Obi-Wan Kenobi, byneamd Ben Kenobi, is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". Obi-Wan Kenobi makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch sir Alec Guinness en de Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005), wêryn't er spile waard troch Ewan McGregor. Guinness wûn foar de rol in Saturn Award en waard nominearre foar de Oscar foar bêste byrol fan in akteur.

Obi-Wan Kenobi
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Ben Kenobi
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Luke Skywalker
Anakin Skywalker
Qui-Gon Jinn
Yoda
attributen ljochtsabel
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976
Dizze side giet oer it personaazje Obi-Wan Kenobi. Foar de tillefyzjesearje, sjoch: Obi-Wan Kenobi (tillefyzjesearje).

Star Wars-betinker George Lucas liet him foar de kreaasje fan it personaazje fan Obi-Wan Kenobi ynspirearje troch generaal Makabe Rokurōta, in personaazje út 'e Japanske samoeraifilm Kakushi Toride no San Akunin (ek bekend ûnder de ynternasjonale titel The Hidden Fortress), fan regisseur Akira Kurosawa. De earste moeting fan 'e jonge Luke Skywalker mei Obi-Wan waard troch Lucas streekrjocht oernommen út The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien, mei Luke yn 'e rol fan 'e hobbit Bilbo Baggins en Obi-Wan as de tsjoender Gandalf.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Oarspronklike Star Wars-trilogy

bewurkje seksje

Yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983) wurdt Obi-Wan Kenobi yntrodusearre as de eksintrike âlde klúzner Ben Kenobi (spile troch sir Alec Guinness) dy't wennet yn 'e woastyn fan 'e planeet Tatooine. Yn Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) keapet de omke en pleechheit fan 'e jonge Luke Skywalker in pear androïden, R2-D2 en C-3PO. Luke ûntdekt dat R2-D2 in boadskip befettet foar Obi-Wan, dy't ôfkomstich is fan prinsesse Leia Organa. As R2-D2 útnaait, giet Luke him mei C-3PO efternei en sa bedarje se trijeresom by Obi-Wan. As dêr it hiele boadskip ôfspile wurdt sprekt Leia Obi-Wan ta Luke syn ferheardens oan as "generaal Kenobi" en leit se út dat se yn R2-D2 de stellen blaudrukken ferstoppe hat fan 'e Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen dat troch de boasaardige keizer Palpatine boud wurdt. Se freget Obi-Wan om 'e ynformaasje feilich op har thúsplaneet Alderaan te besoargjen om sa it Rebelleferbûn te helpen, dat de wapens opnommen hat tsjin it Galaktysk Keizerryk.

Luke helpt de androïden om 'e Obi-Wan te berikken, dy't him fertelt dat er syn heit silger, Anakin Skywalker, goed kennen hat, mei't hysels in Jedi is en Anakin foarhinne syn learling wie. Hy seit dat it Luke syn lotsbestimming is om yn syn heite fuotleasten te folgjen en ek Jedi te wurden. As neitiid bliken docht dat Luke syn omke en muoike fermoarde binne troch Keizerlike stoarmtroepers dy't op 'e siik wiene nei de beide androïden, jout er him by Obi-Wan. Dyselde nimt syn nije learling en de beide androïden mei nei de delsetting Mos Eisley, dêr't er de smokkelders Han Solo en Chewbacca ynhiert om him en syn selskipslju yn harren romteskip de Millennium Falcon nei Alderaan te bringen.

 
It kostúm dat sir Alec Guinness yn 'e rol fan Obi-Wan Kenobi droech yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope.

Oankommen by Alderaan blykt dy planeet lykwols ferneatige te wêzen troch de Deadsstjer. De Millennium Falcon komt fêst te sitten yn in lûkstriel fan it romtestasjon, mar Obi-Wan-en-dy witte oan finzenskip te ûntkommen en de Deadsstjer te ynfiltrearjen. Wylst de oaren prinsesse Leia befrije, dy't op 'e Deadsstjer fêstholden wurdt, offeret Obi-Wan himsels op om 'e oaren de kâns te jaan om te ûntsnappen. Hy siket Darth Vader op, de sinistere neiste hantlanger fan 'e keizer, dy't er blykber noch ken út it ferline. De beide mannen fjochtsje in duël mei de ljochtsabels út, wêrby't Obi-Wan úteinlik troch Vader deade wurdt. Troch it opûnthâld en de ôflieding dêr't it duël foar soarge hat, witte Luke, Han en de oaren lykwols yn 'e Millennium Falcon fan 'e Deadsstjer te ûntkommen, en nei't se de blaudrukken by it Rebelleferbûn ôflevere hawwe, nimme se diel oan in oanfal op 'e Deadsstjer, wêrby't it romtestasjon ferneatige wurdt.

Yn 'e oare films fan 'e oarspronklike Star Wars-trilogy, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), ferskynt Obi-Wan Kenobi ferskate kearen as in 'geast yn 'e Krêft' om Luke goerie te jaan, mar spilet er gjin rol fan betsjutting mear. Syn wichtichste bydrage oan it ferhaal is wannear't er oan Luke útbringt dat Leia syn twillingsuster is.

Star Wars-prequeltrilogy

bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) komt de sjogger yn 'e kunde mei in 25-jierrige Obi-Wan Kenobi (spile troch Ewan McGregor). Yn Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), dat 32 jier foar de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, is er de padawan (learling) fan Jedi-master Qui-Gon Jinn. Hy beselskippet dyselde as Qui-Gon stjoerd wurdt om te bemiddeljen tusken de Hannelsfederaasje en de planeet Naboo, dy't it slachtoffer wurden is fan in hannelsblokkade. It komt harren raar oer it mad as de Hannelsfederaasje besiket en romje harren út 'e wei. Wat se net witte, is dat Palpatine, de senator foar Naboo, dy't yn it geheim ek de Sith-master Darth Sidious is, it hiele spul efter de skermen wei manipulearret en de blokkade sels bewurkmastere hat.

Mei de help en yn it selskip fan Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, en in knoffelige Gungaanske ferstjitling dy't Jar Jar Binks hjit, witte Qui-Gon en Obi-Wan fan Naboo te ûntsnappen. Mei't harren romteskip averij oprûn hat, meitsje se ûnderweis nei de Galaktyske haadstêd op 'e planeet Coruscant in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine. Dêr moetsje de beide Jedi de njoggenjierrige slaaf Anakin Skywalker. Mei't er derfan oertsjûge is dat er yn Anakin de "Utkarde" út 'e profesijen fûn hat, nimt Qui-Gon de jonge oan as learling, ek al wurdt him dat ûntret troch oare Jedi-ridders, ûnder wa Yoda.

As bliken docht dat de Galaktyske Senaat op Coruscant net folle foar Naboo dwaan kin, keart Padmé mei Qui-Gon, Obi-Wan, Anakin en Jar Jar werom nei Naboo, dêr't se mei de help fan Jar Jar in bûnsgenoatskip mei de Gunganen wit te sluten, de oare yntelliginte soarte op 'e planeet. Wylst de Nabooanen en Gunganen de striid oanbine mei de Hannelsfederaasje, treffe Qui-Gon en Obi-Wan op Naboo Darth Maul, de learling fan Darth Sidious. Yn in gefjocht mei ljochtsabels wit dyselde Qui-Gon deadlik wit te ferwûnjen ear't er sels ferslein wurdt. Neitiid nimt Obi-Wan de taak oer om Anakin op te lieden ta Jedi-ridder.

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier letter spilet, wurdt der in oanslach dien op it libben Padmé Amidala, dy't nei de ein fan har termyn as keninginne no de senator foar Naboo is. Obi-Wan en syn learling Anakin krije opdracht om har te beskermjen. Wylst Anakin by Padmé bliuwt as har liifwacht, set Obi-Wan ôf om út te finen wa't der foar de oanslach ferantwurdlik is. It spoar liedt nei de planeet Geonosis ta, dêr't er finzen nommen wurdt troch greve Dooku, de opfolger fan Darth Maul. Anakin en Padmé komme efter him oan om him te rêden, mar rinne ek yn 'e fâle. Mei syn trijen wurde se troch Dooku ta de deastraf feroardiele dy't útfierd wurde sil troch in gefjocht foar publyk tsjin ferskuorrende wylde bisten yn in arena. It trio wurdt rêden troch in bataljon kloansoldaten, oanfierd troch Yoda, Mace Windu en oare masters fan 'e Jedi-Ried. Yn it gefjocht ferwûnet Dooku Obi-Wan en slacht er Anakin de rjochterhân ôf, mar Yoda jaget him op 'e flecht.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), dat noch wer trije jier letter spilet, binne de Kloane-oarloggen yn folle gong, tusken in leger fan kloande soldaten fan 'e Galaktyske Republyk, oanfierd troch de Jedi, en de androïdestriidkrêften fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Obi-Wan is no in Jedi-master en in lid fan 'e Hege Jedi Ried, en dêrnjonken in generaal yn it Republikeinske leger. Hy en Anakin rêde kânselier Palpatine, dy't ûntfierd is troch de separatistyske generaal Grievous. Se fine net inkeld de kânselier, mar ek greve Dooku, wat ta in nije ljochtsabelgefjocht liedt. Dêrby rekket Obi-Wan bewusteleas en wylst hy út 'e tiid is, ferslacht Anakin Dooku en fermoardet him op oantrúnjen fan Palpatine dêrnei koelbloedich.

 
Ewan McGregor as Obi-Wan Kenobi yn 'e Star Wars-prequeltrilogy.

Neitiid set Obi-Wan efter Grievous oan, dy't er opspoart op 'e planeet Utapau en by in gefjocht deadet. Wannear't Palpatine de tiid ryp achtet om út te bringen dat er de Sith-master Darth Sidious is en Oarder 66 útgean lit, wêrmei't er de kloansoldaten opdracht jout ta de útrûging fan 'e Jedi, oerlibbet Obi-Wan de oanslach op syn libben en ûntsnapt. Letter jout er him by Yoda, dy't ek ûntkommen is, en senator Bail Organa fan Alderaan. As se weromkeare nei Coruscant, ûntdekke se dat eltsenien yn it Jedi-haadkertier dêre fermoarde is. Obi-Wan ferstjoert in berjocht oan alle noch libbene Jedi dat se harsels oer it hiele Stjerrestelsel fersilje moatte en ûnderdûke. As er op bylden fan befeiligingskamera's sjocht dat it Anakin wie dy't de lieding hie oer it útmoardzjen fan it Jedi-haadkertier, wurdt er der raar fan. Anakin hat him troch Palpatine ferliede litten nei de tsjustere kant fan 'e Krêft en is no ûnder de namme Darth Vader de opfolger fan greve Dooku as de learling fan Darth Sidious.

Vader reizget nei de planeet Mustafar om dêre de lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (dy't Palpatine no fierder net mear brûke kin), út te moardzjen. Obi-Wan moetet him dêre, en de beide mannen fjochtsje in duël út, dat einiget as Obi-Wan syn eardere learling foar dea efterlit. Underwilens befalt Padmé, dy't temûk in romantyske relaasje mei Anakin begûn wie, fan in twilling, in jonkje en in famke, dy't se Luke en Leia neamt. Se ferstjert koarte tiid letter, mei't se troch it ferrie fan Anakin de wil om te libjen ferlern hat. Neitiid helje Obi-Wan en Yoda de twillingen foar har eigen feilichheid útinoar om se apart te ferskûljen. Obi-Wan nimt Luke mei nei Tatooine en jout him oan Anakin syn styfbroer Owen Lars en dy syn frou Beru Whitesun om grut te bringen. Sels set er him as as in ferbittere klúzner nei wenjen yn 'e woastyn fan Tatooine, om in eachje yn it seil te hâlden.

Star Wars-ferfolchtrilogy

bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019), dy't tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi spilet, hat Obi-Wan Kenobi amper noch in rol. De haadpersoan Rey, dy't ta Jedi oplaat wurde wol troch Luke Skywalker, heart de stim fan Obi-Wan ferskate kearen yn 'e films Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) en Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019). Yn it middelste diel fan 'e trilogy, Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017), wurdt Obi-Wan inkeld neamt.

Obi-Wan Kenobi is ien fan 'e haadpersoanen yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), wêryn't er ynsprutsen waard troch James Arnold Taylor. Yn 'e film wurdt de jonge soan fan 'e machtige gangster Jabba de Hutt ûntfierd, en krije de Jedi dêrfoar de skuld op 'e lea skood. Wylst Anakin en dy syn learling Ahsoka Tano it bern opspoare en thúsbringe, begjint Obi-Wan in ûndersyk om út te finen wa't de wiere dieders binne.

Yn 'e live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story (2016), dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars fuort foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, komt Obi-Wan net foar, mar wurdt wol nei him ferwiisd. Mon Mothma, in liedster fan it Rebelleferbûn, en Bail Organa, de kening fan Alderaan, hawwe in petear oer in net by namme neamde Jedi-master dy't ûnderdûkt is, en hoe't dy harren helpe kin mei de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer. It is dúdlik dat se it oer Obi-Wan hawwe.

Tillefyzjesearjes

bewurkje seksje

Op 'e tillefyzje wie Obi-Wan Kenobi ien fan 'e haadpersoanen fan 'e tekenfilmsearjes Star Wars: Clone Wars (2003-2005) en Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Yn beide searjes waard de dialooch fan Obi-Wan ynsprutsen troch James Arnold Taylor. De ferhalen folgje Obi-Wan en Anakin, en yn it gefal fan 'e twadde searje ek Anakin syn learling Ahsoka Tano, by harren aventoeren ûnder de Kloane-oarloggen. Yn 'e ynterne gronology fan Star Wars falle se sadwaande tusken de foarfallen yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones en dy yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith yn. De twadde searje giet ek yn op Obi-Wan syn nije fijânskip mei de tsjustere Jedi Asajj Ventress, syn românse mei hartoginne Satine Kryze fan Mandalore en de weromkear fan syn âlde fijân Darth Maul.

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: Rebels, dy't fiif jier foar de foarfallen yn Star Wars: Episode IV – A New Hope spilet, ferskynt Obi-Wan Kenobi yn 'e pilotôflevering, Spark of Rebellion, as in hologram. Yn 'e seizoen 3 ûntdekt Ezra Bridger, de protagonist fan 'e searje, dat Obi-Wan noch libbet en him op Tatooine befynt. Syn âlde fijân Darth Maul komt him ek op it spoar. Yn 'e ôflevering Twin Suns rêdt Obi-Wan (ynsprutsen troch Stephen Stanton) Ezra as dy yn 'e woastyn ferdwaald fan Tatooine rekke is. Darth Maul falt him oan, mar yn in ljochtsabelduël ferwûnet Obi-Wan him fataal. Mei syn lêste siken freget Maul him oft er de Utkarde beskermet, en Obi-Wan antwurdet befêstigjend. Letter wurdt Obi-Wan toand wylst er út 'e fierte wei de jonge Luke Skywalker beächtet.

Yn augustus 2020 waard de live-actionminysearje Obi-Wan Kenobi oankundige, dy't yn maaie 2022 op 'e streamingtsjinst Disney+ beskikber kaam. Dêryn waard djipper yngien op it lot fan Obi-Wan as er him ferbûke oer it ferrie fan Anakin en de hast folsleine útrûging fan 'e Jedi-oarder yn ballingskip op Tatooine weromlutsen hat. De rol fan Obi-Wan waard op 'e nij fertolke troch Ewan McGregor, en Hayden Christensen kearde werom as Darth Vader.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

bewurkje seksje
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Alec Guinness
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace Ewan McGregor
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars James Arnold Taylor
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Ewan McGregor (allinne stim)
2016 Rogue One: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Alec Guinness en Ewan McGregor (beiden allinne stim)

Guon útspraken fan Alec Guinness yn syn rol as Obi-Wan Kenobi yn 'e earste Star Wars-film binne sa ferneamd wurden dat se ûnderdiel fan 'e popkultuer wurden binne en gauris as sitaat oanhelle wurde, benammen yn it Ingelsk, mar ek wol yn oare talen. Dêrby giet it yn it foarste plak om "These are not the droids you're looking for," en "I sense a disturbance in the Force."

  • "These are not the droids you're looking for" ("Dit binne net de androïden dêr't jo nei sykje") seit Obi-Wan as hy, Luke, R2-D2 en C-3PO yn Mos Eisley oanholden wurde troch Keizerlike stoarmtroepers dy't op 'e siik binne nei de beide androïden. Dêrby makket er gebrûk fan de Krêft om 'e man leauwe te litten wat er seit, wêrnei't de stoarmtroeper har fierders gewurde lit. De útdrukking wurdt yn 'e popkultuer wol brûkt as metafoar om oan te jaan dat men immen wat besiket wiis te meitsjen.
  • "I sense a disturbance in the Force" ("Ik bespeur in fersteuring yn 'e Krêft") soe Obi-Wan sein hawwe as de Millennium Falcon ûnderweis is nei Alderaan op it stuit dat dy planeet troch de Deadsstjer ferneatige wurdt. It wurdt wol brûkt as in útdrukking mei de betsjutting: "Der is wat mis." Dit is apokryf; eins seit Obi-Wan: "I felt a great disturbance in the Force" ("Ik fielde in grutte fersteuring yn 'e Krêft"). It sitaat "I sense a disturbance in the Force" waard yn sekuer dy foarm (wierskynlik mei opsetsin) tafoege oan 'e dialooch fan in oare Jedi-master, Qui-Gon Jinn, yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono