om't se swierrichheden ferwachtsje, betinkt Anakin in mûklist, wêrby't hy en Ahsoka útinoar geane. Hy lit it foarkomme as hat hy de jonge Hutt by him, mar as Dooku him oanfalt en sy beiden in duël mei de ljochtsabels útfjochtsje, docht úteinlik bliken dat de koer op syn rêch leech is. Eins is Rotta by Ahsoka en R2-D2, mar as dyselden deun by it paleis fan Jabba binne, wurde se opwachte en oanfallen troch de trije robotliifwachten fan Dooku. Nei't Dooku him dat op selsfoldiene wize ferteld hat, stelt Anakin Dooku syn glydmotor, dêr't er him op nei it paleis fan Jabba hastiget. Hy riidt Ahsoka-en-dy lykwols straal foarby om't sy yn harren gefjocht fan it paad ôf rekke binne. Oankommen by it paleis wurdt Anakin daliks finzen nommen troch de trewanten fan Jabba.

 
Ashley Eckstein spriek yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars en de tekenfilm-searjesearjes Star Wars: The Clone Wars en Star Wars: Rebels de dialooch fan Ahsoka Tano yn.

Ahsoka wit lang om let de liifwachten fan Dooku op eigen krêft te ferslaan, ek al binne it drege tsjinstanners en hat se sels frijwol gjin ûnderfining mei sokke dingen. Se bringt de jonge Rotta nei it paleis fan Jabba, dêr't de Hutt einlings weriene wurdt mei syn soan. Nettsjinsteande dat jout Jabba befel dat Anakin en Ahsoka terjochtsteld wurde moatte foar de belutsenens fan 'e Jedi by de ûntfiering. Op dat stuit ferskynt senator Padmé Amidala fan Naboo, dy't yn it geheim mei Anakin troud is, lykwols yn holografyske foarm foar de troan fan Jabba, en bringt oan him út dat de wiere ferantwurdliken foar de ûntfiering greve Dooku en Jabba syn eigen omke Ziro de Hutt binne. Dêrop lit Jabba Anakin en Ahsoka gean en stimt er ek yn mei in ferdrach dat de romteskippen fan 'e Jedi Oarder en it Grutte Leger fan 'e Republyk frije trochtocht biedt troch de dielen fan it Stjerrestelsel dy't troch de Hutts behearske wurde.

Yn Star Wars: The Clone Wars (tekenfilmsearje)

bewurkje seksje

Ahsoka Tano is mei Anakin Skywalker en Obi-Wan Kenobi ien fan 'e haadpersoanen yn seis fan 'e sân seizoenen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020), wêrfan't de film mei deselde namme eins de pilotôflevering wie. Se is yn 'e searje in padawan-kommandant fan it 501e Legioen fan it Grutte Leger fan 'e Republyk en set de oplieding ta Jedi fuort dy't se fan Anakin ûntfangt. Sy en Anakin reitsje geandewei tige opinoar steld en nimme sadwaande bytiden slimme risiko's om inoar te rêden. Guon fan 'e dingen dy't Anakin út noed oer Ahsoka docht, wize foarút nei syn fal ta de tsjustere kant fan de Krêft as Darth Vader, dy't oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen plakfine sil. Sa martelet er, as se fermist rekket, ferskate finzenen om út te finen wêr't se fêstholden wurdt.

Ahsoka kriget ek in mentorskipsrelaasje mei kaptein Rex, in kloanofsier yn it 501e Legioen, en mei de Kel Dor-Jedi-master Plo Koon, dy't har ferskate kearen tsjin harsels yn beskerming nimt. Yn in ferhaalline yn it fyfde seizoen wurdt Ahsoka de skuld op 'e lea skood foar in bomoanslach en in dêropfolgjende moard, wêrfoar't se troch de Hege Jedi Ried út 'e Jedi Oarder set wurdt om foar berjochting oerdroegen te wurden oan 'e boargerlike autoriteiten fan 'e Galaktyske Republyk. Hoewol't Plo Koon foar har opkomt yn it berie fan 'e Jedi Ried, wurdt er troch oare leden oerstimd, yn 't bysûnder Mace Windu, Saesee Tiin en Ki-Adi-Mundi. Letter bringt Anakin oan it ljocht dat eins Ahsoka har freondinne, de padawan Barriss Offee, ferantwurdlik is foar de misdieden. Windu-en-dy besykje it dan goed te meitsjen troch har rehabilitaasje oan te bieden, mar dat wiist Ahsoka desyllúzjonearre fan 'e hân. Ynstee beslút se yn 'e lêste ôflevering fan seizoen 5, ta ûntsetting fan 'e leden fan 'e Jedi Ried, út 'e Jedi Oarder te stappen.

Yn it sânde en lêste seizoen fan Star Wars: The Clone Wars keart Ahsoka werom en is se de haadpersoan yn twa fan 'e trije trochrinnende ferhaallinen. Se is belutsen by de striid op Mandalore, dêr't se de eardere Sith-ridder Darth Maul ferslacht en finzen nimt. Maul bringt oan har út dat syn eardere master, de Sith-master Darth Sidious, fan doel is om Anakin oer te heljen nei de tsjustere kant fan 'e Krêft en him ta syn nije learling te meitsjen. Hy biedt oan om tegearre mei Ahsoka te besykjen om dat tsjin te kearen, mar Ahsoka leaut him net en fermoedet dat it om in falstrik giet. Underweis nei Coruscant wurdt se fia de Krêft gewaar dat Anakin yn 'e swierrichheden sit, mar se hat net foar it ferstân dat er al ferfallen is ta it kwea en Sidious, dy't eins kânselier Palpatine is, holpen hat om Mace Windu te fermoardzjen.

As Palpatine Oarder 66 útfurdiget, in foarprogrammearre befel oan 'e kloansoldaten fan it Grutte Leger fan 'e Republyk om harren Jedi-ofsieren te deadzjen, keare Rex en har oare ûnderhearrigen harren tsjin Ahsoka. U.o. troch Maul frij te litten by wize fan ôfliedingsmaneuver wit se lykwols te ûntsnappen en de chip dy't it befel oerbringt út 'e harsens fan Rex te ferwiderjen. Tegearre ferlitte Ahsoka en Rex it stjerreslachskip dêr't se op reizgje foar't dat delstoart op in lytse moanne. Dêr smyt Ahsoka ien fan har ljochtsabels fuort foar't se ôfskie nimt fan Rex. Yn 'e lêste sêne fan 'e searje jout Anakin, dy't no Darth Vader wurden is, lieding oan in groep stoarmtroepers dy't it delstoarte romteskip ûndersykje. As er de ljochtsabel fan Ahsoka fynt, pakt er dy op en set er dy oan, om dêrnei sûnder wat te sizzen mei de sabel fuort te gean, skynber yn 'e oertsjûging dat syn eardere padawan omkommen is.

 
Ahsoka Tano sa't se te sjen wie yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels.

Yn Star Wars: Rebels

bewurkje seksje

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels (2014-2018), dy't fjirtjin jier nei de Kloane-oarloggen begjint, is Ahsoka yn seizoen 1 in geheimsinnige aginte fan it Rebelleferbûn dy't wurket ûnder de koadenamme "Fulcrum" ("Draaipunt"). Se leveret ynljochtings en foarrieden oan 'e bemanning fan it rebelleskip de Ghost, mar ferdraait har stim en ferskynt inkeld as in hologram mei in djippe, beskaadzjende kap oer de holle. Har identiteit wurdt pas bekendmakke yn 'e slotôflevering fan it seizoen.

Yn seizoen 2 hat Ahsoka in weromkearende rol, wêrby't se oanhâldt mei har stipe foar de bemanning fan 'e Ghost en fral gearwurket mei de Jedi-ridder Kanan Jarrus en syn learling Ezra Bridger. Mei't se oannommen hie dat har eigen eardere master Anakin Skywalker by de Grutte Suvering fan 'e Jedi oan 'e ein fan 'e Kloane-oarloggen omkommen wie lykas safolle oare Jedi, is it in rare skok foar har as se har mentor "ûnder in laach haat" werom ken yn Darth Vader. Yn 'e slotôflevering fan it seizoen nimt Ahsoka it tsjin Vader op yn in ljochtsabelduël yn in Sith-timpel op Malachor, sadat de rebellen fan 'e Ghost oan Vader syn fâle ûntkomme kinne. De ôflevering einiget as Vader de timpel ferwûne ferlit, yn 'e rekken holden troch in grien-mei-wite ûle. Dat bist, dat earder Ahsoka beselskippe en in avataar is fan 'e godheid dy't de Dochter fan Mortis neamd wurdt, fljocht neitiid de timpel yn en sjocht ta hoe't Ahsoka dêr skynber fierder nei binnen rint.

It lot fan Ahsoka bliuwt ûnwis oant de ôflevering A World Between Worlds, út it fjirde seizoen, wêryn't Ezra yn in Jedi-timpel op 'e planeet Lothal bedarret op in besteansnivo "tusken wrâlden en tiid yn". Troch de tuskenkomst fan 'e ûle Morai slagget it him om Ahsoka út it momint te skuorren dat Vader har yn 'e Sith-timpel op Malachor deadet. Nei't Ezra har bypraat hat oer wat der ûnderwilens bard is, stiet se der tige by him op oan om net te besykjen it lot fan syn master Kanan te feroarjen, mei't him dat syn dea kostje kin. As Papatine Ezra troch it gebrûk fan 'e tsjustere kant fan de Krêft besiket te twingen om him op dat plak tusken wrâlden en tiid te bringen, helpt Ahsoka Ezra om te ûntkommen. Sels keart se mei Morai werom nei har eigen tiidline op Malachor, mominten nei't Ezra har dêr weiskuord hat. Yn 'e epilooch fan 'e searje, Family Reunion and Farewell, keart Ahsoka werom nei Lothal, dêr't se har by de syktocht fan Sabine Wren jout om Ezra te finen, dy't koart nei de befrijing fan 'e planeet weiwurden is.

As live-actionpersonaazje

bewurkje seksje

Yn The Rise of Skywalker

bewurkje seksje

Yn 'e live-actionfilm Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, hat Ahsoka Tano in stimcameo as ien fan 'e Jedi-masters út it ferline dy't de jonge Jedi Rey helpe yn har striid tsjin 'e út 'e dea opstiene keizer Palpatine op 'e Sith-wrâld Exegol. Stimaktrise Ashley Eckstein fersoarge de cameo.

 
Aktrise Rosario Dawson yn 'e rol fan Ahsoka Tano yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian.

Yn The Mandalorian

bewurkje seksje

As live-actionpersonaazje makke Ahsoka Tano har debút yn it twadde seizoen fan 'e tillefyzjesearje The Mandalorian, dy't fan 2020 ôf te sjen wie fia Disney+, de eigen streamingtsjinst fan The Walt Disney Company. De searje spilet yn it gaoatyske tiidrek fuort nei de oprjochting fan 'e Nije Republyk, koart nei't (yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi) it Galaktysk Keizerryk ûnder fuotten helle is. Yn The Mandalorian waard de rol fan Ahsoka fertolke troch aktrise Rosario Dawson, dy't al yn begjin 2017 utering jûn hie oan har belangstelling om it personaazje te spyljen. Ahsoka hie in gastrol yn 'e ôflevering Chapter 13: The Jedi, wêryn't se besiket de stêd Calidan op 'e planeet Corvus te befrijen fan 'e besetting troch it Galaktysk Keizerryk. Dêre wurdt se opsocht troch de Mandaloriaan, de beskermer fan "it Bern" dy't fan Bo-Katan Kryze de goerie krigen hat om Ahsoka om help te freegjen.

Ahsoka kommunisearret mei it Bern fia de Krêft en komt sa oan 'e weet dat er eins Grogu hjit en dat er grutbrocht is yn 'e Jedi-timpel op Coruscant. Hy waard rêden fan 'e Grutte Suvering fan 'e Jedi en foar syn eigen bêstwil ferburgen, wat de reden is dat er syn fermogens ta manipulaasje fan 'e Krêft ûnderdrukt. Mei't se in grutte eangst yn Grogu gewaarwurdt en teffens in djippe bân mei de Mandaloriaan, wegeret Ahsoka him as padawan oan te nimmen. Se is bang dat er troch dy eangst itselde tsjustere paad folgje soe as har eardere master, Anakin Skywalker. Nei't de Mandaloriaan har holpen hat by de befrijing fan Calidan, fertelt Ahsoka him dat er syn beskermeling meinimme moat nei de Jedi-timpel op Tython, dêr't Grogu troch de Krêft mooglik oare Jedi berikke kinne sil.

 
Rosario Dawson spile de rol fan Ahsoka Tano yn ferskate live-actionsearjes.

Yn The Book of Boba Fett

bewurkje seksje

Ahsoka (fannijs spile troch Rosario Dawson) dûkt letter wer op yn 'e ôflevering Chapter 6: From the Desert Comes a Stranger fan The Book of Boba Fett (2022), in spin-offsearje fan The Mandalorian. Dêryn besiket se de nije Jedi-akademy fan 'e Luke Skywalker, dêr't Grogu oan syn oplieding ta Jedi begûn is. Ahsoka treft dêr de Mandaloriaan wer, dy't kommen is om Grogu in kado te bringen: in maljenkolder dy't makke is troch de Wapensmid. Se riedt de Mandaloriaan lykwols ôf om Grogu persoanlik te besykjen, mei't dat syn training as Jedi behinderje soe fanwegen de strange Jedi-regels tsjin persoanlike bannen mei oaren. De Mandaloriaan folget har advys mei tsjinnichheid op en jout syn geskink oan har om oan Grogu te jaan. Nei't er fuortgien is, draacht Ahsoka de maljenkolder oer oan Luke, dy't har fertelt dat er ûnwis is oer de tawijing fan Grogu oan it paad fan 'e Jedi, en dat er eins net krekt wit hoe't er dêr sels mei omgean moat. Ahsoka seit tsjin him dat har dat bekend foarkomt: syn heit Anakin, har eigen eardere master, hie deselde twastriid yn him. Foar't se har ôfjout, riedt se him oan om yn dy kwestje syn yntuysje te folgjen.

 
It logo fan Ahsoka.

Yn desimber 2020 waard oankundige dat der as fierdere spin-off fan The Mandalorian en The Book of Boba Fett in minysearje makke wurde sil dy't om it personaazje fan Ahsoka Tano draait. De searje sil de titel Ahsoka krije, en Rosario Dawson sil dêryn op 'e nij yn 'e hûd fan it personaazje krûpe. Neffens Jon Favreau en Dave Filoni, de makkers fan 'e searje, sille de ûnderling ferbûne ferhaallinen fan 'e trije searjes kulminearje yn in "klimaktysk plotbarren".

As literêr personaazje

bewurkje seksje

Yn Star Wars: Ahsoka

bewurkje seksje

Ahsoka is ek de haadpersoan yn 'e nei har ferneamde roman foar jongfolwoeksenen Star Wars: Ahsoka, fan E.K. Johnston, dy't yn oktober 2016 publisearre waard. De foarfallen út dat boek fine plak yn it gat fan fjirtjin jier tusken de ein fan Star Wars: The Clone Wars en it begjin fan Star Wars: Rebels. Dave Filoni, de makker fan Star Wars: The Clone Wars, wie nau by de tastânkomming fan it boek belutsen. De roman helle it earste plak op 'e bestsellerlist fan The New York Times. It lústerboek fan 'e roman waard foarlêzen troch stimaktrise Ashley Eckstein, dy't ek de dialooch fan Ahsoka yn 'e beide tekenfilmsearjes ynsprutsen hie. It lêste, jierren letter makke sânde seizoen fan The Clone Wars, út 2020, retcont ferskate eleminten fan it boek.

Oer de yntroduksje fan Ahsoka Tano yn 'e tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) wiene de mienings skerp ferdield. Sa fûn de foaroansteande filmkritikus Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, har "yrritant" en skreau Michael Rechtshaffen yn The Hollywood Reporter dat de prebearsels ta humor middenmank it redendielen fan Ahsoka en Anakin Skywalker "forsearre" wiene. Oan 'e oare kant skreau bgl. Claudia Puig, fan 'e krante USA Today, dat se wille oan Ahsoka hie en dat "har snedigens yn 'e petearen mei Anakin de boel opfleuret." De webside Wired hie dan wer gjin problemen mei har persoanlikheid, mar utere krityk op har "healneaken" ferskining yn in minyrokje en in lyts strapless topke.

Dyselde ferdieldheid oer it personaazje bestie ek yn 'e earste seizoenen fan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Meitiid groeide Ahsoka lykwols út ta ien fan 'e favorite personaazjes fan 'e Star Wars-franchise ûnder sawol kritisy as fans. Op 'e webside The Mary Sue skreau Mike Chen yn 2016 dat Ahsoka fan krityk belang is by it begripen fan 'e ûntwikkeling dy't har master Anakin trochmakket tusken de foarfallen yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en dy yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith. Op Blastr teorisearre Lisa Granshaw datselde jiers dat Anakin syn gefoel fan mislearring nei't Ahsoka de Jedi Oarder de rêch takeart, sterk bydraacht oan syn fal nei de tsjustere kant fan De Krêft. Lauren Davis fan io9 oppenearre yn 2015 yn in artikel mei as titel Why Ahsoka Tano is the Best Thing to Happen to "Star Wars" in 20 Years it idee dat it Anakin slagje kinnen hie om 'e Jedi Oarder te herfoarmjen en de Sith te ferslaan as Ahsoka by him bleaun wie.

Granshaw identifisearre Ahsoka fierders as ien fan 'e wichtichste personaazjes fan Star Wars, mei't se in posityf rolmodel foar famkes wie, in doelgroep dy't oant har yntroduksje troch de franchise min ofte mear ferwaarleazge wie. Undersykster Erika Travis fan 'e Kalifornyske Baptistyske Universiteit sleat har dêrby oan, en neamde Ahsoka "barmhertich en froulik sûnder dat hja iepentlike seksualisearre is". Yn it boek A Galaxy Here and Now: Historical and Cultural Readings of Star Wars neamde Mara Wood Ahsoka in "feministysk ikoan". Dêr heakke se oan ta dat Ahsoka ien fan ferskate personaazjes is dy't de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars better makket yn it werjaan fan sterke froulju as de oarspronklike Star Wars-filmtrilogy en de Star Wars-prequeltrilogy op dat punt wiene.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono