Qui-Gon Jinn (útspr.: [ˈkʷai̭ɡɒn ˈʤɪn], likernôch: "kwai-gan dzjin") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in Jedi-master dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), oan 'e ein wêrfan't er omkomt yn in gefjocht mei de Sith Darth Maul. Postúm komt er as geast yn de Krêft noch eefkes foar yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2010) en de film Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019). Alle kearen waard er spile troch de Noardierske akteur Liam Neeson.

Qui-Gon Jinn
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Jedi-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Obi-Wan Kenobi
Anakin Skywalker
Jar Jar Binks
Darth Maul
Yoda
Padmé Amidala
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1999

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Yn The Phantom Menace

bewurkje seksje

Yn 'e Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999), it earste diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, is Qui-Gon Jinn ien fan 'e haadpersoanen. Hy is in Jedi-master dy't tegearre mei syn padawan Obi-Wan Kenobi troch Finis Valorum, de kânselier fan 'e Galaktyske Republyk, nei de planeet Naboo ta stjoerd wurdt om te bemiddeljen yn 'e Nabookrisis. Dat is in konflikt dat ûnstien is tusken Naboo en de troch de Neimoïden dominearre Hannelsfederaasje, in korrupt sakekonglomeraat, dat in blokkade tsjin Naboo ynsteld hat. De Neimoïden reitsje yn panyk as se foar it ferstân krije dat de spesjale gesanten fan 'e kânselier Jedi-ridders binne, en nimme kontakt op mei dejinge dy't efter de skermen oan 'e toutsjes lûkt, de Sith-master Darth Sidious. Dyselde jout harren opdracht en fermoardzje de beide Jedi. Qui-Gon en Obi-Wan witte lykwols te ûntkommen en berikke it oerflak fan Naboo troch as fersteklingen mei te liftsjen mei it leger fan oarlochsandroïden dat Nute Gunray, de ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, op Naboo lânje lit om 'e planeet te besetten.

Op Naboo moetsje Qui-Gon en Obi-Wan in Gungaanske ferstjitling, Jar Jar Binks, dy't se foar gids oannimme. Yn in ûnderseeboat trochkruse se fan Otoh Gunga, de wichtichste, ûnder wetter boude stêd fan 'e Gunganen, de holle kearn fan Naboo en berikke sa Theed, de haadstêd it minsklike keninkryk op 'e planeet. Dêr besiket Gunray ûnderwilens Padmé Amidala, de fjirtjinjierrige keninginne fan Naboo, te twingen ta it ûndertekenjen fan in ferdrach dat it de Hannelsfederaasje op 'e planeet foar it sizzen jaan soe. As se dat wegeret, wurdt se mei har gefolch fan hofdames en befeiligingspersoniel nei in finzenekamp stjoerd. Underweis dêrhinne wurde se lykwols befrijd troch Qui-Gon en Obi-Wan, wêrnei't se mei syn allen fan 'e planeet ôf ûntkomme yn it romteskip fan 'e keninginne.

It doel is om nei de haadstêd fan 'e Galaktyske Republyk op Coruscant te reizgjen, om dêr stipe te sykjen by de Galaktyske Senaat. By it trochbrekken fan 'e blokkade fan 'e Hannelsfederaasje rint it romteskip fan 'e keninginne lykwols averij op, sadat in tuskenstop op 'e woastynplaneet Tatooine nedich wurdt. Op dy planeet tsjocht Qui-Gon der op út om ferfangende ûnderdielen foar de oandriuwing fan it skip te sykjen. Hy nimt Jar Jar en de androïde R2-D2 mei, en ek wa't er mient dat ien fan 'e hofdames fan keninginne Padmé is. (Eins is it lykwols Padmé sels, dy't oan it begjin fan 'e ynvaazje fan 'e Hannelsfederaasje by wize fan beskermingsmaatregel fan plak wiksele is mei Sabé, ien fan har hofdames.) Se slagje nei de delsetting Mos Espa, dêr't se yn in winkel, dêr't twaddehâns romteskipûnderdielen ferkocht wurde troch de Toydariaan Watto, yn 'e kunde komme mei Watto syn slaven Shmi Skywalker en har njoggenjierrige soan Anakin.

Qui-Gon merkt daliks op dat Anakin tige 'sterk yn de Krêft' is, en in bloedtest bringt oan it ljocht dat syn nivo fan 'midi-glorianen', in mjitte fan Krêftpontinsjeel, it heechste is dat ea metten is. Qui-Gon rekket derfan oertsjûge dat Anakin de 'Utkarde' is, dêr't de âlde profesijen fan 'e Jedi gewach fan meitsje. Yn dy opfetting wurdt er noch fierder fuortsterke as Shmi Skywalker fertelt dat har soan berne is sûnder dat se seksuele omgong mei in man hân hat. Sadwaande giet Qui-Gon in weddenskip oan mei Watto, dy't Anakin foar eigen gewin meidwaan lit oan saneamde podraces. As Anakin de Boontajûnklassiker wint, kriget Qui-Gon fergees de romteskipûnderdielen dêr't er ferlet fan hat, en teffens mei er dan Anakin meinimme. Watto is derfan oertsjûge dat Anakin diskear net winne kin, mei't de kampioen Sebulba meidocht. As Anakin tsjin alle ferwachtings yn dochs wint, is er sadwaande frij fan slavernij en kin er him by Qui-Gon-en-dy jaan.

As it selskip risselwearret en set ôf fan Tatooine, dûkt der in Sith op, mei wa't Qui-Gon in koart duël hat foar't it romteskip fan 'e keninginne ûntkomme kin. By oankomst op Coruscant bringt Qui-Gon Anakin foar de Hege Jedi Ried, dy't er freget om 'e jonge op te lieden ta Jedi, ek al is er mei njoggen jier eins al fierstente âld om dêr noch mei te begjinnen. Master Yoda wurdt eangst yn Anakin gewaar, dy't benammen ferbân hâldt mei de noed fan 'e jonge om syn mem Shmi, dy't as slavinne op Tatooine efterbleaun is. Mei't eangst in negative emoasje is, liket it him net gaadlik ta om Anakin ta Jedi te meitsjen. De Hege Jedi Ried slút him dêrby oan en wiist it fersyk fan Qui-Gon ôf. Dyselde lit him lykwols net ôfskrikke, en swart dat er Anakin eigenhandich traine sil sadree't Obi-Wan syn oplieding mei koarten foltôge hat.

Underwilens docht bliken dat de Senaat en kânselier Finis Valorum sa troch burokratyske regels oan hannen en fuotten bûn binne, dat se Naboo net helpe kinne. Sûnder wat bedijd te hawwen, keart keninginne Padmé sadwaande werom nei har thúswrâld, op 'e nij mei Qui-Gon, Obi-Wan en Anakin yn har sok. Hja binne oanwêzich as Padmé mei help fan Jar Jar in militêr bûnsgenoatskip foarmet mei de Gunganen. Wylst de Gunganen it yn in iepen fjildslach opnimme tsjin it androïdeleger fan 'e Hannelsfederaasje, bestoarmje Padmé en har meistanners, ûnder wa de beide Jedi, it keninklik paleis yn Theed, dêr't Anakin him by de piloaten jout om 'e striid oan te binen mei de romteskippen fan 'e blokkade, wylst Padmé en har gefolch it paleis feroverje en Gunray kriichsfinzen nimme.

Underwilens wurde Qui-Gon en Obi-Wan ôflaat troch de ferskining fan deselde Sith fan earder, dy't him no bekendmakket as Darth Maul. Nei in lang gefjocht mei ljochtsabels wurdt Qui-Gon troch syn fijân deadlik ferwûne, hoewol't de Sith neitiid sels midstwa houd wurdt troch Obi-Wan. Ear't er stjert, freget Qui-Gon mei syn lêste wurden oan Obi-Wan om 'e training fan Anakin ta Jedi op him te nimmen, en Obi-Wan ûnthjit dat er dat dwaan sil. Neitiid wurdt Qui-Gon kremearre yn it bywêzen fan alle Nabooaanske en Gungaanske lieders.

Yn Attack of the Clones

bewurkje seksje

Yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) hat Qui-Gon gjin rol, mar wol in koarte stimcameo as Yoda Qui-Gon syn stim troch de Krêft nei Anakin ta wjergalmjen heart, wylst Anakin in stamme Tusken-kapers ôfslachtet. Ek is der ek in stânbyld fan Qui-Gon te sjen yn 'e argiven fan 'e Jedi. De film yntrodusearret fierders it personaazje fan greve Dooku, Qui-Gon syn âlde master, dy't him ferliede litten hat ta de tsjustere kant fan de Krêft en in Sith-ridder wurden is.

Yn Revenge of the Sith

bewurkje seksje

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, spilet Qui-Gon alhiel gjin rol. Oan 'e ein fan 'e film wurdt lykwols suggerearre dat Qui-Gon leard hat hoe't er nei syn dea in geast yn 'e Krêft wurde koe, en dat er dy technyk oan Yoda trochdien hat. Dyselde jout dy kennis wer troch oan Obi-Wan, wat Obi-Wan yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) en Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) it fermogen jout om nei syn dea mei syn learling Luke Skywalker te kommunisearjen.

Yn The Clone Wars

bewurkje seksje

Yn 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) wurdt Qui-Gon ferskate kearen neamd. Hy ferskynt yn Overlords en Ghosts of Mortin, twa ôfleverings fan it trêde seizoen, as geast yn 'e Krêft om Obi-Wan, resp. Anakin te ynformearjen oer trije godlike wêzens dy't de Krêft ferpersoanlikje: de Heit, de Dochter en de Soan. Yn 'e ôflevering Voices, út it sechsde seizoen, sprekt er Yoda ta as in stim sûnder belicheming om him te learen hoe't er sels ek in geast yn 'e Krêft wurde kin.

Yn The Rise of Skywalker

bewurkje seksje

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), it trêde diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, is de stim fan Qui-Gon yn 'e mande mei de stimmen fan oare Jedi út it ferline te hearren as se Rey oanmoedigje yn har ûngelikense striid mei de út 'e dea opstiene keizer Palpatine.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

bewurkje seksje
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace Liam Neeson
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Liam Neeson

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono